Neikommen
Jant van der Weg
Oanfolling
Op myn artikel ‘Mindert, dat wie in dreamer...’ yn Trotwaer jiergong 1993, nûmer 4 soe ik noch graach in lytse oanfolling jaan. Yn 1986 skreau Jan Kooistra yn Hjir, oer Wijnstra syn boek Tante Ka en oare ferhalen. Dêrmei is myn opmerking oer de literêre blêden yn ferbân mei dat boek wat relativearre.
Kooistra jout yn dat artikel earst oan wat hy sels fan in berneboek ferwachtet: it moat eins spannend en humoristysk wêze, en it moat der fleurich en útnoegjend útsjen mei in knappe letter en goeie yllustraasjes.
Wijnstra syn boek foldocht aardich oan dy kritearia en docht Kooistra tinken, ek wat it uterlik oangiet, oan it wurk fan Guus Kuijer. Dat kin men as in komplimint opfetsje. Opbou en haadpersoan binne dan oan bar, wylst it boek net ûnder de kategory probleemboeken rekkene wurde kin; dêrmei wol Kooistra al wer in komplimint jaan. Nei noch wat opmerkings oer it brûken fan Nederlânsk yn it boek en oer it al of net brûken fan de term ‘famkesboek’ is de slotkonklúzje posityf.
Mei tank oan Jacobus Smink!