Trotwaer. Jaargang 26
(1994)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 32]
| |
Anne Wadman
| |
[pagina 33]
| |
lytsere stêden. Wat de skriuwer dêrfoar yn it plak stelt, is in lichtsjes dialektysk kleure Nederlâns, better faaks: Hollâns mei hjir en dêr in inkelde Fryske wize fan sizzen. Net-Frysk is bygelyks it brûken fan it foarsetsel ‘an’ foar ‘aan’ (Frysk ‘oan’). Ek dooien en verrajen (Frysk ‘deaden’, ferriede’), zogezeid, ereis, motte (foar ‘moeten’) en kenne (foar ‘kinne’) binne net-Fryske of skyn-Fryske foarmen. Wat men no ferwachtsje soe: dat de restanten fan Theun de Vries syn Fryske jeugdtaal benammen yn de dialogen bewarre bleaun wêze soene, giet foar in grut part op. Der moat ek fêststeld wurde, dat benammen yn de earste twa ‘Fryske’ romans de dialooch net oerfloedich is: se binne skreaun yn in brede, epise en ryk-beskriuwende styl, dêr't allinne it heech nedige yn ‘sein’ wurdt (in ding dat neffens de leginde fan alle lannen ta it fêste byld fan ‘de boer’ heart). Wol komme yn dy dialooch fan De Vries gauris letterlik út it Frysk yn it Nederlâns oersette útdrukkingen foar, lykas: och heden, geen goeien een, Wat moet dat? Waarvoor dat?, Wat nou? (= ‘Wat is der te rêden?’), Zo kan het wel, Het is je daar min naar de zin, Der komt ons een achterop, Krekt, Ga er eens heen, jù, Siemonsma en zulken, Moet heit niet nog wat? (‘ite’, ntl.), zin ‘aan’ iets hebben, Moeten de sigaren niet in de brand? Fanselssprekkend is ek it brûken fan famyljebeneamingen lykas heit, mem, pake, beppe, ek by oansprekkingen yn de tredde persoan. Ut âldere, ek net-Fryske dialekten bekende oansprekfoarmen lykas Tjalling-oom treft men ek sa no en dan oan. It hat, nei't my taliket, minder De Vries syn doel west de Fryske plattelânsminske op in beskate wize ‘boersk’ prate te litten as wol om harren taal wat fan aldendei, fan gewoanens mei te jaan. Yn de lettere ‘Fryske’ ferhalen dêr't de Wilt Tjaarda-syklus it wichtichste part fan útmakket, is dat sa bleaun. Wol is it sa, dat it ‘taalprobleem’ sels mar komselden eksplisyt oan 'e oarder komt. Yn it ferhaal ‘Foxherne’, dat yn Gasterlân spilet, komt in ‘onbekende’ op it aljemint ‘die geen Fries sprak maar Hollands’, sûnder dat soks fierder komplikaasjes jout. Yn De tegels van de haard narje de doarpsjonges harren gelearde maat ‘om de steedse en schoolse woorden die hij tussen zijn Fries mengde’. Yn Stiefmoeder Aarde utert in feestsprekker him yn in ‘breed Fries’ en oangeande it ferskil yn tongslach tusken Klaai- en Wâldfriezen wurdt sein: ‘Hun Fries klonk niet zo heerszuchtig als op de klei en onderdaniger, het Fries van mi en di, waarmee de kleiboeren de spot dreven’. Karel Zwets, de út Hollân ôfkomstige sosjalist, besiket Frysk te praten, mar hat dêr yn it begjin lijen mei en wurdt dêrom útlake en wantroud. Yn it ferhaal ‘Snoek’ (út De namen in de boom) fertelt in learling fan in doarpsskoalle, dat er fan de master it wurd pondemaat (Frysk ‘pûnsmiet’) net brûke mei, mar yn | |
[pagina 34]
| |
ares rekkenje moat - in lytse, mar fierder ûnbesprutsen bleaune ferwizing nei sokssawat as ‘taaldiskriminaasje’. Ek de foar in part buten Fryslân spyljende roman Het rad der fortuin ferwiist in inkelde kear nei taalskakearringen. | |
FrisismenNo is it fansels oppassen mei de beneaming ‘frisisme’. Yn it Frysk taaleigen is in soad bewarre bleaun dat òf út it Standert-Nederlâns yn 'e rin fan 'e tiid weirekke is òf allinne yn bepaalde streken fan it lân yn gebrûk is. De Nederlânse wurdboeken sprekke yn it earste gefal fan ‘vero(uderd)’, yn it twadde fan ‘gew(estelijk)’. Yn guon gefallen rekket sa'n foar typys-Frysk oansjoen wurd of útdrukking oan it Eastnederlâns (Grinslâns en Drints foaral), yn oare gefallen oan it Noardhollâns (dêr't in Frysk substraat oanwêzich achte wurde mei). Lykwols meie wy oannimme, dat de measte nei it Frysk skaaiende wurden en útdrukkingen yn de epise taal fan Theun de Vries yndied út ‘syn’ Frysk komme en net ûntliend binne oan syn kunde fan oare gewestlike talen. Ynsafier skromje ik net it wurd ‘frisismen’ te brûken. As foarbyld neam ik in yn de lettere ferhalen út de Wilt Tjaardasyklus faak foarkommende pleatslike oantsjutting as dobbe. By Van Dale komt dit wurd foar mei de tafoeging ‘gew.’ It Woordenboek der Nederlandse Taal presisearret dit as ‘in de noord. prov. nog in gebruik’. In oar foarbyld is tille (‘heech brechje’), dêr't it WNT fan seit: ‘thans hoofdz. bep. tot Fr. en NO.’ it Grinslâns ken it, toponymys alteast, as ‘til’). In minder ienfâldich foarbyld is it wurd gloeikop, dat Wilt Tjaarda, fanwegen syn read hier, as skelnamme tapart wurdt. It komt as sadanich yn de Fryske wurdboeken likemin foar as yn de Nederlânse. Mar by neier ynsjen docht bliken dat Theun de Vries it nei it Fryske ‘gleonkop’ oerset hat, en dat wurd treffe wy yn it Wurdboek fan de Fryske TaalGa naar eind5 oan as ‘Bijnaam voor iem. die felle ogen, fel rood haar heeft’ en as ‘schimpnaam voor de inwoners van Veenwouden’, De Vries syn berteplak! | |
‘uitgemergeld vlug klein lijf’Wat wy by Theun de Vries oan Fryske reminisinsjes tsjinkomme, leit wol meastepart op leksikaal terrein, dus op it mêd fan de wurdfoarried. Mar der binne ek in pear ferskynsels te sinjalearjen fan syntaktys of syntaktys-morfologys aard. Ien dêrfan is wat wol beneamd wurdt as it ‘possessieve lidwoord’Ga naar eind6. In Fries seit earder ‘Dominy sette de hoed op’ as ‘Dominy sette syn hoed op’. Dy foarkar yn it Frysk foar it lidwurd boppe it besitlik foarnamwurd by lichemsdielen, stikken klean en oare attributen, fine wy by | |
[pagina 35]
| |
De Vries werom. In mannich foarbylden út talleaze yn Stiefmoeder Aarde: ‘Wychman Wiarda balt de vuisten in de zak’, ‘verstrengelt [...] de handen op de rug’, ‘hij streek de grote hand door het haar’, ‘knikte een paar keer met het hoofd’, ‘knippert met de ogen’, ‘strijkt de [...] hand over de schedel’, ‘bijt op de lippen’, ‘draait de hoed in de hand’, ‘sloeg met de vuist op de knie’. In syntaktys-morfologys ferskynsel is de foarkar yn it Frysk foar it net-ferbûgde eigenskipswurd foar in it-wurd, as oan dat eigenskipswurd ‘it’, ‘dit’, ‘dat’ of in besitlik pronomen foarôf giet. Dizze konstruksje is net alhiel frjemd oan it Nederlâns, mar dat brûkt earder ‘ons grote feest’ as ‘ons groot feest’. It Frysk sil folle earder de koarte foarm brûke, benammen yn gefallen fan in spesifike semantise relaasje tusken adjektyf en substantyf. It Grinslâns hat dizze foarkar mei it Frysk mienGa naar eind7. De net-Frysktalige lêzer sil him by Theun de Vries faaks efkes fernuverje as er lêst ‘Het overmoedig jong gezicht van Obbe’, ‘zijn uitgemergeld vlug klein lijf’, ‘zijn verboeft uiterlijk’, ‘het krakend ledikant’, ‘het stekelig veldbed’, ‘zijn klein voorkamertje’, ‘het vreemd en vijandig gezicht’, ‘zijn taai lang lichaam’, ‘het gevlekt en levend gedierte’, ‘het opgezet gloeiend gezicht’ - ek allegear út Stiefmoeder Aarde. Itselde docht him sels foar yn De Vries syn essayistys wurk, dêr't men út soarte folle minder de spoaren fan de memmetaal ferwachtet: ‘Het koninklijkst instrument’, ‘het eenvoudig onveranderlijk biologisch feit’, ‘het geperverteerd, grof en vroegkapitalistisch Londen’, ‘het schriel en onbevredigend antwoord’, ‘het helder, beschouwend verstand’, ‘het waarlijk groot gehalte’ - allegear út Vox Humana, 1941. Yn it Frysk is ek bekend, it ta in ienheid wurden fan adjektiven lykas grut, lyts, jong, nij, mei in persoan-oantsjuttend substantyf. Fan dit soarte treft men yn it proaza fan De Vries oan: jongknecht(je) (‘lytsfeint’), nieuwboer (‘nijboer’), grootboer, jongboer, jongkerel (ek Grinslâns), oudvrijster. Mear as yn de beide hjirfoar neamde ferskynsels, it ‘possesive lidwurd’ en it net-ferbûgde adjektyf, sille wy hjirre te dwaan hawwe mei opsetlike, bewuste ferhollânsing. | |
IIFrysklânskiplikFierwei it meastepart fan de oan it Frysk relatearre taalferskynsels yn it epys proaza fan De Vries heart ta it suver leksikale. Yn it foarste plak binne dêr dan dy wurden dy't tsjutte op typys en soms eksklusyf Fryske saken en tastannen. Foar in part binne it wurden dy't mei de fermelding ‘gew.’ ek yn de Nederlânse wurdboeken ynboargere binne, lykas: grietenij, | |
[pagina 36]
| |
grietman, pondemaat, tjalk, schouw, tjasker, uilebord, stins, state, greide (Van Dale: ‘greid’, ‘greed’), stelphuizing(e), bollejagen, vermaning (Fr. ‘fermanje’) en lânskiplike oantsjuttingen lykas wouden, kleistreek, bouwstreek, greidhoek ensafh. (suver altyd sûnder haadletter skreaun), mei allerhande ôfliedingen dêrfan, lykas woudlanen, -wegen, -paden, -streken, -boeren. Op harsels steande gefallen binne winteravond-nocht (heale oersetting fan ‘winterjûnenocht’) en, tusken oanhellingstekens, de bastertfoarmen ‘uutvanhuus’, yn dialooch, ‘uutvanhuzersbed’. Hjirby slute har oan begripen út folks- en byleauwe, lykas: t(s)joenen, t(s)joenster, boezehappert, voortjirmerij, tjirmen (‘spoeken’). De grijzegrauwe is in moai wis oan it Fryske ‘âlde grouwe grize’ foar duvel ûntliendGa naar eind8. Typearjend is ek tjispelen (Frysk ‘tsjispelje’: it út 'e rige rinnen by in begraffenis, foarteken fan in nij stjergefal). Sa likernôch yn 'e selde ‘folkloristise’ sfear lizze de fan De Vries brûkte persoansoantsjuttingen as mieren (Ned. ‘hannekemaaiers’), blaaspoepen en fijndoekspoepen. Ut de fan him beskreaune stoffe wei is it fanselssprekkend, dat it benammen it boere- en plattelânslibben is dêr't de skriuwer troch it brûken fan streekwurden de nedige lokale kleur oanbringt. Typearjend dêrfoar binne bygelyks ek: hoekspinde, diggelkast, stelt (‘siervaas’), hardbakje, koperen aard, glop, grup, woonbok, jachtweide, ruikersgoed(je), bierpsalmen, dichtzet, kraak (yn tsjerkeGa naar eind9), angelstok, koe's eten (Fr. ‘koositen’), bollekorven, bolrinster, broggen, voorhelft (fan boerepleats, foarein), (geld)pongGa naar eind10, yester, mosterdstip, erfschap, schootjak, centerasie, zondagsbotsen. It binne net allegearre foarwerpsnammen, mar dúdlik is wol, dat it ‘foarwerplik tinken’, grûndearre op grutte kennis fan saken, by De Vries tige sterk ûntwikkele is. Dêrneist - en ek yn dat stik spylje jeugdoantinkens in wichtige rol - is der De Vries syn ‘lânskiplik tinken’, dat him uteret yn wurden as fen(ne), opvaart, achterweg, onderwal, buitenlanden, buitenveld, achterpaden, reed, mei byfoarmen as opreed, landreed, kronkelreed, doorreed; binnenlanden, binnenpad, buitenbuurt, dorpsbuurt, ieperen(laan), boomkronen, weidekampje, tille, hooghout, draaiGa naar eind11. De neamde wurden meie dan foar in part yn de grutte Van Dale foarkomme, se hawwe dochs soms by De Vries in tige spesifike, Frysklânskiplike bytoan. Yn it ferhaal ‘Het feest van het kind’Ga naar eind12 komme wy it wurd ees tsjin (Frysk ‘ies’, bou om in dorp hinne), dêr't de skriuwer yn in fuotnoat fan fermoedet dat it itselde betsjut as it Drintse es en it Hollânse meent. Der leit yndied in buorskip Ees noardwestlik fan Eestrum. Frij folle moetsje wy, ôfsjoen fan de letter te besprekken gearstallingen, frisistise omskriuwingen fan minsken, itsij yndividueel, itsij as groep: oege, loggerd, molferd, lammerd (dizze fjouwer net yn de Fryske wurdboeken), lefferd, vragenleerder, gardenier, inklauwer, postloper, | |
[pagina 37]
| |
stokkebaas, weduwvrouw, heidehippers en -schobbers, praters (‘visite’), bruggedraaier, skrepper, zwankebast, smjunt. Guon fan dizze foar in part ûngeunstich klinkende beneamingen komme foar yn direkt of yndirekt útsprutsen taal. Dat is ek it gefal mei de troch Van Dale as ‘gew.’ omskreaune foarm uitlopers (Fr. ‘útrinners’, Ned. ‘uitblinkers’), yn 'e mûle fan in Joadse Amsterdammer. It by De Vries gauris te sinjalearen wurd vrouwmens klinkt yn it Nederlâns ûngeunstiger as bywannear't it lykas hjirre brûkt wurdt yn in Fryske kontekst. Itselde mei wijf foar vrouw en beesten foar fee. Net-spesifyk Frysk is de útgong -se, lykas wy dy oantreffe yn kastleinse, meesterse, domineese (frou fan de ...). In mear Frysk-Grinslâns oansjen krije dizze foarmen as de útgong -ske is (domineeske, koetsierske, meesterske). Hjirby slute oan foarmen as Kleiker, Bildtker, Woudker. It út âldere Fryske boarnen bekende exteur (âlderwetse polysjemanGa naar eind13), brûkt yn in fergeliking, liket in gefal op himsels. Oant safier de substantiven. Wat de oan it Frysk ûntliende eigenskipswurden oanbelanget, sinjalearre ik: mansGa naar eind14, briek (breklik Hollâns yn in Fryske mûle), evenredig (yn 'e betsjutting fan ‘rêstich’, ‘lykmoedich’), een eptige tronie, nieuwachtig, oeremus, rij (Frysk foar: ‘verkwistend’). Nijsgjirrich is ek, yn in petear, it brûken fan weerbaar yn de Fryske betsjutting (‘warber’) fan aktyf, wurksum. Grinsgefallen binne: mankeliek en rimmetiekig, ek beide yn dialoochtaal brûkt. As ‘Fryskaardige’ bywurden notearre ik: algedurig(en), voortdaadlik, ordinaris (Fr. ‘ornaris’). Dizze trije komme wol yn it WNT foar, wat net it gefal is mei hommels en metkorten. Ek langer yn de betsjutting ‘de lêste tiid’ (‘het volk wil langer maar de baas spelen’Ga naar eind15) liket my suver Frysk taaleigen ta. Minder spesifyk is it yn sprutsen taal stereotipe vanzelf, dêr't it offisjele Nederlâns earder ‘natuurlijk’ brûkt. Oan ynterjeksjes notearre ik: Goeie (de groet), fij, fui, just, it ek yn net-Fryske ‘boeretaal’ frekwinte krekt (Frysk meastal ‘krekt’). Folle grutter is it tal ûntliende tiidwurden en tiidwurdlike útdrukkingen: (met iets) ompakken, in het spier zijn, iemand stekelen, dangelen (‘Waarom dangelen jullie hier zo lang op 't heem?’Ga naar eind16), bibberen als een lammetjesstaart, in het weer kijken, iemand het pad beletten, met iets voor het licht komen, rinneweren, struinjagen (met het bijbehorende nomen agentis struinders en de Friese persoonsvorm strún), iets of iemand baas kunnen (‘Een man die geen vrouw meer baas kan’Ga naar eind17), pimperen, het niet ruim hebben (‘yn 'e lytse loege sitte’), ketelschrabben (de oerbliuwsels fan in begraffenismiel behimmelje), skotse, kamer-op-gaan, tiepelen (spul, ek by Van Dale as ‘gew.’), overbeteren, het op voeten houden (krekt net falle), mal met iemand zijn, knipperen, kwatten (Fr. ‘kwatse’, ‘flybkje’), it ek yn it Grinslâns foarkommende aanrekommanderen. In twivelgefal is it frij frekwinte vernemen yn de suver | |
[pagina 38]
| |
sintúchlike betsjutting (‘hearre’), dy't it ek yn it Frysk hat. Nochal bizar klinkt yn Het rad der fortuin it tiidwurd boerken (Fr. ‘buorkje’) mei sels de doetiidsfoarm boerkte, dy't mooglik te ferklearjen is út eangst foar homonimy mei boerde: liet een boer.
Dit artikel wurdt fuortset yn it folgjende nûmer fan Trotwaer. | |
[pagina 39]
| |
|