en dat dat ek de reden is dat er op 't lêst by it bestjoer op 't matsje komme moat. Mar it is net bot oannimlik makke dat er dêrom ûntslein wurdt. As er daliks nei it earste haadstik foar de stêf komme moat, krijt er krityk op syn hâlden en dragen foar de learlingen oer. Foardat it petear mei It Bestjoer plakfynt oan 'e ein fan it boek, is der ûnderwilens al safolle bard, dat it de lêzer net oan wol dat dit earste petear him parten spile hat. Wat dan al, bliuwt ûndúdlik. Faaks woene se fan him ôf en hat syn kollega Wigle aardich wat ynfloed hân op syn reputaasje.
Dizze Wigle wurdt no krekt troch Reitsma as in freon beskôge. Wigle is de oare godstsjinstlearaar, mar hy wurdt sa drammerich en suertsje-achtich beskreaun, dat men Reitsma yn syn adoraasje al gau net mear folgje kin. Dêr komt dan ek noch by dat der fjouwer (en in heal) haadstikken skreaun binne út it perspektyf fan de fertrouwensman fan 'e skoalle - Kruinen - wei. De oare haadstikken binne (op in útsûndering nei fan alwittende en oare fertellers), beskreaun út it eachweid fan Reitsma wei, al is it dan al yn 'e ‘hij-foarm’. Wol in maklik foefke fansels, want sa kinne de personaazjes even ferantwurde ferklearre wurde troch in psycholooch. Wat de haadpersoan net witte kin (en troch it personale perspektyf wit de lêzer inkeld Teade Reitsma's gedachten en waarnimmingen), wurdt de lêzer troch it ik-perspektyf fan Kruinen gewaar. (Sa is Wigle absolút net solidêr foar Teade oer, mar dat wit de lêste net en sa wurde tragikomyske sitewaasjes yn 'e hân wurke.)
It foardiel fan it perspektyf fan Kruinen is dat der in wat oar ljocht op de personaazjes falt. Sa is de miening fan Kruinen oer Teade wol funksjoneel. Want in betingst by it skriuwen út ien perspektyf wei is, dat dat dan al boeiend bliuwe moat. Mei allinnich Teade Reitsma as waarnimmer, tinker en ferteller wie it ferfelend wurden. En net yn it lêste plak, omdat Reitsma yn feite in ûnynteressant personaazje is, dy't de saken net gau genôch hat, alteast net sa gau as de lêzer.
De freonskip fan Wigle en Teade is ien fan 'e wichtichste tema's fan dit boek. Oan 'e ein fan it ferhaal wit Teade ek dat er mei Wigle mar net fierder moat. Dat er it noch sa lang úthâlden hat, moat in teken fan syn iensumens wêze. (Dat hie psycholooch Kruinen nammers ek al opmurken.)
In oar tema sil de korrupsje fan de stêf en it Algemien Bestjoer fan in kristlike skoallemienskip wêze. Der wurdt teminsten faak fersuchte: ‘En dat op in skoalle dy't har kristlik neamt’. It is altyd maklik ‘skoaren’ as in auteur immen in lang heechdravend gebed opsizze lit en tagelyk oantoane wol dat dy persoan as mins net doocht: ‘In man fan macht ynstee fan gesach. In man dy't alder-