te ferklearjen troch de funksje dy't beide auteurs ha: de iene as resinsint fan byldzjende keunst en de oare as dichter. De ynfalshoeke dy't keazen wurdt, spilet in wichtige rol by de ynterpretaasje fan in keunstwurk en beynfloedet dêrtroch it meitsjen fan in keunstwurk nei oanlieding derfan.
Van Toorn wiist mei rjocht op it feit dat de dichter dy't him ynspirearje lit troch it wurk fan in byldzjend keunstner - of sa't men wol: in keunstner dy't him ynspirearje lit troch it wurk fan in oare keunstner - gebrûk makket fan it each, de hân fan immen oars. Dat ‘each’ hat op in beskate manier ynfloed op de foarm en de ynhâld fan it nije keunstwurk. Op gjin oare wize kin de konfrontaasje wat nijs opleverje.
Yn in nije rubryk fan Trotwaer freegje wy skriuwers om te reagearjen op it wurk fan byldzjend keunstners en byldzjend keunstners om te reagearjen op it wurk fan skriuwers. Wy hoopje dat sy troch it ‘each fan in oar’ op nije ideeën komme dy't dêrnei oaren wer ynspirearje kinne. Utgongspunt foar de earste keunstners is it wurk De keisnijding (De genezing der Dwaasheid) fan Jeroen Bosch. It wurk waard skildere tusken 1475 en 1480 en hinget yn it Prado yn Madrid. It lit sjen hoe't in man mei in trachter op 'e holle in oare man operearret. De trachter, it symboal fan wiisheid, is op de holle fan de sjirurgyn plante. Hy is dwaande om de stien fan 'e dwaasheid wei te heljen. It blomke dat út syn holle komt, stiet foar jild en mei de tas en de dolk ferwiist it nei de aard fan de behanneling: it doel fan de operaasje is net dat de pasjint better wurdt, mar it jild dat de sjirurgyn deroan fertsjinnet. Oer it algemien wurdt derfan útgien dat de sêne in warskôging ynhâldt tsjin kwaksalverij. It skilderij fan Bosch siket oansluting by de klucht, dy't yn dy tiid populêr wie. De tekst om it skilderij hinne ‘Meester snyt die keye ras, meine name is Lubbert Das’ ferwiist dêrnei.
Neist dy ynterpretaasje besteane der oare dy't nochal kontroversjeel binne. De opfallendste dêrfan is dat Bosch lid wie fan in ketterske sekte. De foarstelling soe in byld jaan fan in rituele besnijenis. De blom soe dan it symboal foar kastraasje wêze.
In wurk as dit liket mar in bytsje te krijen te hawwen mei ús tiid. Dat tiid net in argumint hoecht te wêzen om jin dêrtroch ynspirearje te litten, bewiist ûnder oaren Eeltsje Hettinga. Yn nûmer 2/1993 kin men in gedicht lêze dat skreaun is nei oanlieding fan in skilderij fan Breughel, foar wa't Jeroen Bosch in wichtich foargonger wie. In oar foarbyld fan in aktuele ynterpretaasje fan âldere keunst wie de foarstelling fan Abele Spelen troch Het Zuidelijk Toneel yn de nije oersetting fan Gerrit Komrij, ûnder regy fan Dora van der Groen dy't ik it ofrûne jier seach. Dat dizze wurken noch altiten as ynspiraasje-