Trotwaer. Jaargang 26
(1994)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 20]
| |
[pagina 21]
| |
MisbegrypHy woe har sa graach sizze
hoe leaf at er har hie,
dat der gjin wurd mear wie
om it mei út te lizzen.
En doe't er net mear spruts
wist sy genôch: de dreamer
bleau efter yn 'e keamer,
allinne en de tiid ferstruts.
Kin net mear prate, wit
net wa't er is en hoe't er hjit,
kin net mear rinne, stjonkt, stjit
frjemde lûden út, sit wêr't er sit.
|
|