skreaun, mar rekket wol ris wat fan it spoar. Petersen beljochtet it tiidrek oant it freedsum útinoarfallen fan it Eastblok. Syn hope is dat de minsken op in dei yn frede en sûnder oarloch meiinoar libje sille.
Idiomatysk geef Frysk fynt men, sa't men ferwachtsje koe, by âldere skriuwers lykas Carsten Jappsen. Yn dy syn weromtinken oan de Russyske kriichsfinzenskip - ‘Wat deer sü aw huum tuköm’ (‘Wat der sa op jins wei komt’, s. 134-140) - fynt men gjin bitterheid.
De measte oare priiswinners en alle oaren hawwe literêr net folle te betsjutten. Dat wol net sizze dat har wurk sûnder belang wêze soe. Ek mank dy bydragen binne nijsgjirrige en slagge stikjes te finen. Lykwols binne der ek in stikmennich ferhalen, dy't wrychtich allinnich beskriuwing binne sûnder hanneling. Njonken in protte ûnskuldige, smûke ferhalen binne der ek twiveleftige idealisearringen fan it Frysk oant en mei ferhearliking.
In ferrassing wie dat de al bekende Noardfryske skriuwer Ingwer E. Nommensen bydragen ynstjoerd hat, dy't fierhinne ûnder syn earder nivo leinen. Men soe suver tinke dat er it mei opsetsin dien hat, om't er oars grif ien fan de gadingmakkers foar de earste priis west hie.
It is typysk foar it Noardfrysk, dat in protte ferhalen har dwaande hâlde mei femyljeskiednis of ferhalen út de femyljesfear. Noardfrysk is tsjintwurdich hast allinnich noch femyljetaal en in petear oer femyljeoangelegenheden is in typysk Noardfryske gesprekssitewaasje. It is ek typysk dat guon bydragen besteane út anekdoaten oer ûnfoldwaande kennis fan Friezen fan it Leech- en Heechdútsk, bygelyks Hilke Brodersen har ‘Preestertün’ (s. 113) en Elke Roelofs har ‘Rootenalarem’ (s. 120-121). Benammen de âldere generaasje hat noch faak de stigmatisearring fan it Frysk meimakke. In soad leararen en âlden wienen fan betinken dat lju dy't Frysk praten, fansels in minne taalbehearsking fan it Dútsk hienen.
De útjefte fan de bondel Skriiw fresk is net min besoarge. Der binne mar in bytsje printflaters, de besoargers hawwe war dien op de yllustraasjes by guon bydragen, mar benammen taalkundich is it boek tige krekt neisjoen. Staveringsflaters sil men yn de teksten suver omdoch sykje, wat út it eachweid fan taalbefoardering wei tige te priizgjen is. Dat it boek pas nei trije jier ferskynd is, is lykwols in te hege priis foar de taalkundige krektens.
Njonken it oantrunen fan nije skriuwers soe men yn de takomst ek oare mooglikheden besykje moatte om in goede Noardfryske literatuer te ûntwikkeljen. Sa is der de mooglikheid om in hiele rige âlde, oant no ta netprinte hânskriften te publisearjen. Wa't de Noardfryske bibliografy fan Anke Joldrich-