er dat se in oare jas oan hie, in rôzenien, dêrom hie er har fansels net daliks sjoen.
Sij stiek nei him oer. Sûnder op of om te sjen, fansels, mar hij sei der mar neat oer. Se sei te fáák: ‘Bist krekt ús heit.’
‘Hai,’ sei se laitsjend en stapte hielendal fan 'e fyts ôf.
‘Hoi.’ sei er. ‘Is dit tafal?’
‘Dat do en ik inoar op dizze brêge treffe, is tafal.’
Se stie no neist de fyts en line mei de rêch en beide earmtakken op 'e leuning fan 'e brêge. Hy wie net fan doel en stap ek ôf. Alida wachte mei 't iten. Stomgenôch hied er har krekt skille foar't er ôfstutsen wie út it ateljee.
‘Hoegdest net te skilderjen mei dit sierlike waar?’
Se dikere it kanaal oer. It hier waaide alle kanten op. As se skildere, wie 't yn in sturt. Hiel no en dan yn in knoetsje.
‘Nee,’ sei se en seach him oan, ‘Sok waar skuort my altyd de stêd út. Ik haw der fannemoarn eventsjes west. Mar it woe net. Do wiest oars ek net op dines...’
‘Kloppet, ik wie wat letter. Justerjûn wie 't let wurden. Mar fannemiddei haw 'k der de hiele tiid west. Ik hie dij der dus ek ferwachte. Dizze kleuren yn 'e hjerst...’, en hy rikte mei de earm dy kant fan it kanaal oer dêr't sij op útseach en nei de greiden dy't tusken it wetter en it doarp leine.
‘Sjoch dy sinne no ris ûndergean, dy sleatten dy't earst oranje, dan stadich read, readpears wurde, fanke... as ik skilderje koe.., dan pakte ik dit allegearre mei.’
Se glimke en seach as fannijs de brêge en it kanaal derachter wer oer.
‘Ik ûnthâld se wol, dy kleuren. Ik sil se brûke. Ik gean hjir wei.’ It kaam der wat nuver achteroan, mar hy wie allang bliid. Fiif menuten letter wie neat frjemds oan. De brêge koe altyd brûkt wurde foar oars net te ferantwurdzjen tiid.
It waard skrousk, no, hy koe de moffen wol oan dwaan. Wylst er yn 'e fytstas socht, sei er: ‘Ja, leave, we moatte hjir net te lang stean bliuwe, it wurdt ek te kâld foar dij, yn dat jaske. Hast in nijen?’
‘Ik bedoel,.. ik gean hjir echt wei.’
Wat bedoelde se? En wêrom moast dat nò op it aljemint brocht wurde?
‘Wêr silst hinne?’
‘Nei Spanje.’
Oft se it krekt betocht hie, sa triomfearjend seach se derachteroan.
‘Wêrom?’
‘Wêrom net?’
‘Hast in oar?’
Se reagearre mei in leechachtsjend ‘Ch..’ wat se wol faker die de lêste tiid as er wat sei wat neffens har ‘absolút net koe’.
‘Is it om mij?’ frege er dochs fierder. ‘It is dochs net om Alida en my...? Jeannette, ik haw dy dochs... Do witstest dochs fan it