Trotwaer. Jaargang 26(1994)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 6] [p. 6] D.A. Tamminga Bist âld en griis... Bist âld en griis en sitst yn dûze wei by 't jûnich fjoer, nim fan it rim dit boek en lês it sêft en dream hoe myld, hoe tûk dyn eachweid wie, hoe djip it skaad dêrnei. Hoefolle skonkst by riten net fermeits, hoe gongst foar tsjep, wier miend of flaaierij. Dôch ien hie leaf de pylgrim djip yn dij, witst fan dyn leed, dyn minderjende laits. En weidûkt sittend by 't oanglimmend hout bemimerst mompeljend hoe't Leafde teach it berchlân oer en weiwaard út dyn each en burch har antlit mank it stjerregoud. William Butler Yeats (1865-1939) When you are old [pagina 7] [p. 7] De albatros It bart wol dat op see it skipsfolk him fermakket mei albatrossen, dy't har folgje wiid en siid. Soms fange se sa'n mânske en breedbewjukke rakkert tewyl it skip krankyl oer wetters djipten gliidt. Sa gau net saait ien del op 't dek en lit him gripe, of hy, de prins fan 't swurk, lit as beskamme en lomp syn lange wite wjukken, sykjende om stipe, as wiene it wrakke riemmen slepe lâns de romp. Nea rekket om it dier har spotsucht yn 't bedarjen! Hóé prachtich yn 'e flecht, in spoek is 't géándewei! De ien begjint mei piipreek him omraak te narjen, de oare hinkelpinket en baut sa de lijer nei! De Dichter, net wanlyk dy foarst fan heger sfearen, belaket eltse twang as hertsfreon fan de orkaan, mar nei de grûn ferwiisd, dêr't rap en rút ferkeare, kin hy troch reuzewjukken amper him ûntjaan. Charles Baudelaire (1821-1867) L'albatros [pagina 8] [p. 8] De siel fan wyn De siel fan wyn song op in jûntyd yn 'e flessen: 'O minsk, misdielde freon, foar dij is 't my in nocht fanút myn glêzen sel, optoaid mei reade tressen, in lofsang oan te gean fol mienskipssin en ljocht! Ik wit hoefolle lêst op gleone heuvelflanken it nimt oan soarch en swit yn simmers brânend hyt om my de siel te jaan en smeits fan toverdranken, mar 'k wol my net misgean oan ûntank noch oan wryt, want sink ik yn it kielsgat fan in wurge bodder, dan fiel ik by sa'n fal in oerfloed oan geniet en giet dat noflik grêf my boppe stof en modder fan kille kelders, dêr't ik tiden finzen siet. Hearsto sa sneins om my gjin fleur fan sjongen klinken en slacht as blyk fan hoop dan net myn klokjend hert? De earmen bleat op tafels, sa silsto my drinke, tefreden priuwe en stekke oer my de loftrompet. [pagina 9] [p. 9] It eachweid fan dyn wiif wol djipper gloede krije, dyn soan, dy teare telch, jou ik wer kleur en ang. 't Sil him yn libbens wrakselperk te'n goede dije as ik syn spieren smar lyk in atleet fan rang. Myn fal yn dij is ambrosyn sa't goaden kenne, fan d' iiv'ge Siedder stoart as sied fan heger steat, dat út ús pearing wurdt de eab'le Dichtkeunst berne, dy't as in wûnderblom nei God him iepenteart!’ Charles Baudelaire (1821-1867) L'âme du vin Vorige Volgende