Fan 'e redaksje
Mei yngong fan it earste nûmer fan 'e folgjende 25 jier fan Trotwaer, is Sybren Sybrandy út 'e redaksje gien.
Doe't hy der yn 1983 yn kaam as bestjoerslid fan 'e Koperative Utjowerij, wie it syn doel en bliuw in koart skoft. De ûnderwilens ferneamde (sjoch it jubileumnûmer) reboeljegearkomste hie krekt west en it is goed yn te tinken dat in rêstich man as Sybren foar in lykwichtige sitewaasje en in harmonieuze sfear yn 'e redaksje soarge hat. Mei Jelle Krol hat er jierren lang de ‘hurde kearn’ fan Trotwaer foarme, wylst oaren kamen en gyngen.
Alhoewol't Sybren net frisist mar klassikus is en hy ek net troch syn wurk op ien of oare wize oan Fryslân bûn is, hat hy him fan syn studintetiid ôf tige aktyf ynsetten foar Fryske saken op allerhande mêd. Hy skreau syn koarte kritiken mei kennis fan saken en faak mei it each op de realiteit dêr't it besprutsen wurk yn ferskynd wie: hy hie weet fan wat der by útjouwerijen geande wie. Earst by de KU en sûnt twa jier by Utjouwerij Fryslân, sit er yn bestjoeren en lêskommisjes.
Redaksjegearkomsten mei Sybren wiene hast altyd slagge. Mei syn rêst, relativearringsfermogen en fral humor waarden de slimste misstannen yn it Fryske letterenlân besljochte en koe men der ynstee fan jin der oer op te winen, om gnize. Dat sille we misse.