de roddelblêden en ek de dwerse stikjes fan De Groot, want neifreegje hoe't it no echt sit, makket de nijswearde in stik leger. Wêrom stiet der yn de krantebesprekken oer de Fryske literêre tydskriften noait in serieus oardiel oer de kwaliteit fan it publisearre wurk ynstee fan in opsomming oer de ynhâld? Sûnt wannear hat it kwaliteitskritearium plak makke foar it sensaasjekritearium? Yn alle gefallen is dat noch net by de redaksje fan Trotwaer bard.
Fernijend dwaande wêze wolle, is in yllúzje, in erfstik fan de tiid dêr't de âldere generaasje yn opbrocht is. De ‘angry young men’ fan '69 binne ûnderwilens pake wurden, mar it Fryske establishment hawwe se noch aardich ûnder kontrôle. Se sitte yn bestjoeren, útjouwerijen, de parse en de subsydzje-ynstânsjes. Wat mear petten, wat better. As der harren eat net noasket, hawwe hja de mooglikheid om har eigen noarmen op te lizzen: de noarm fan wat hja fernijend fine, fan de sensaasje en fan de plicht om tabûs te ferbrekken. Om't hja wol sa wiis binne om op har plak sitten te bliuwen, kriget men yn 'e media gjin oar lûd te hearren as de rop om fernijing en sensaasje. Ut de praktyk hat wol bliken dien dat in oar lûd daliks yn 'e kiel smoard wurdt. Wurdt ien fan de âldere generaasje net opnommen yn in wichtige sammelbondel en útmakke foar folksskriuwer, dan rekket de hiele âlde garde daliks op ien ein om it foar him op te nimmen. Der bart neat nijs ûnder de sinne! De âldere generaasje ken it lûd fan de nije generaasje net werom. Eartiids wie der in boadskip te ferkundigjen, no is it boadskip dat der gjin boadskip is.
Trotwaer giet yn 'e tiid mei. Ek no is der plak foar eksperimint en fernijing, mar oars as yn 'e jierren '60 en '70. Oft wy ‘postmodern’ binne, witte wy net; manifesten binne der net en wolle wy ús net op fêstlizze. De diskusje yn it proaza en de poëzij fan hjoeddedei is feroare. Der wurdt eksperimintearre mei de rol fan de ferteller, fan it personaazje en syn bewustwêzen, de taal, de wize wêrop't de lêzer teksten lêst, de ferhâlding fan fiksje en ‘werklikheid’, de ferwurking fan tradisjonele sjenres. Oer soksoarte fan items kin diskusjearre wurde en ynhâldlike bydragen ta dy diskusje binne by de redaksje fan herten wolkom, fan it Produksjefûns, konkurrearjende tydskriften, ús lêzers en ek fan de pakes.
Mei gjalpen fan ûnwennigens nei de jierren '60 en '70 wurdt subsydzjejouwers op in domme manier de bal taspile. It Hollânsk hofke docht in foarset en de Friezen koppe direkt yn eigen doel. It giet de subsydzjejouwers nammentlik net om in kwaliteitsbeoardieling fan de tydskriften op basis fan literêre arguminten, mar om in besuniging. Mei rjocht skriuwt Smink dat it om ‘wat