Trotwaer. Jaargang 19(1987)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 165] [p. 165] Lesya Ukrainka (1871-1913) Hope De frijdom is gien, al myn lok yn 'e wrâld, Inkeld hope is my bleaun, jout my treast noch en hâld. De hope nei d' âld Ukraïne te tsjen Mei longerjend each oer syn fjilden te sjen. Mei longerjend each oan d' âld Dnjepr te stean, Dêr 't libben te libjen of ûnder te gean. De grêfhichten sjen en de steppe, myn gea, Werfine de tinzen, de dreamen fan ea. De frijdom is gien, al myn lok yn 'e wrâld, Inkeld hope is my bleaun, jout my treast noch en hâld. (Marten Sikkema) Vorige Volgende