Tsien fersen út de Oekraïne
Professor Yury Zhluktenko, dy't oan de universiteit fan Kiev (U.S.S.R.) Ingelsk en... Frysk dosearret, stiet fan bekend dat er niget hat oan it oersetten fan literêr wurk út it Frysk yn it Oekraynsk. Dat oersetten docht er dan gauris yn 'e mande mei oaren, benammen mei syn dochter Natalja. Wy binne yn Fryslân net ûnkundich bleaun fan prof. Zhluktenko syn warberens op dit mêd. Benammen syn oersetting fan Rink van der Velde syn roman ‘De fûke’ yn 1983 hat hjir noch al wat yndruk makke. Sa tydlingswei hawwe Zhluktenko-en-har ek Fryske lyryk yn Oekraynske fertaling publisearre en ek dêrfan hat er bewiis en bliken fan nei Fryslân stjoerd. Gjin niget nammers, dat hja yn Kiev wolris op in lyts wjerwurd tidigen.
Prof. Zhluktenko hie leafst, dat der ek ris in rychje eigentiidske Oekraynske fersen yn it Frysk oerset en publisearre wurde soene. Dêrta die er, yn de rin fan 1985, in berop op 'e earste ûnderskreaune dy't yn de ôfrûne tiid wol faker as midsman tusken Ljouwert/Grins en Kiev fungearje koe. Om it de Fryske fertalers in spe wat makliker te meitsjen, stjoerde prof. Zhluktenko ús in rige Oekraynske fersen ta mei dêrby in wurdlike fertaling yn it Ingelsk en fierders mei de nedige oanwizings oangeande metrum en rymskema. It wurd en de died wiene doe oan de Friezen. Der hat doe in oprop stien yn de Ljouwerter Krante om mooglike meiwurkers oan dit beskieden oersetprojekt. Dat is net alhiel sûnder fertuten bleaun op sa'n foet, dat wy by dizzen de lêzers in tsiental almeast kontemporêne fersen foarlizze dy't út it Oekraynsk oerset binne troch fjouwer ûnderskate fertalers. Der hawwe har wol mear oersetters oppenearre, mar it resultaat fan harren besykjen wie net sadanich, dat it nei ús betinken publikabel achte wurde mocht. As wy fan ien ding oertsjûge rekke binne dan wol hjirfan, dat it min of mear adekwaat oerbringen fan poëzy út in ús sa folslein ûnbekende taal en in stikhinne folslein frjemd ‘klimaat’ in heikerwei is. Dêrom ús tank oan elkenien dy't it yn elk gefal besykje woe! Wy binne de earsten om ta te jaan dat der op grûn fan dit lyts tal oersettingen gjin inkelde houtsnijende algemiene opmerking te meitsjen falt oer de Oekraynske poëzy fan hjoeddedei. Wat wy hjir àl neame wolle, is dat it iene net-kontemporêne gedicht dat hjir yn oersetting oanbean wurdt, ‘Hope’ fan Lesya Ukrainka, in klassyk wurk út de Oekraynske literatuer neamd wurde mei. It is makke yn 1880, doe't de skriuwster noch mar njoggen jier âld wie. Oanlieding wie de deportaasje nei
Sibearje fan in muoike fan har, dy't oan de Oekraynske frijheidsstriid fan dy jierren dielnommen hie. As de lêzers alteast yn guon fan de njoggen oare hjirefter folgjende oersettingen hoe dan ek wat herkenne, dan ha wy ús doel al berikt.
Oebele Vries / Freark Dam