Trotwaer. Jaargang 19(1987)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 166] [p. 166] Ivan Drach (berne 1936) Ballade jan in sinneblom De sinneblom hie earms en skonken, Syn romp wie stribbich en grien. Hy en de wyn wyldjagen om 't hurdste. Hy klom yn in fruchtbeam en makke de parren soldaat, Baaide yn 'e mole-ier, joech him del yn it sân En skeat mei syn kattepûl op 'e mosken. Hy swonk yn it rûn op ien skonk Om syn earen fol wetter te leegjen. En hui, dêr fernaam er de sinne, Sy ynmoai en rossich ferbaarnd, Syn boartlik krol hier wie fan goud! De sinne wie klaaid yn it read En strûsde op in rydwiele By de wolkens lâns troch de loft. En hy woart'le sûnt jierren en ieuwen Yn lûdleaze gouden grûn-ieren. - Stean my ek in omgong ta, heite!! Nim oars my mar mei op 'e stange. Nee, heite, fergun my dat net! O sjongfaam, myn poarperen sinne, Aloan sille guon lytse strobben Untdekke dij foar harsels En in sinneblom wurde foar jimmer. (D.A. Tamminga) [pagina 167] [p. 167] Jûntaferiel Lyts boaike sit op in foech heuvel, Hy lit weidzje de jûn troch de gerzen, Slacht stjerren los út syn swipe en floitet Wylst de jûntiid slûksturtsjende omgiet. Dêr komt myn leafste al dûnsjende oan. Hja bringt my har lippen, fammich en fris, Hja bringt my har boarsten, suver en pril, Hja bringt my har blijreade famkeslea Yn it sêfte satyn fan har ynblauwe jûpe. It hert fan myn leafste fljocht op my ta. Hui, do lytse man op dyn flieterp, Swaai heger en heger dyn swipe, Dat myn leafste net lang hoecht te wachtsjen. (D.A. Tamminga) [pagina 168] [p. 168] Brief fan in jongfaam Nee, ik wie nea net bang fan reinen, Want dan sloech ik myn blauwe skeldoek om En ik wachte op dij mank de bjirken. Ast it leauwe wolste of net. Yn myn kaper burch ik de reinbôge. En ik wie dan alhiel net lilk op dij, Of in kromke miskien wol, in bytsje. Ast it leauwe wolste of net. Mem hie noed, ik soe dêr kjeld skypje, Twong my thee oan, mei sinne bemongen. Mar ik kipe temûk troch it finster. Ast it leauwe wolste of net. Foar dij ha 'k in frânsk fers ornearre. Heit ûnthelle ús op de wettermeloenen. 't Paad nei uzes is droech al en geanber. Ast it leauwe... Mar leau it dan dochs in kear! (D.A. Tamminga) Vorige Volgende