Samle fersen (= Verzamelde gedichten)
(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 356]
| |
Ja, alle libben mei.
Hja litte jeugd en minne
Hinne rinne.
Mar yn dat ivich stjerren
Bliuwt soms wat libben oer,
Dat net is te bedjerren
Troch tiids wyld-skerpe kloer;
Dat net is te bedjerren,
Te ferdjerren.
Sa bleau dan ek myn namme,
Hoefolle 'r mocht fergean,
Allyk in griene stamme
Yn keale bosken stean,
Allyk in griene stamme
Stiet dy namme.
Mar hy wie ek fertige,
Hy soe syn ein fûn ha,
Hie hy nin helpe krige
Fan Justus Halbertsma;
Hie hy nin helpe krige,
Fiks en tige.
Ut âlde grize skriften
Het hy myn libben socht;
Troch sneupen en troch skiften
Brocht hy my nij oan 't ljocht;
Hy wist se wol te skiften,
D' âlde skriften.
Lok my! hjir bloeit de stamme
Fan Justus Halbertsma;
Ik bring syn eale namme
Myn tank yn sangen ta.
Hoe barnt myn herteflamme
Foar dy namme!
| |
[pagina 357]
| |
Meie ivich krêftich bloeie
De stamme Halbertsma,
Aloan yn woltier groeie,
Heech oan 'e wolken ta;
Aloan yn woltier groeie,
Groeie en bloeie!
|
|