| |
| |
| |
Noaten en oantekeningen
N.B. ferwizingen nei tydskriften ensfh. binne te lêzen yn relaasje mei de opjefte fan it âldste fynplak yn de list by de ynhâldsopjefte (s. 452, 453). De sitaten binne omstavere.
s. 41, De stjerren
net-datearre hânskrift op it FLMD; ûndertekene mei P. Troelstra; op grûn fan styl, ûndertekening en brûkte papiersoarte as in ier fers beskôge. Sjoch Leeuwarder Courant, 3.6.1972 (S.J. v.d. Molen). Yn in brief oan L. Wagenaar d.d. 13.8.1880 (IISG) wurdt de titel al neamd, mar dat kin ek slaan op it fers op s. 130.
s. 41, It bern
net-datearre hânskrift op it FLMD; ûndertekene mei Pieter Troelstra. Yn For Hûs en Hiem stiet der 1880 ûnder. De definitive tekst yn Rispinge wykt gâns ôf fan de tekst yn hânskrift. Sjoch ek brief oan L. Wagenaar d.d. 13.8.1880 en brief oan J.J.A. Goeverneur d.d. 19.7.1880 (IISG).
s. 42, Seesankje
yn Forjit my net titele ‘Op sé’; ûndertekene mei Pieter Troelstra. Ek yn Nij Frysk Lieteboek (fierder oanhelle as NFL) I, 130 en II, 148 mei de titel ‘Sésankje’.
s. 44, De âlde toer
fan dit fers berêste 2 hânskriften op it FLMD; it iene is ûndertekene mei Pieter Troelstra, ûnder it oare stiet L. Maart 1880 P. Troelstra. Sjoch ek It Beaken, 1957, 62 (dr. Y. Poortinga).
s. 45, Soks docht in echt Frysk famke net
pseudonym Eelke; ‘Oan de skriuwer fan “In Houliksoanfraech”, in toanielstikje dat te Ljouwert opfierd is de le maart 1880.’ De skriuwer fan ‘In Houliksoanfraech’ S.H. Hylkema reagearre ûnder pseudonym Japik mei it fers ‘Soks docht in echt Frysk famke jit’ yn Friesch Volksblad 28.3.1880:
Oan Eelke
Wat fammen oait har sedichheid ferjitte,
En frjemde feinten by har komme litte;
En oeren lang har dan besobje litt'
Soks docht in echt frysk famke jit.
In echtfrysk famke is skruten en is dimmen,
Mar fynt net gek in feint yn hûs te nimmen:
Hja lit har patsje fan in feint dy hert
En sin op oaren en sels op har spylfaam set.
In echtfrysk famke is sedich fan menearen,
It past in Fries har skruten aard te earen.
Wêrom wurdt op 't toaniel gjin sobjend pearke set?
Soks docht in echtfrysk famke jit.
De diskusje is yn it Friesch Volksblad fan 30.5.1880, 6.6.1880 en 13.6.1880
| |
| |
noch fuortset. Sjoch foar it oplossen fan it pseudonym Eelke in brief fan Waling Dykstra oan Trui Jentink fan 14.5.1880 (P.B. Hs. 16). Ek D. Kalma, De Fryske skriftekennisse fen 1876-1897, s. 22 en It Heitelân, 1946, 135 (C. Ellerbroek).
s. 46, Merke
hânskrift op it FLMD datearre op juny 1880; ûndertekene mei Pieter Jelles; yn It Jonge Fryslân ûndertekene mei P.J. Troelstra en datearre op foarjiersmoanne, 1880. Neamd yn brief oan L. Wagenaar d.d. 13.8.1880 (IISG).
s. 48, Myn broerke
bernesankje, wize: Der Wirthin Töchterlein; yn Friesch Volksblad ûndertekene mei Pieter Jelles (Ljouwert). Sjoch G.A. Wumkes, Paden fen Fryslân (fierder oanhelle as Paden) II, 371. Ek neamd yn in brief oan L. Wagenaar d.d. 13.8.1880 (IISG).
s. 48, Jan en Foekje
bernesankje; yn Friesch Volksblad ûndertekene mei Pieter Jelles (Ljouwert).
s. 49, Fryslân boppe!
wize: Eastenryks Folksliet; yn Friesch Volksblad ûndertekene mei Pieter Jelles (Ljouwert); sjoch ek It Heitelân, 1946, 134 (C. Ellerbroek).
s. 50, Us âlde bles
wize: Brüder Straubinger; yn Friesch Volksblad ûndertekene mei Pieter Jelles (Ljouwert); ek yn For Hûs en Hiem, 1889, 50. Yn de foarste rigel is ‘mannich prizen’ troch redaksje Samle Fersen feroare yn ‘mannich priis al’.
s. 51, Bernelibben
wize: Yn it lytse doarp Terkaple; yn Friesch Volksblad ûndertekene mei Pieter Jelles (Ljouwert).
s. 52, Oan skipper Sierk
út it proazastik ‘Wylde hierren’; datselde fers joech de dichter ûnder de titel ‘Oan skipper Wybe fen Ljouwert’ yn 1880 oan syn freon Wybe Buma; sjoch De Tsjerne, 1952, 16 (A. van der Minne-Buma).
s. 55, Oan Thys en Tryntsje v.d. Berg
yn Friesch Volksblad ûndertekene mei P.J. Troelstra; sjoch ek It Heitelân, 1946, 135 (C. Ellerbroek). T.G. v.d. Meulen skreau yn Friesch Volksblad, 6.2.1881:
‘Oan myn stalke P.J. Troelstra op syn earerym oan de hurdrider Thys
van den Berg en syn suster.
Ei soa, dan sill' de “Van den Bergen”
It grut Walhalla binnengean,
En dêre njonken Fryslâns skalden
Foar ivich yn 'e gloarje stean?
Wa hie dat tocht of tinke doaren,
Dat me dy timpel, sa beromd,
Allinne net troch geast en holle,
Mar ek op redens binnenkomt!
Jins freon T.G. v.d. Meulen’
| |
| |
De diskusje waard fuortset yn Friesch Volksblad 20.2.1881 en 13.3.1881.
s. 56, Oan de jonge lju
troch ien persoan te sjongen, wylst it hiele selskip it refrein meisjongt; wize: Wie in januari geboren is.
s. 57, Gearsetsang
wize: Adam en Eva.
s. 58, Klaske Bolrinster
r. 58 ‘wedufrou’ troch redaksje Samle Fersen feroare yn ‘widdofrou’.
s. 65, Ik mei 't wol lije
foardracht foar in frommis. Kin ek songen wurde, en wol op de wize fan: De wereld is in rep en roer.
s. 68, Froulju kinne tsjoene
wize: Wat soe 't libben sûnder sang.
s. 72, Alde Foekje fan Heech
't Is in strampelich wyfke, tige âldmoadrich klaaid.
s. 75, Earje dyn sprake
sjoch Wumkes, Paden II, 376.
s. 75, Yn 't Wetterlân I
r. 13 ‘douke’ troch redaksje Samle Fersen feroare yn ‘triuwke’. Sjoch ek Wording2, 203.
s. 77, Yn 't Wetterlân III
r. 9/10 sjoch ‘De Like-blommen’ fan E.H. Halbertsma, Rimen en Teltsjes8, 281.
s. 78, De sjonger en de wrâld
hânskrift fan in kladfersy fan dit gedicht berêst op it Internationaal Instituut voor Sociale Geschiedenis te Amsterdam. R. 36 ‘it minske’ troch redaksje Samle Fersen feroare yn ‘de minske’; dizze feroaring is oanbrocht op dy plakken dêr't de dichter ‘minske’ yn de betsjutting fan ‘mens’ bedoelt. R. 9 fan ûnderen by ‘Minske’ en ‘ierde’ binne troch redaksje Samle Fersen de lidwurden ‘“t” resp. “d”’ weilitten.
s. 82, Widzesankje foar 't smidsbern
yn For Hûs en Hiem, 1890, 258 ûndertekene mei Pieter Jelles en datearre op 1882.
s. 86, Wiersizzerij fan âlde Foekje fan Heech
sjoch Wumkes, Paden II, 373; it fers is yn Wiersizzerij fen Alde Foekje fen Heech (fierder oanhelle as Wiersizzerij) datearre op hjerstmoanne, 1881.
s. 87, Rûne wangen, sûn en blier
sjoch Wumkes, Paden II, 374; it fers stiet yn Wiersizzerij yn proazatekst XVI.
| |
| |
s. 88, In preek foar de Fryske fammen
beide lêste strofen fan dit fers hat de dichter oanhelle yn For Hûs en Hiem, 1888, 55 om Nynke fan Hichtum (‘in sibbe freondinne fan Foekje fan Heech’) te yntrodusearjen as meiwurkster foar de bernerubryk.
s. 92, Anne, Doetsje, Romkje, Tetsje
dit fers is op 'e lêste side fan Wiersizzerij ûndertekene mei Pieter Jelles (Ljouwert) en datearre op 1881.
s. 92, Widzesankje
skreaun foar Tryntsje Albertine Troelstra, famke fan Jelle Troelstra en syn twadde frou. Hja is berne 23 juny 1881 en 4 septimber 1882 ferstoarn. Sjoch M. Fennema yn Forjit my net, 1912, 188; yn in oerprintsel fan J.J. Hof, Mr. P.J. Troelstra als Fries dichter, út De Gids, 1910, no. 4 stiet yn de marge skreaun de folgjende notysje dy't slacht op dit fers: ‘op zijn eigen zusje dat gestorven is kort na de geboorte. Het versje lag op de wieg 's morgens na de geboorte als een verrassing voor de reeds op jaren zijnde ouders.’ (oerprintsel op FLMD).
s. 93, Mem oan lytse Nynke
foar Tryntsje Albertine Troelstra (1881-1882).
s. 95, Sneintemoarn
sjoch Wumkes, Paden II, 371; in skôging fan dit fers troch D.K. (nei alle gedachten Douwe Kalma) stie yn Het Volk, 26.2.1944.
s. 95, De seeman
sang, sjoch NFL, I, 16 en II, 28; yn Oan 'e sédyk stiet: ‘De muzyk, dy't by dit fers makke is, komt foar yn “It Jonge Fryslân”, in boek mei nije sangen en rimen, dat meikoartens útkomt by J. Hepkema op 't Hearrenfean.’ Sjoch dr. Y. Poortinga yn It Beaken, 1957, 62 oer dizze ‘mistribele muzykútjefte’.
s. 96, Seemanslibben
wize: ‘Freude, schöner Götterfunken’ (Schiller), yn ‘Deutscher Liederschatz’, fan Ludwig Erk, Band I (S.F. Peters, Leipzig).
s. 97, Doarmje op wide wetterweagen
wize: Guter Mond, sjoch Deutscher Liederschatz fan L. Erk, s.52 (C.F. Peters, Leipzig); yn Oan 'e Sédyk stie ‘wize: Rozenstruikje’.
s. 98, Psalm XIX
yn Swanneblommen, 1881, 82 stie ûnder de titel ‘(feroare)’. Troelstra neamde de titel fan dit fers yn in brief oan L. Wagenaar d.d. 13.8.1880 (IISG).
s. 98, Psalm LXIII
yn Rispinge1, 266 stie ûnder de titel ‘(Gâns feroare)’.
s. 101, It jonge Fryslân
yn It Jonge Fryslân datearre op simmermoanne 1881.
s. 103, Fûgelsang
de sang fan de ljurk is ûnder de titel ‘Moarnsliet fan 't ljurkje’ apart
| |
| |
ôfprinte yn de Swanneblommen, 1881. Yn de priisfraach fan it Frysk Selskip is dit fragmint bekroand as it bêste gedicht fan mear as 50 rigels út de jiergongen 1881 en 1882 fan Swanneblommen en Forjit my net. Sjoch Friesch Volksblad 25.5.1881. Fergelykje it fers ‘De Priisfraach’, s. 180.
s. 113, Leauwe
yn Rispinge1 en2 wie de titel ‘Gelove’.
s. 113, Nei de stoarm
yn de ‘mistribele muzykútjefte’ fan It Jonge Fryslân is dit fers datearre op simmermoanne 1881; it hat ek stien yn Nieuw Advertentieblad, 2.7.1881.
s. 125, Frysk binnenhûs
opdroegen oan: myn freon Johannes Baarda.
s. 129, Widzesang fan 't seemanswiif
sang, sjoch NFL, I, 35 en II, 44; yn it Lieteboek ûntbrekt de 2e strofe; op it FLMD berêst in net-datearre hânskrift mei gâns farianten.
s. 130, Fiskermansfaam
sang, sjoch Nije Fryske Sangen, muzyk fan T.E. Halbertsma, 2e samling (R. v.d. Velde, Ljouwert).
s. 131, Sankje nei 't swyljen
yn de ‘mistribele muzykútjefte’ fan It Jonge Fryslân datearre op heamoanne 1881; te sjongen op 'e wize: ‘Langs berg en dal klinkt hoorngeschal’.
s. 133, Rein
yn It Jonge Fryslân datearre op rispmoanne 1881. R. 1 ‘skrokke’ is in ferbettering yn de 2e printinge fan Rispinge; yn de 1e printinge stie ‘keale’.
s. 134, Sneontejûn
sjoch Fen liet en libben, 18.
s. 134, Oan de neiteam
yn Rispinge joech de dichter oan dit fers in motto fan Horatius mei: ‘Ne forte credas interitura quae/ Verba loquor socianda gordis.’ (Datstû net faaks leaust dat de wurden dy't ik by de snaren sprek ferlern gean sille.) Dit binne de rigels 1 en 4 fan Carmina, IV, 9.
s. 135, Ierde en himel
sang, komposysje fan L.A. Dokkum yn It Heitelân, 1920.
s. 136, Teaco en Gerbrich
yn It Jonge Fryslân datearre op heamoanne 1881; yn it foarwurd op de Rispinge stiet: ‘Ta it dichtstik Teaco en Gerbrich heart de folgjende oantekening: “De haat tusken Douwe fan Harns en Sicko Gratinga, dêr Winsemius fan skriuwt yn it fyfte boek fan syn Kroniken, hab ik brûkt as eftergrûn foar dit ferhaal, dat, útseid dy âlde fete, net skiedkundich is. Douwe' stins lei op Dyksherne, dat lyk as Westerbierrum, wêr it net fier ôf lei, yn 1237 fan de see oerstreamd is. Douwe fan Harns hie in ivich skeel mei Edo Edes Gerbranda en Sicko Douwes Gratinga, dat einlik syn grûn fûn yn Douwe' grutskens en syn lytsachtinge fan de oare edellju, mar dat útboarst is yn 1130 troch it tsieren oer in reed, dy
| |
| |
Gratinga naam troch Douwe syn mieden en greiden hinne. Dit rûn sa fier, dat Douwe op in kear Gratinga' soan, dy't him mei in weide hea foarby kaam, mei 't swurd trochstiek, wat Sicko sa ta 't uterste brocht, dat er mei help fan freonen en migen, Douwe mei wiif en bern yn syn ein stins fermoarde, en dy stins delsmiten het, dat er nin taal of teken mear oerbliuwe soe fan dat ferflokte slachte.”’
s. 166, Foarjier
sang; sjoch NFL I, 108 en NFL II, 128.
s. 170, Trou
sang; sjoch NFL I, 56 en NFL II, 64.
s. 170, Do naamste myn romer
sang; komposysje fan L.A. Dokkum yn It Heitelân, 17 april 1920.
s. 170, Draaimûne-sankje
yn It Jonge Fryslân datearre op Ljouwter merk, 1881; wize: Bij het klinken der bokalen.
s. 172, Net mear sjonge?
yn It Jonge Fryslân datearre op hjerstmoanne, 1881; sjoch ek Wiersizzerij, foarlêste side. Sjoch ek in brief fan Th. Siebs oan P.J. Troelstra d.d. 30.8.1927 (IISG).
s. 174, De hjerst het de simmer te hôf brocht
yn It Jonge Fryslân datearre op wintermoanne; sang; sjoch Frysk Lieteboek II, 1899, 169.
s. 177, It foarjier komt
sang; sjoch NFL I, 41.
s. 180, Apelaria
út in proazastik.
s. 180, De priisfraach
yn Friesch Volksblad datearre op blommemoanne, 1882; yn it foarwurd op Rispinge skreau de dichter oer dit fers: ‘De Priisfraach is skreaun nei oanleiding fan 'e priisfragen, dy't it Frysk Selskip in tritich jier lyn útskreau foar it bêste fers, dat dan, om yn oanmerking te kommen, op syn minst fyftich rigels lang wêze moast.’ Sjoch ek de oantekening by ‘Fûgelsang’ (s. 103).
s. 182, De Terhernster melkers
yn Friesch Volksblad datearre op de 18e fan heamoanne (Tersoalstersyl); sjoch ek Wumkes, Paden II, 377: neffens Friesch Volksblad 23.7.1882 hat Piter Jelles û.o. dit fers foardroegen op it ‘simmerjûne-nocht’ yn Terherne. Dit is de tekst út de 2e pr. fan Rispinge.
s. 184, Edda-runen
yn Friesch Volksblad stiet dêr noch in apart printe fjouwerrigelich ferske ûnder:
Wat dy froulju ek ûnthjitte,
Biste wiis, betrou se net:
Op it draaiwiel is it makke,
't Fyn beslipe frouljushert.
| |
| |
s. 185, Edda-runen
sjoch Wumkes, Paden II, 372.
s. 185, Oan Hessel Brolsma
sjoch It Beaken, 1971, 275.
s. 187, Oan de hurdsylders
wize: Farwol; ek opnommen yn de Sankjes for de Priisútdieling fen Frisia to Grou yn 1883, 1893 en 1913; yn 1913 ûndertekene mei P.J.T.
s. 190, De jongfeint
út it Dútsk, nei in Ode fan Klopstock.
s. 191, Minnedeuntsje
út it Gryksk, no. 24 fan de Anacreontea.
s. 191, Anacreon op himsels
út it Gryksk, no. 6 fan de Anacreontea.
s. 191, Wat kin in jong fanke 'r mei dwaan?
út it Skotsk fan Burns.
s. 192, De heltne faam
út Körner's treurspul ‘Zriny’ (1814); yn Forjit my net is dit fragmint datearre op foarjiersmoanne 1883 en opnommen ûnder de titel ‘De leafde’. De dichter hat dit fers yn Rispinge datearre op 1880-1882. Wy hawwe oannommen, dat 1883 in fersin is en dat it 1882 wêze moat.
s. 195, De sang
yn Forjit my net datearre op wynmoanne 1882 (Grins). Sjoch ek Fen liet en libben, 7.
s. 196, De weagen rôlje al oan en ou
út it proazastik ‘De hege brêge’, in kritelêzing hâlden op 'e Jouwer op 9.1.1883 en te Frjentsjer op 25.3.1885 (sjoch Wumkes, Paden II, 377). Sjoch de brief fan P.J. Troelstra oan O.H. Sytstra d.d. 20.3.1886 (FLMD).
s. 197, Peaske
idem; nei ‘Auferstehung’ fan Geibel.
s. 198, Wêrom?...
yn Swanneblommen datearre op foarmoanne 1883 (Grins). Sjoch ek Frysk Studinte Almanak, 1952, 80 (Glaukia = U.J. Boersma), De Tsjerne, 1960, 50 en 279 (J.P. Wiersma), De Tsjerne, 1960, 95 (D.A. Tamminga), Het Parool, 30.6.1961 (J.P. Wiersma) en De Strikel, maaie 1980 (T.J. Steenmeijer-Wielenga). Muzyk by dit fers fan L.A. Dokkum is publisearre yn de muzykbylage by It Heitelân, 19.2.1921. In antwurd op dit fers ferskynde ûnder pseudonym F. yn Forjit my net, 1884, 36:
Wêrom heste doest just my mar koeste,
(Dy jûn dy ferjit ik grif nea!)
Daalk al fan leafde en minne my sprutsen,
| |
| |
Dy ‘sterker soe wêze as de dea’?
Wêrom heste my 't jawurd ôftwongen,
Dat ús, seist, foar ivich ferbûn?
Wêrom heste fan trou my ferhelle,
Fan trou, dy by dy ‘nea ferdwûn’?
Wêrom klagest no, dat ik nin hert ha,
Wylst dines (leau mar dat ik 't wit!)
Sels by stikjes en brokjes weijoechste
En mannich jongfaam om dy lit?...
s. 198, Hoe lokkich!
yn Swanneblommen datearre op foarmoanne 1883 (Grins).
s. 198, It skynsel
sjoch Wording, 241 e.f. en 278 (2e printinge).
s. 199, Yn 'e brâning
idem.
s. 200, Ik jou de wyn myn suchten mei
idem.
s. 201, Wy wiene tegearre
idem.
s. 201, De lokkige man
Dy dit foardraacht moat him sels wyt om de holle meitsje en sjofel yn de klean wêze. Yn hânskrift mei gâns farianten op it FLMD.
s. 203, Oan de breid
By in brulloft yn 't foarjier. Dizze fersy út Fryske Brilloftswille2 is in bewurking fan it fers ‘Oan in jongfaam by har boask yn maaie 1880’ (Friesch Volksblad, 23.5.1880). Fan dat fers berêst in hânskrift op it FLMD mei de titel ‘Oan 'e nommele Juffer Geertsje de Jong by har boask yn maaie 1880’; Geartsje wie master Heart de Jong syn dochter.
s. 206, Net ferjitte
taspraak; sjoch Wumkes, Paden II, 376.
s. 206, 't Is sneintejûn, de moaiste tiid
út ‘Sneintejûn’, sangfoardracht foar twa persoanen; wize: Wir winden dir den Jungfernkranz.
s. 207, Sake Sturt, Sake Sturt,
idem; wize: Hop, hop, hop!
s. 207, Ik woe sa graach de merke ris op,
idem; wize: Toe Nies, ik wol de merk besjen.
s. 208, Jûns, as 'k yn de fearren lei,
idem; wize: Daar komt Paulus Jonas aan.
| |
| |
s. 208, O, wat ha 'k wol om dy suchte,
idem; wize: Yn it lytse doarp Terkaple.
s. 209, Wy geane nei de merke ta,
idem; wize: Doctor Eisenbart.
s. 210, De libbenspiip
yn Friesch Volksblad datearre op simmermoanne 1883.
s. 212, Wolkom oan de silers-tiid
sang; wize: Steierland (Liederschatz no. 54); J.P. Wiersma tekene hjirby oan, dat it fers no meastal songen wurdt op in nije wize fan J. Slofstra. Sjoch De stiennen man, maaie 1949 (K. Dykstra). It fers hat stien yn Forjit my net, 1886, 24, mar is foar it earst publisearre yn de Sankjes for de priisútdieling fen Frisia to Grou 27.8.1884; op it FLMD berêst in hânskrift út de samling fan C. Wielsma mei de datearring 28.8.'83. It fers is hjir nei it hânskrift printe. Der binne frijwat farianten.
s. 213, De ljurken
sang; sjoch NFL I, 94 en II, 110; oersetting fan ‘Die Lerchen’ fan R. Hamerling.
s. 214, Fiskersfamke
nei in hânskrift op it FLMD datearre juny 1884; nei Heine. Sjoch Leeuwarder Courant, 3.6.1972 (S.J. van der Molen).
s. 214, See, do wide see!
sang; sjoch NFL I, 26 en II, 92; yn Friesch Volksblad datearre op 17 juny 1884 (Grins).
s. 215, De lêste klokslach
yn Swanneblommen stie der by: ‘Ta in oantinken oan myn freon Tseard Hoekstra Med. Docts. en Arts, berne te Jirnsum, de 31e fan foarmoanne 1858, ferstoarn te Grins, de 5te fan rispmoanne 1884.’ Tseard Hoekstra wie de ferloofde fan Piter Jelles syn suster Haukje. Yn Swanneblommen is dit fers datearre op âldjiersdei 1884. Sjoch ek Groningsche Studenten Almanak voor het jaar 1885, 83-84 en 198; it mengelwurk fan dat jier hat in in memoriam-berjocht en op s. 9 it fers ‘Openbaring’ (s. 397).
s. 215, In wals
sang, útfierd op it jubileumprogramma foar Waling Dykstra op 7.2.1885 te Ljouwert, op muzyk fan de dirigent C. Koster (25 jier Winterjûnenocht).
Sjoch it programma fan dizze jûn yn it Selskipsarchyf Db II.
s. 217, Toast
Toast útbrocht op Waling Dykstra, op 'e jûnbesite fan 't Studenteselskip ‘Frisia’ te Grins, hâlden op sneon, de 14e fan foarjiersmoanne 1885 (Swanneblommen). Sjoch foar in ferslach fan dizze jûn Minerva 19 maart 1885, 67. Op it IISG berêst in hânskrift fan P.J. Troelstra mei it folgjende fers op Waling Dykstra. It sil dizze tekst west hawwe dy't Troelstra foardroegen hat:
Op Frisia's jûnbesite no,
Dêr sette wy in sankje op tou.
| |
| |
It is in man fol geast en pit,
Dy efter dizze flesse sit.
Hy joech ús yn 'e Harmonie
In skoft, sa fleurich en sa bly.
Sa joech er fiifentweintich jier
Oan alle Friezen wille en tier.
En dêrom stjitt' wy 't earste oan,
Mei dizze frije Fryske soan.
Mar sis, wa hat dy man ús brocht
Op dizze winterjûnenocht?
Dat wie 't bestjoer fan Frisia
Hja moatt' ek in betankje ha.
Foarearst dy man út Easterein
Dy het it jûns mar aardich sein.
En dan Schotanus Idzerda,
De Skriuwer fan ús Frisia.
Foar 't lêst dy Posthumus de Jong,
In bêste hâlder fan de pong.
Wy wolle jimme trije sjen,
Libje ienkear bly mei wiif en bern.
No jit ien glêske ta beslút
En dan is 't hiele sankje út.
Salang wy hjir studinten ha,
Salang libj' ek ús Frisia.
s. 219, Tinzen oan it siikbêd fan Joast Boonstra
r. 1 ‘leegde’ troch redaksje Samle Fersen feroare yn ‘lege’. Sjoch de meidieling oer it ferstjerren fan Joast Boonstra yn de simmer fan 1885 yn de Groningsche Studenten Almanak voor het jaar 1886, 200.
s. 219, De wûnderblom
yn For Hûs en Hiem datearre op maaie 1885; sjoch de oantekeningen by it fers ‘Wêrom?’ (s. 198).
s. 219, De leafdefûgel
yn Swanneblommen hjit dit fers ‘In fûgel’ en is opdroegen oan S. (nei alle gedachten syn ferloofde Sjoukje Bokma de Boer). It is datearre op rispmoanne, 1885.
s. 221, Nei 't suden!
yn Swanneblommen datearre op hjerstmoanne 1885.
| |
| |
s. 222, ‘Nijjier!’ al wer wat ‘nijs’?
yn in brief oan J.H.J. van Wageningen thoe Dekema, 5.1.1886 (yn fotokopy op it FLMD). Yn hânskrift fan Van Wageningen stiet der by skreaun (net omstavere): ‘Ik hie Pieter Jelles tawinske:
Yn it jier det foar ús leit
As hja Lútsens 't wiere seit. -’.
s. 223, Eale fria Fresena!
sang; sjoch: NFL I, 5 en II, 19.
s. 223, De wylde meaner
sang; sjoch: NFL I, 74 en II, 100.
s. 225, Roeiersliet
sang; sjoch: NFL I, 82 en II, 80.
s. 225, Oan 'e kant fan 'e mar
sang; sjoch: NFL I, 121 en II, 136; yn it foarwurd op it NFL I stiet: ‘it earste fers fan no. 49 (s. 121) is nei it Ingelske liet ‘On the bank of the blue Moselle.’
s. 226, Lit ús no de wrâld ferjitte
sang; sjoch: NFL I, 128 en II, 146
s. 227, It âldershûs
sang; sjoch: NFL I, 146 en II, 139; yn it foarwurd op it NFL I stiet: ‘yn 'e wurden fan no. 59 (s. 146) fynt men licht wat fan “Home sweet home”, werom.’
s. 228, ‘De Pit fan 't Folk’
yn it foarwurd op Rispinge1 stiet as oantekening: ‘“De Pit fan 't Folk”, “De Hoanne fan 'e Heegmer Toer” en “De Wûnzer reis” binne út “Nei de Stoarm”.
Dr. L. Wagenaar, earst domeny te Wûns en doe te Heech, hie yn it distrikt Snits de kandidatuer fan in anti-rev. baron ferdedige tsjin dy fan Heldt, op in wize, dy't my myn boekje “Fij Lútsen!” yn 'e pinne joech, wêrop hy antwurde mei: “Hark ris, Pieter!”. Hepkema kaam tuskenbeide mei syn “Hâld op, jonges!” fan Gabe fan Grouwergea en as hikkesluter kaam dêrop myn boekje “Nei de Stoarm”, wêryn ik û.o. tsjin Dr. Wagenaar it algemien kiesrjocht ferdedige. It wie yn 'e tiid fan 'e doleanty; benammen te Wûns hie dizze oanlieding jûn ta grutte skandalen yn 'e tsjerke. Dr. Wagenaar gyng te Heech ek ta de nije tsjerke oer. Dit moat men by it lêzen fan de stikken út “Nei de Stoarm” betinke. Ek de twa striidsangen, dy't dêrop folgje, binne skreaun ûnder 'e ynfloed fan 'e doleanty - de “Ofskiedsang fan 'e Sweltsjes” mei ûnder dy fan 'e âlde sosialistyske beweging, doe't de reade flagge delset is op 'e Boarnster tsjerke.’
Yn Nei de Stoarm stiet as noat by de titel: ‘Sjoch Hark ris, Pieter! bls. 10, 12 en 18.
Sjoch ek T. v.d. Wal, Op zoek naar een nieuwe vrijheid, s. 176 e.f.
| |
| |
s. 230, Yn 'e smidte smeie
oan 'e ein fan in proazatekst; sjoch: Hark ris, Pieter!, 10.
s. 230, De hoanne fan 'e Heegmer toer
sjoch boppe, de oantekening by ‘De Pit fan 't Folk’.
s. 234, Hawar dan, Friezen fan ús tiid
yn it proazastik ‘Frânske wyn’.
s. 234, De Wûnzer reis
yn it proazastik ‘In útfanhuzer by âlde Foek fan Heech’.
Sjoch ek de oantekening by ‘De Pit fan 't Folk’.
s. 239, It memmehert
Blommen, op Fryske grûn oerplante, I.
s. 239, In lyts kertierke
idem: II (nei L. von Hörmann).
s. 240, Hjerst-fantasije
by hege útsûndering in Frysk fers yn de Groningsche Studenten Almanak, datearre op hjerstmis, 1886 mei in frije fertaling fan de dichter:
Herfstfantasie
Der wouden groen van kleur verschoot;
En uit de boezem van Nature
Brak zucht op zucht, als elke dure
Droom van de zomer zonk ter dood.
Z' ontblaarde droef der rozen krans,
Eens door de lokken heen geweven;
Haar ogen, eens vol lust en leven,
Ze stonden koud en zonder glans.
Wel kon z' op menig heldre dag
Soms blinken in de gloed der zonne -
Haar liefde en lust en levensbronne! -
En week de rouwe voor een lach.
Dan praalde op hare boezem weer
Een krans van half verwelkte bloemen;
Maar als weer d' avond op kwam doemen,
Lag z' in haar tranen smeltend neer.
Te middernacht al klagend waarde
Door 't donker zij, der zonne bruid:
‘Moet gij, mijn lief, de dood ten buit,
Al verder, verder weg van d' aarde?’ -
Zij tastte in 't ijle duister rond
En riep hem aan met teedre namen:
‘Is dan, voor u en mij te samen,
Een graf niet hier, in deze grond?’ -
Eens bracht hij 's ochtends uit de vert
Haar weer zijn groet; maar in zijn wezen
| |
| |
Was 't innig droeve woord te lezen:
‘Ik heb geen troost voor uwe smart.
Mij voert, langs d' onbekende baan,
Een sterke hand naar vreemde streken;
Maar, ben ik ver van u geweken,
Niet eeuwig zal ik van u gaan!
Zowaar als boven zwarte wolken
Een eeuwig blauwe hemel drijft;
Zowaar mijn licht hetzelfde blijft,
Al schijnt het over andre volken,
Zowaar ook is 't, dat, waar twee zielen
Bij lentelicht de liefde bond -
Geen hand, hoe sterk, de band ontwond,
Waarbinnen zij tezamenvielen!
O, ween dan niet; want wáár ik ben,
Nooit zal mijn trouwe liefde slinken;
Ook zal mijn aanschijn vrolijk blinken,
Daar 'k u en uwe liefde ken.
'k Zal 't zuiderland met bloemen sieren
En elke bloem is schoon als gij -
En later, later zullen wij
Te meie een blijde bruiloft vieren!’
De maagd - zij boog het blonde hoofd:
‘'k Geloof aan u en onze minne;
Maar tot uw licht de nacht verwinne,
Is ook mijns levens licht gedoofd’...
Toen trok zij koud, in droom verloren,
Het kuise witte sneeuwkleed aan -
Stil zat zij, zonder lach of traan:
Zij wachtte op 't eerste lentegloren.
Sjoch ek Minerva, 1887, 28.
s. 241, Holle en hert
Blommen, op Fryske grûn oerplante, III.
s. 242, De bline en syn bern
idem, IV nei D. Saul.
s. 242, Hâld dy kûs, myn bêste jonge
idem, V nei Robert Hamerling.
s. 243, It nije Kollumer oproer
yn Rispinge stie der boppe: ‘... waarschuwt ten ernstigste tegen wolven die in de schaapskooi van Christus dringen willen... G.H. van Kasteel, Voorz. en Scriba’. G.H. van Kasteel libbe fan 1850-1931 en die yn Kollum mei oan 'e doleânsje. Sjoch ek de oantekening by ‘De Pit fan 't Folk’.
s. 245, Net mear hurdride?
yn Rispinge stie der boppe: ‘Het hardrijden behoort m.i. thuis in een eeuw, waarin lichamelijke kracht boven talent wordt geëerd, niet in de
| |
| |
onze... Deze opmerkingen gelden evenzeer de harddraverijen. L. Ct., 1 febr. '87’.
s. 247, Ofskiedssang fan 'e sweltsjes
sjoch de oantekening by ‘De Pit fan 't Folk’.
s. 248, Wolkom yn Gaasterlân
yn Forjit my net datearre op maaie 1887 (Grins); Oan mefrou K. - S.N.; it fers krige as motto in rigel fan Lessing mei: ‘Das Volk lechzet schon lange und vergeht vor Durst.’ Mefrou K. - S.N. sil nei alle gedachten wêze Anne Willemine Star Numan, berne te Grins as dochter fan Prof. Mr. Cornelis Star Numan. Hja troude yn 1867 te Grins mei Dr. T.T. Kroon, dy't yn 1878 te Zutphen kaam te ferstjerren. Yn 1888 is hja te Balk foar de twadde kear troud, mei Ds. J. Posthumus Meijjes.
s. 249, Kening Friso
sjoch Wording, 183 (2e pr.).
s. 251, Yn 'e tiid fan it foarjier fan ljocht en fan sinne,
sjoch PB Hs. 688, brievekaart fan P.J. Troelstra oan Geale de Vries Stiens mei poststimpel 18.5.1888.
s. 252, De kriichssang fan it ideaal
yn Bloemlezing III stiet ûnder it fers 1887 MS, dat wol sizze dat dit fers nei it hânskrift fan de dichter fan 1887 printe is.
s. 253, Wat de letters jin sizze
yn For Hûs en Hiem stiet yn r. 2 net ‘'t Fryske lân’, mar ‘Gelderlân’.
s. 257, De striid om it heechste
dit fers stiet sûnder aparte titel yn it proazastik ‘Sinnestrielen’. Yn For Hûs en Hiem stiet as noat by it wurd ‘trochdolge’: ‘Dit is in wurd út 'e tiid fan Gysbert Japicx en betsjut yn 't Hollânsk: doorwond.’ Sjoch ek in ynstjoerd stik fan B. Tjessinga en Troelstra syn antwurd yn For Hûs en Hiem 1888, 380.
s. 264, De wynharp
sjoch Fen Liet en Libben, 6.
s. 265, Adventliet
út de syklus Krystsangen, oerset út it Latyn, mei muzyk fan T.E. Halbertsma, útjûn by A. Schaafsma, Dokkum. Boppe dit fers stie:
Obscura quaeque increpat:
Ab aethere Christus promicat.
(Dêr wjerklinkt in lûde stim,
hja lit ek it tsjuster wjergalmje:
lit de dreamen fier fuortdreaun wurde,
Kristus komt mei hasten út de himel.)
Yn For Hûs en Hiem stie de folgjende oantekening by dizze syklus krystsangen: ‘Dizze sangen binne te finen yn: Lauda Sion. Hymnos sacros antiquiores latino sermone et vernaculo edidit Carolus Simrock. Coloniae Agrippinae, MDCCCL. It binne âld-kristlike tsjerkesangen, dy't wy om it folle moaie en dichterlike, dat der yn foarkomt, yn dizze
| |
| |
jefte ús lêzers ta in krystjefte oanbiede.’
s. 265, De mem mei 't bern
idem;
(Wannear't ik de lytse God sjoch
yn de earmen fan syn mem,
s. 266, Fan Jezus' berte
idem;
(In bern is berne yn Bethlehem,
dêr't Jerusalem him oer ferblidet.)
s. 267, Widzesang
idem;
Millies tibi laudes canimus,
Sjongt de mem foar har iennichtstberne,
‘Sliep myn jonge, sliep heit’
Sjongt hja foar har lytse poppe.
Wy sjonge dy tûzen kear lof,
Tûzen, tûzen, tûzen kear.)
s. 268, De sjonger
nei Klaus Groth.
s. 269, Trouwe leafde
nei it Dútsk, muzyk fan Brahms; yn For Hûs en Hiem joech de dichter de folgjende taljochting: ‘Dit stikje hearde ik Juffrou Hiltsje Broekens, ûnderwizeres yn it sjongen oan 'e nije muzykskoalle fan de Hear B. Kwast te Ljouwert, lêsten op in konsert sjongen yn it Dútsk. Ik hab it ferfryske en bied it Juffrou B. hjirby oan ta in bewiis, dat ik har sjongkeunst heech op priis stel en tagelyk, om de winsk út te sprekken, dat wy har jitte faak - en ek ris yn 't Frysk - sjongen heare meie. Ta goed begryp fan it stikje tsjinnet, dat yn it earste ferske de mem oan 't wurd is, yn it twadde de dochter en sa fierder, bar om bar.’
s. 269, Minja
yn For Hûs en Hiem datearre op novimber, 1888.
opmerking:
yn For Hûs en Hiem 1889, 62 stiet in net-ûndertekene fers ‘Stean fêst!’ It is yn lytse letter as bledfolling printe. Foar dat doel brûkte Piter Jelles gauris âlder wurk fan him sels. It is net ûnmooglik, dat ‘Stean fêst!’ ek
| |
| |
oan him taskreaun wurde moat.
s. 277, Wulfran, de wize prester, dy woe
ien fan de sangen fan Bernlef út it proazastik ‘Bernlef en Ludger’.
s. 277, Te Deum
idem.
s. 278, Warn komt op it wite hynder
idem.
s. 278, Muzyk
yn For Hûs en Hiem stie der by dit fers: ‘In feestjefte ta de Njuggentichste Jierdei fan de Hear M. de Boer, meiwurker oan “It Lieteboek” en it “Nij Frysk Lieteboek”, te Drachten, dizze 13e fan gersmoanne 1889.’ De ûndertekening wie: ‘Ut heechachtinge en tankberens Jins freon, Pieter Jelles.’
s. 280, De wetterman
yn For Hûs en Hiem datearre op hjerstmoanne, 1889 (Skrâns).
s. 286, Tawijd oan 'e haat
brokstik.
s. 290, Heamoanne
sjoch Fen Liet en Libben, 16.
s. 291, Der foer in fisker
nei it Dútsk.
s. 291, Snein!
nei it Dútsk (Adolf Schults).
s. 291, In nije tijd
sjoch Wording, 265 (2e pr.) en ‘Alde Foek fertrietlik’ yn For Hûs en Hiem, 1890, 377 e.f. Ek publisearre yn Almanak voor de Volkspartij in Friesland voor het jaar 1892.
s. 295, Maarteblommen
opnommen yn de rige ‘Maarteblommen’, ‘Jongfeintesangen fan Piter Jelles’.
s. 296, In foarjiersbern
idem.
s. 296, Leafde
idem.
s. 297, Leafde-tankliet
idem.
s. 300, Treast
idem; (yn r. 5 stiet yn For Hûs en Hiem ‘Gelderlân’ yn stee fan ‘heitelân’.)
s. 302, Do hearst oan my
idem.
| |
| |
s. 303, Ferjit my net
idem.
s. 303, By it grêf fan in jonge idéalist
út it Dútsk fan Ernst von Wildenbruch.
s. 305, Oan Dr. J.B. Schepers
yn Nieuwsblad van Friesland datearre op 6.1.1909; yn it foarwurd op Rispinge skreau Troelstra: ‘It fers ‘Oan Dr. J.B. Schepers’ is allinnich goed te begripen, as men sines der by lêst. Dêrom nim ik dat hjir oer:
Oan Piter Jelles Troelstra
Dat wie gjin wurd, dat Piter Jelles foege,
Net op syn pas; in dichter docht sa net,
Dy is oer 'n mem en memmelok fernûge;
Neat dat him dat te uterjen belet.
En do joechst kâlde wurden, wêr 't stil swijen
Yn elk gefal mear past hie as dy taal;
O Piter Jelles, tink oan de amerijen,
Doe't yn dy ljochte as sinne: 't Ideaal!
Dat oare Ideaal, troch leafde omljochte,
O dichter fan ús ynleaf heitelân,
Dat wy foar dy as werklikheid ús tochten,
Doe d' eigen taal ús mei'noar wie ta bân.
O Piter, kom werom, wês Fries mei Friezen;
Ferkom net yn it Hollânsk, dat dy kâld
Yn wurden makke, 't mylde die ferliezen
En dat dy foar dyn jierren makket âld.
Net âld as wy dy 'n âlderdom tawinsken,
Mei hert en nocht foar wat ús 't leafste wie,
Mei myldens yn it moed foar alle minsken,
Hiel 't folk dat bliid dy yn 't fermidden hie.
Mar âld en kâld, ferklomme yn ier en sinen;
O Piter, koesterje dy wer by ús
En wês wer minske as doe, hiel lang ferlyn, en
't Sil ús wêze as kaam ús leafste thús.
Smyt wei dy polityk, dy't alles stjurret
Wat der yn dichters herte wâlet, brûst,
Dy alles, wat ta fieling dy oanfjurret,
Mei snijende eastewyn foargoed ferwoest.
Jou oan dyn lân, dyn moaie taal, de dichter;
Jou oan dy sels it mimerlok werom;
Dan falt it leavjen dy mei gauwens lichter;
Ferlit dyn kâlde tinzen: dichter, kom!
Dan wolle wy ferjaan dy kâlde wurden;
| |
| |
Ferjitte wat net foege: elk is bliid!
Betink: de heechste steatslju binn' ferwurden,
De dichternamme oerlibbet sels de tiid.
Dit fers stie yn it Nieuwsblad van Friesland op 25.12.1908. It antwurd fan Piter Jelles kaam yn de rubryk ‘Ynstjoerd’ fan deselde krante op 9.1.1909. It is ûndertekene ‘Den Haach, 6 jan. 1909 Piter Jelles’. Oer dizze kwestje liet P.J. Troelstra by de Brochurenhandel S.D.A.P. Keizersgracht 378 Amsterdam in brosjuere ferskine ûnder de titel Het Kindje. Hjiryn stiet ek de letterlike tekst fan Troelstra syn ferklearring yn 'e Keamer: ‘Mijnheer de voorzitter! Ik acht mij geroepen, waar hier naar aanleiding der demonstratie, die wij zoëven hebben bijgewoond, gesproken is namens de ganse Kamer, de verklaring af te leggen, dat er leden in deze Kamer zijn, die in het zo pas medegedeelde geen aanleiding vinden om zich voor deze demonstratie verantwoordelijk te stellen.’
Sjoch ek Friesland Post, maaie 1980 (J.J. Kalma).
s. 307, It koalsiedterskjen
ûnder dit dichtwurk stiet Stiens/Den Haach, rispmoanne 1909; sjoch ek Branding, 136 (2e pr.); yn it foarwurd op Rispinge skreau de dichter: ‘It dichtstik “It Koalsiedterskjen” sil foar harren, dy't mei it koalsiedterskjen bekend binne, dúdlik genôch wêze. Mar de measte part fan 'e lêzers hawwe dat nea bywenne; foar harren kin in ferklearringe fan it terskjen sels en fan inkelde wurden net útbliuwe.
De boeren, dy't koalsied bouwe, litte dat jitte meast terskje fan in ploech folk, dy't njonken har gewoane wurk by de boer, dat terskjen mei oannimme. Foar it terskjen is nedich in grut kleed; de eigner dêrfan is de kleedbaas en dat is de man, dy't foar it kleedfolk it wurk fan 'e boer oannimt en itjinge dizze betellet, mei harren part neffens it gebrûk, dat dêr foar bestiet. Ta it kleedfolk hearre, bûten 'e kleedbaas: ien “menhear”, in gewoan arbeider, dy't men yn it fabryk de “voorwerker” neame soe en dy't ek wol de “luitenant” neamd wurdt; twa “dragers”, dy't it strie yn it kleed drage wêr op terske wurdt. Op it lân is in fjouwerkant plak egaal makke: de “flier”, dêr it kleed op leit. Al it strie fan it hiele stik lân moat njonkelytsen nei dit kleed brocht wurde. Twa “ynlizzers” pikke dêrta it strie mei de grutte izeren tinen fan har gabels op, wêrby de kikkerts faak ûnder it strie weispringe. Dêrom neamt men har ek “kikkertjagers”. Fjouwer froulju siikje it losse strie op, dat de ynlizzers lizze litte; dat binne de “stalsiiksters”. Dizze froulju soargje der foar, dat it draachkleed, wêryn de dragers it strie nei it grutte terskkleed drage moatte, oer de grûn spraat wurdt, dat de ynlizzers dêryn it strie, dat hja oppikt hawwe, delflije kinne. Is it draachkleed, dat tusken twa peallen yn sit, dy't de dragers op 't skouder hysje, fol, dan wurdt it fan 'e dragers opnomd en wol yn twa tempo's, ien: ophysje op 'e earm, en twa: heger hysje op 't skouder. Dy bewegings moatte fan de beide dragers tagelyk dien wurde; by de earste seit de iene: “Wil je” - dan giet
it kleed op 'e earm; dan seit de oare “Wil je weer” - dat is it teken om it op 't skouder te hysjen, dêr beide dragers in kjessen op hawwe tsjin 'e pine. As it terskjen begjint, leit it hiele lân om it grutte kleed hinne jit fol strie; mei elk kleedfol, dat op it terskkleed komt, wurdt it keale plak grutter. De ynlizzers en stalsiiksters reizgje dus it hiele lân ôf; it draachkleed wurdt de hieltiid wer op in oar plak lein, dêr jitte strie op de ikker leit.
Der binne twa draachkleden: wylst de dragers mei it iene, folle, op sjou binne nei de terskflier, lizze de stalsiiksters it oare oer de grûn en wurdt
| |
| |
dit fan de ynlizzers fol smiten. Op it grutte kleed wurdt terske. It terskjen giet mei twa hynzers foar de rôle en it komt derop oan, it strie sa foar en ûnder de hynzers en de rôle te lizzen, dat it sie der út trape en rôle wurdt. De hynzers jeie de hieltiid yn 'e rûnte; der sit ornaris in jonge fan 'e boer op, dy't krekt as “menhear”, se mar al oanfjurret mei it roppen fan: Hallo, hallo! It strie, dat de dragers út it draachkleed wei op it kleed útskodzje, is in “spriedt”’. Dat moat yn in kring útspraat wurde, sa, dat de hynzers der oer hinne jeie kinne en de rôle der oer hinne rôlet. Dêrom ropt ‘menhear’ de hieltiid, as de hynzers yn in oar spriedt' jage wurde: ‘Spried fan ien, mannen!’ Hy sels springt mei syn gabel midden yn it spriedt' en slacht it strie nei alle kanten út, dat yn in ring om him hinne leit. De ‘klauwers’ en de ‘foarskodders’, elk twarisom, helpe him dêrta. De earsten mei de brede klauwers, riuwen mei in stik of fiif tosken of tinen, de oaren mei de lytse houten gabels mei twa tinen, smite it strie foar de hynzers, dy't in kear of fyftsien wol oer it spriedt' rûn geane. It spriedt' leit foar yn it kleed: dêr neffens is plak foar in twade spriedt' en de dragers smite dat ek fol, wylst menhear ensfh. jit yn it earste spriedt' dwaande binne. Is dat dien, dan ropt er: ‘Rij over’; dan moatte de hynzers mei de rôle yn it twade spriedt'. In klauwer fan 'e boer pakt de rôle beet, om him yn it twade spriedt' te wrikken; menhear springt dêr yn oer, ropt wer ‘spried fan ien’, en dan begjint dêr alles wer fan foaren ôf oan. De foarskodders moatte, foart hja út it earste
spriedt' mei oergeane nei it twade, dat plak leech meitsje foar de dragers, dy't al wer mei in nije bringst foar dat plak op sjou binne. Dêrom smite hja it lege strie sa fier nei efteren yn it kleed, dat it plak foar it nije spriedt' wer frij is. Dan komme de twa ‘efterskodders’, dy datselde strie jitteris opsmite en op har gabels heine, om it sie, dat der jit yn sitte mocht der út falle te litten. Tagelyk smite hja it skjinne strie op 'e bult oan 'e kant fan it kleed, wêr in man fan 'e boer boppe op stiet, om it strie te plak te slaan. Dat is de ‘striebokking’.
Op it kleed bliuwt dan jitte de lange húl lizzen fan 'e pûl en dêr it sie yn sitten hat en it is it wurk fan 'e klauwers, om dy mei de tinen fan har klauwers of riuwen wei te klauwen. Ien klaut se ta de hoeke fan it kleed út.
No en dan sjocht men de klauwers har riuwen omkearen, sa dat de tinen nei boppe en de tichte kant tsjin 'e grûn komt. Dan skowe hja it sie út it kleed nei de kant, wêr ûnder trije peallen, dy't fan boppe nei elkoar ta rinne (de ‘bok’) de twa ‘skjinmakkers’ stean, wêr ornaris bejierre arbeiders foar nomd wurde. De iene, de ‘silder’, stiet by de souwe (zeef), dy't oan 'e bok oan in takel hinget, te siljen (zeven). It sie mei de lytsere húl wurdt fan 'e oare, de ‘ynskepper’, yn 'e souwe skept en falt ûnder 'e souwe op in heap, dy't no en dan yn in sek oerskept en op 'e wein set wurde, dy't njonken it kleed stiet.
Dizze twa âlde ljuwe wurde ‘âlde roeken’ en har plak it ‘roekenêst’ neamd. As it terskjen begjint, moatte hja fan it earste strie, dat útterske is, ‘de peuling lizze’, dat is: it kleed moat oan 'e kanten optild wurde en dêr moat in râne fan strie ûnder, dat it sie net fan it kleed ôfrôlje kin yn it lân. Ik mien, dat dit genôch is, om it lêzen en begripen fan it dichtstik maklik te meitsjen.’
It koalsiedterskjen is yn 1909 ek yn in aparte útjefte ferskynd (40 ekss.). In hânskrift berêst op it IISG te Amsterdam.
s. 330, It âlde doarp
it fers Ynkomste yn hânskrift op FLMD; sjoch Wording, 54 e.f. (2e pr.). In hânskrift fan de hiele syklus berêst op it IISG.
| |
| |
s. 351, Net freegje!
yn de earste printinge fan Rispinge as in motto-fers mei it opskrift ‘Oan de lêzer’ foar yn it boek pleatst. It is datearre op hjerstmoanne 1909. Sjoch De Fries om utens, july 1933 (H. Uden Masman).
s. 352, 't Wurd fan in tinker, strider, lieder
opdracht yn hânskrift yn De wereldoorlog en de sociaaldemocratie, Amsterdam, 1915. Datearre op 1 maart 1915. Sjoch Branding, 318 e.f. (2e pr.).
s. 352, Lêste blink
Datearre op simmermoanne 1925 (Mar fan Genève). Sjoch De Vrije Fries 1980 (Freark Dam). In hânskrift fan dit fers (mei as titel Skynsel) berêst op it IISG.
s. 354, Lieafde jouwt libben
ek yn Friesche Volksalmanak, 1885, 211; yn it foarwurd fan Rispinge joech de dichter de folgjende taljochting: ‘Lieafde jouwt libben is alhiel makke yn 'e taal en de trant fan Gysbert-omme, dy't by de maskerade fan 1884 (“de Gouden Eeuw van Frederik Hendrik”) troch my foarsteld waard. Dit fers waard op 'e “recepties” fan al dy út 'e dea opstiene grutheden by de foarnaamste boargers, oan 'e jonge dames útrikt mei in oersettinge dêrfan yn it Hollânsk.’ Sjoch Wording, 227 e.f. (2e pr.). Sjoch in brief fan Jelle Troelstra sr. oan Piter Jelles d.d. 24.6.1884 (IISG).
s. 355, Liefde geeft leven
oersetting fan it foarige; sjoch ek Wording, 230 (2e pr.).
s. 355, Gysbert Japiks op besiik
by dit fers skreau de dichter as taljochting yn it foarwurd fan Rispinge: ‘By ien fan dy ‘recepties’, en wol by Prof. Tjalling Halbertsma, de soan fan Joast, waard my fan dy syn dochter in krâns fereare, dy't om it portret fan Gysbert Japiks hong, wylst Professor de neimakke Gysbert Japiks yn it Frysk taspriek. Dêrop joech ik beskie mei it fers ‘Gysbert Japiks op besiik’. Sjoch ek Minerva, 21.10.1884, 66 ‘Een feestkrans’.
s. 357, Flonckerlichten sie ick pralen
sjoch Wording, 230 e.f. (2e pr.) en Minerva, 21.10.1884, 64-65; it fers is datearre 7.9.1884.
s. 358, Laet andren met een krans vry Gysbert Japicx loonen
antwurd fan de sabeare Gysbert Japicx oan de sabeare Vondel, dy't útbylde waard fan W. Zuidema, in freon fan Troelstra en meiredakteur fan de Groningsche Studenten Almanak. Vondel syn fers:
Der eedle vrije Vriezen oude tael
Verrijst in nieuwen ongekenden glans,
Nu Gijsbert Jakobszoon, der dichtren stael,
Ons blinckt in 't oogh met welverworven krans,
Die om zijn schedel onverdord moet groeien
en nieu gebloemt doen in zijn dichthof bloeien!
Sjoch Minerva, 21.10.1884, 63.
s. 358, De gouden eeu op nieus verguldt
sjoch Wording, 228 (2e pr.).
| |
| |
s. 360, De eigenwijze muis
der stiet ûnder: ‘In het jaar 1870 is dit gemaakt door P. Troelstra’.
s. 361, De fabel van de beer en de knaap
fers makke op ien fan de leararen fan de h.b.s. Sjoch Wording, 123 en in brief fan C.B. Menalda oan P.J. Troelstra d.d. 20.1.1927 (IISG)
s. 362, ‘Hoe schoon schiet daar de bliksem neer’
Van Alphen vrij gevolgd; sjoch Wording, 121 (2e pr.).
s. 362, Strijdlied van Simson
sjoch Wording, 122 (2e pr.).
s. 363, Aan...
juny 1879; sjoch Wording, 132 (2e pr.).
s. 364, Verlangen naar liefde
sjoch Wording, 176 (2e pr.).
s. 365, Der bloemen minne
yn De oude Huisvriend datearre op juny 1879. Sjoch in brief fan Troelstra oan J.J.A. Goeverneur d.d. 19.7.1880 (IISG).
s. 365, Prijs en min der schonen
(1) Deze en dergelijke veronderstellingen blijven voor rekening van de Duitse dichter. De vertaler gelooft, dat zij wel enigszins gewaagd zijn, althans wat onze tijd betreft.
Ut it Dútsk fan Bürger. Sjoch in brief fan Troelstra oan Goeverneur net datearre, mar wierskynlik fan augustus 1880 (IISG).
s. 367, Mei
net-datearre hs. op it FLMD; sjoch Leeuwarder Courant, 3.6.1972 (S.J. v.d. Molen).
s. 368, Ose en Owe
net-datearre hs. op it FLMD. Fragmintaryske oersetting fan in Frysk dichtstik fan Jelle Troelstra sr. (sjoch Swanneblommen, 1871).
(1) Hjir hat de dichter romte iepen litten en oanjûn dat er noch in wurd ynfolje moast mei ien lang en twa koarte lidden.
s. 370, In de regen
Dit fers is datearre op 1880; it is net wis, dat it yn de jiergong 1880 fan De oude Huisvriend stien hat. Itselde jildt foar ‘Lange Hans’ en ‘Aan een zestienjarige’. Yn jiergong 1880 soe ek noch it fers ‘Moederziel alleen’ stien hawwe, dêr't wy de tekst net fan efterhelje kinnen hawwe.
s. 372, Het lied der liefde
yn De oude Huisvriend 1881 datearre op febrewaris 1880 (Ljouwert). Sjoch earder neamd net-datearre brief oan Gouverneur (IISG).
s. 374, Lange Hans
datearre op maart 1880.
s. 375, Aan de haard
yn De oude Huisvriend 1881 datearre op augustus 1880 (Ljouwert). Sjoch in brief fan P.J. Troelstra oan H. de Veer d.d. 28.8.1880, yn ôfskrift
| |
| |
bewarre (IISG), mar wierskynlik net ferstjoerd.
s. 376, Aan een zestienjarige
datearre op augustus 1880 (Ljouwert).
s. 377, De schoonmaak
lyrisch gedicht in drie zangen; datearre op 12.5.1881; ek publisearre yn Friesch Volksblad 15.5.1881 en apart útjûn (2 bl. printwurk).
Yn De oude Huisvriend krige it fers dizze notysje mei: ‘In een vroegere aflevering (p. 200 “Schoonmaken of niet”) heb ik zelf dit onderwerp al eens in proza behandeld. Toen stond de pret nog voor de deur; nu hebben wij haar achter de rug voor dit jaar, en 't lezen van dit lyrisch gedicht van mijn jonge vriend Troelstra zal bij mijn lezers en lezeressen licht een gevoel van warme dankbaarheid doen oprijzen.’ 20 mei 1881, De H. (= De Huisvriend = J.J.A. Goeverneur, de haadredakteur).
s. 385, Ik ken een meisje
dit fers berêst yn in ôfskrift fan de hân fan D.J. Kamminga op de Aldheidkeamer te Dokkum; it kin net op S.M.D. Bokma de Boer slaan, omt de dichter pas letter mei har yn 'e kunde kommen is. It fers is datearre op oktober 1882 (Grins).
s. 386, Radbouds dood
datearre op oktober 1882 (Grins). Fergelykje ‘Radbods dea’ (s. 188).
s. 388, Vult de glazen, broedren klinkt!
yn it ferslach fan 10.12.1882; P. Troelstra fierde by de ynauguraasje it wurd as praeses fan it foarste jier.
s. 389, Motief
frij nei Goethe's ‘Beweggrund’. Sjoch ek Minerva, 1883, 17 en 25.
s. 389, Feestcantate
útfierd by gelegenheid fan de iepening fan de nije sociëteit op 22.6.1883 troch it muzykselskip ‘Bragi’ fan it Groninger Studenten Corps ûnder lieding fan P.H. de Groot. (Sjoch Groningsche Studenten Almanak voor het jaar 1884, 171).
s. 392, Aan 't kerkervenster
sjoch Wording, 175 (2e pr.).
s. 392, Wij blikten elkander in d' ogen
sjoch Minerva 1884, 20 e.f. en 37.
s. 393, Ik benijd u
idem.
s. 393, Op zeker praalgraf te Groningen
(1) Men weet dat het huis van de Heer Scholten gewoonlijk het ‘zarken hoes’ genoemd wordt. It fers is ûndertekene mei X; sjoch Wording, 210 (2e pr.). Sjoch ek De Vrije Fries 1980 (J.J. Kalma).
s. 394, Avondgedachten
fragmint.
| |
| |
s. 395, ‘Van al de zorgen, mijne Heren’
útsprutsen yn jannewaris 1884 by it útrikken fan de poedelpriis nei de biljertwedstriden fan Vindicat atque Polit.
s. 397, Openbaring
sjoch de oantekening by ‘De lêste klokslach’ (s. 215).
s. 398, Zon en maan
‘Ich preise mir den Traum’, Hamerling.
s. 402, Aan de mannen van Friesland
yn Van Leed en Strijd datearre op oktober 1892; 1891 liket wierskynliker, omt de Almanak voor de Volkspartij in Friesland voor het jaar 1892 yn it lêst fan 1891 ferskynd is.
s. 404, Een lied van mei
Ljouwert, april 1893.
s. 405, De propagandist
Amsterdam, july 1893; sjoch Groei, 70 (2e pr.).
s. 408, De kamp van Zeist
Utrechts Socialistenlied; yn De Baanbreker net ûndertekene, sadat it auteurskip fan Troelstra net alhiel wis is.
s. 409, Optocht
Utert, april 1896; ek yn De Sociaaldemokraat 1.5.1896 mei de titel ‘De eerste mei’.
s. 410, De mars der arbeiders
In memoriam William Morris; nei William Morris; Utert, oktober 1896. W. Morris libbe fan 24 maart 1834 oant 3 oktober 1896.
s. 413, Hoog onze vlag!
Sociaaldemokratysk striidliet.
s. 414, De nieuwe tijd
Utert, oktober 1896.
s. 416, Gewond
Enkhuizen, jannewaris 1898.
s. 417, Verhard
idem.
s. 418, Januari 1900
Oud-Hollandsche wijze (Valerius no. 1).
s. 418, Bootlied
sjoch dr. J.B. Schepers Troelstra als Fries dichter, 13 en 112; ek J.B. Schepers yn It Heitelân 1931, 39.
s. 420, Leovardia-lied
‘te singen oppen ouwe Luwadder wieze’; sjoch de oantekening fan H. Burger by dit fers.
| |
| |
s. 421, Das Veilchen
in fers út Piter Jelles syn h.b.s.-jierren, bewarre yn in brief oan syn pakesizzer Hans v.d. Stok 12.1.1927.
s. 421, Hommage à Mademoiselle Agar
‘Leeuwarde, Janvier 1882’. Sjoch de oantekening fan J.P. Wiersma yn Rispinge3 mei syn oersetting:
‘It fers ‘Hommage à Mademoiselle Agar’ hat de dichter skreaun yn jannewaris fan 't jier 1882, doe't de ferneamde Frânske toanielspylster Juffer Agar te Ljouwert kaam yn de rol fan Agrippina út Racine's tragedy ‘Brittannicus’. Dizze Agrippina wie de mem fan keizer Nero; neffens Tacitus in meunster fan in wiif, in fergifmingster en in moardneres, mar yn Racine's bewurking in gâns ûnskuldiger type. Fan har spyljen te Ljouwert sei de krante: ‘De wijze waarop Agar speelde, was boeiend en overweldigend. Dat was nog eens declameren! En dan nog eens die gebaren en standen, al schonk Agar daaraan ook thans soms misschien te veel aandacht; hoe juist waren ze gekozen, hoe sierlijk en waar, hoe krachtig en toch schoon! Hoe juist genuanceerd klonk ieder woord uit haar mond.’ Dat Piter Jelles fan har spyljen pakt en weitôge waard, dit knappe fers is dêr it kleare blyk fan. In Fryske fertaling mei hjir folgje:
Hulde oan mademoiselle agar
De figueren fan in ferteine ieu haw ik op 'e nij libjen sjoen.
In dream fan it ferline hat my noflikjes widze,
Ik haw in memmehert sjoen, oandien, ferbûke, stjerrend.
Dat natoer wie keunst, en de keunst waard natoer.
De keunst is in goddelike geast, oerwinner fan de stof,
Troch har is haat, smert, alles ûnderhearrich oan de skientme.
De keunst is de moanne, fersierend de nacht mei har fakkel;
De dauwe fan it blomte; fan de ierde 't griene klaad.
AGAR, waans libben inkeld in oerwinning is,
Sinne, strieljend foar ús, yn spyt fan dize en tsjusternis,
Racine libbet troch jo; sa lang as hy sille jò libje.
De keunst, keninginne fan jins hert, sil jo mei gloarje kroanje.
De Leeuwarder Courant hie it folgjende kommintaar by it ferske:
‘Ofschoon wij tot regel hebben aangenomen, geen verzen in ons blad op
te nemen, maken wij voor dit maal gaarne ene uitzondering, om plaats
te geven aan de volgende ontboezeming van een jeugdig stadgenoot:’
|
|