Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 354] [p. 354] aant. [Gelegenheidswurk foar it lustrum fan it Groninger Studenten Corps yn 1884] Lieafde jouwt libben Oonn' e tsjeppe bliere drege loddrig-swiete fammen fenn'e wol trogwitt'ne stead fen Grinz Uwt Deads dod doddzjend oerset yn dizz' freamd lânsdoue, Wier 'ck nuisck in njoer in woe naet langer libbjen bljoue. Dear koam de wjueckte Cypris soan In loacke in gloercke nolck my oon. Hy kâte: Stalcke, kinst dy naet de Dead ontwyne? Gong mey, tel schil dy d' Ierd mey tuwzen reapen byne. Ick troaide Kuwze aefteroon, In (mieri!) it foldocht my schoon. Fen peasjeack goudne muwle hercke ick dertne tuwle, In sjoe Min's swietste swiet yn wang-ferwiel beschuwle. O my! o loddrig-swiete djier'! So wier 't aeaeck foar twahondert jier. Ick libbje op ‘ny, mogg’ aeaeck myn frjuenen my beguwchje, 'k Wol hier, ynn' Ljeafde's stead, fen Ljeafde yvig juwchje. O libben-teeljend fjoer (het held Bljout held?) dou jeldest jiett' de jeld. Yn oprjeuchte njue fen alle tsjeppe bliere fammen iz dit schreoun fen Gysbert Iapix Rjuecht in Sljuecht Ynn'e leste helt fen Simmermoanne, 't jier 1884. Vorige Volgende