Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Leste blink Wêr hege snie de dize brekt en drôget Oer blauwe mar en berchlân wiid en fier, De simmersinne oer 't jonge libben lôget En 't fûgelt brulloft hâldt yn 't moaist fan 't jier - Dêr, einlings, bist ûntbûn fan pine en smerte, Byld út myn jonkheid, al ferblikke lang; Mar opstien út 'e dize fan myn herte, Kein sniegesicht, by sinne en simmersang. En mei dy briek troch wolkens fan 't ferline 't Byld fan myn swiete jonges-dreamerij, Wêroer twa eagen myld as stjerren skine, Sa nei - en dochs sa fier en heech foar my. O stille langstme, djip, jit sûnder winsken, As leafde in wijinge is, dy't wurden mijt, In wiffe fûgel, skoftich fan 'e minsken, Dy djip yn 't wâld de nacht syn sangen wijt!... No bringt men dy, in brutsen byld, dêrhinne, Wêr iens dyn jong blier wêzen gluorke oer my, Wylst ik, jit doarmjend ûnder 't ljocht der sinne, Tink oer de stille wegen, wachtsjend dy. [pagina 353] [p. 353] Sa hat jit ienkear my dyn each bestriele, Wêr himelblau oer mar en bergen leit. Hiel efkes teistre oer my dyn ljochte siele En waard dan wei, terûn yn d' Ivichheid. Vorige Volgende