| |
It alde doarp
Ynkomste
Ik kaam werom yn 't âlde doarp,
Dêr ik as berntsje wenne;
't Wie fiifentritich jier al lyn,
Doe gong ik dêr fandinne.
Ald doarp, dêr sjochste my werom
Nei rju geswalk om fierren;
As berntsje gyng ik by dy wei,
Ik seach sa frjemd it libben oan,
No wit ik syn geheimen skoan,
No haw ik midden 't libben stien,
Waans wieling my ombrûsde
En mannich hege sang ferstien,
Dy't yn syn stoarmen rûsde.
Oer hege bergen bin ik tein,
Dêr 't keine sniefjild striele;
Yn djippe delten haw ik lein,
Ferslein, mei brutsen siele.
| |
| |
Wylst ik nei hege wierheid socht,
Ha 'k faak de leagen tsjinne;
Yn 't djipste wollen fan myn hert
Moast ik my faak fersinne.
Sa rûn myn paad troch wolken meast
En wat der barnde yn 't eigen hert,
Dat wiene ûnwisse lampen.
Wylst ik it goede tsjinje woe,
Sa't my de wrâld dat learde,
Ferfoel d' oerhearrige natoer
Unwittend faak ta 't kweade.
Joech ik my nei 't begearlik flesk,
De geast rekke oan it kwinen;
Wijde ik alhiel my oan 'e geast,
It flesk begûn te slinen.
Sede en natoer, hja kreauden meast;
Elk hie syn eigen wetten -
Hjir leit it ynlikste geheim
Fan 't libben yn besletten.
Dochs - dwile ik faak ferlegen om
En seach nin stjer, nin sinne,
Myn dwylpaad bûgde 'm om 'e wei
Fan 't ljocht yn slingers hinne.
Faak hommels foel in gjalp fan 't ljocht
Dan seach ik, wêr ik hinne gyng,
En jimmer wie 't omhegen.
Soms, as ik nearne op wie fertocht,
En droegen my nei better plak
| |
| |
Net ik ha 't libben makke nei
In plan fan 't Goede en Wiere;
Nee, 't stoere libben het my grypt,
't Is, let faak, foar my iepen gien
En het myn wei my hjitten,
En wat syn ropstim my ek sei,
'k Ha 't paad my wize litten.
Sa wie dat wûndre libben my
Fol ljocht en swarte skaden,
In berchlân, woest, fol poëzij,
Oant ik omheech in greide fûn,
Dêr koele beammen rûsden,
Sa djip it wylde fûgelt song
En kleare wetters brûsden.
Dêr ik in hoartsje rêste mocht
En hielje wat der blette yn my,
Dat ik de swiere paden, dy't
Jit winke yn 't hege blauwe,
Mei fêste foet bestiigje mei,
Oant my de leave hannen, dy't
Sa soarchsum oer my binne,
De lidden strike oer 't brekkend each
En 't stil wurdt om my hinne.
| |
| |
| |
Doe en no
Dêr stekt út griene beammen d' âlde toer
De skiere holle oerein yn 't blauwe swurk,
Dêr triljend sinneljocht syn goud yn weeft.
Stil, steatlik riist er op, as yn de tiid,
Doe't wy as berntsjes oan syn fuotten boarten.
Tinzen fan d' âlde tiid driuwe om syn holle,
Hûgnis fan ieuwen leit drôgjend oer syn lea.
By al wat wiksle wiist dy stoere bliuwer
Jit stom omhegens boppe d' âlde leane,
Dêr alle deaden 't lêste paad oer geane.
De libnen libje en stribje om him yn 't rûn,
De deaden sinke rûn him yn 'e grûn;
Hy bliuwt en stiet dêr stom yn har fermidden,
In grize prester, foar har rêst te bidden.
Tsjin 't grien flijt mannich hûs it reade tek,
Yn 't beamte heal ferskûle, stil en fredich.
De wite wegen wine nei it doarp
Har ta, mei húskes dy't har eagen sletten
Foar 't kleare ljocht dat foar de finsters teistert.
Hja rinne d' âlde pleatsen jit foarby,
Dy brede tekken, âlde reade muorren,
Dy hôven fol geheim, dy griene doarren,
Dy finsters yn it skaad fan linebeammen,
My jit sa hiem as hie 'k der juster boarte.
Dêr boarret ek it grutste hûs fan 't doarp,
De skoalle, syn breed plak troch 't beammegrien -
Sa, doarp, hest sûnt myn bernetiid dêr stien.
Oan beide kanten fan it âlde doarp
Stiet 't nije, dat ek hjir foarútgong brocht:
Twa hege skoarsdens blaze dêr har reek
Oer fjild en beamt yn tsjokke walmen út.
Rjochts rint it spoar dwers troch de lannen hinne,
Lâns gouden nôt, dat yn 'e skeaf al stiet,
Ierappellân, dêr 't folk oan 't dollen sit,
En ekers, dy't fol sûkerwoartels binne.
In grutte wurkpleats stekt syn skoarstien op,
| |
| |
Wêr earen 't leaflikst boskje wie te finen,
Dat smoute plakje, dêr ik mannich snein
Yn sinneskyn en iensumheid ferdrôge.
Riis, sulvrich beamte, foar myn each wer op
En wjukje wer myn siele binnen, tinzen
Oan hillige oeren, as myn jonge geast
Mei 't blide ljurkje nei de wolken fleach
En op syn sang de himel binnen teach.
O, sneinen, fol fan frede en klokkeklang,
As yn 'e loft it ljocht sa trille en weefde
En fan 'e grûn sa'n fine wazem dampe!
O, fiere kjimmen, wide wide wrâld,
Dêr 't hege swurk sa blau, sa djip oer hong,
Sa fol fan ljocht, fan seine, fol fan psalmen.
Dêr lei ik, och sa lyts, in wjirmke, in blomke,
In dripke dauwe yn 't eineleas hielal -
Jit, ek mei oantaast fan dy libbensdrang,
Dy 't hertsje tinen die fan leed en nocht
En 't mei de ljurkesang omhegens treau.
O, earm lyts sieltsje, dat dy hege himel,
Dy wide wrâld yn dy befetsje woe,
En neat oars koe, as mei de damp fan 't fjild
Omheech te wazemjen yn ile langstme!
O, keine, súvre langstme fan it bern,
O, blanke dream fan libbens earste dei,
Hoe swiet, hoe droef tins ik dy efternei!
Wêr doe de ljurk sa song en stille dreamen
Ut berneherten wâlen, litt' no skille
En fluit har skrille stimmen hearre, droanet
De trein mei swier gepûst, walmet de reek
En bûnzje swiere hammers by gleone fjurren.
It nij bedriuw ferdreau de poëzije
Fan 't stille fjild. It boskje is wei; de ljurk
Wykt fierder op nei súvrer, stiller loften -
En 't berntsje waard in strider yn 'e wrâld,
Dy d' ile langstme fan syn jonkheid omset
Yn dieden, hurd en lûd faak as 't gedroan
Fan trein oer brêge, dêr de reek nei stoot,
| |
| |
Dy't ek de frede fan 'e fjilden brekke
En fan in nije tiid, mei nije minsken sprekke.
Hin dêr, dy âlde pleats, myn jongesparadiis!
De hutte is wei en ek it amerrak,
Dat blonk yn 't ljocht fan 't giele en reade koper.
Mar 't mulhûs kipet ûnder beammen wei,
En ropt swiet tinken op oan rizenbrij
En oan 'e bank by 't finster, dêr myn plak wie.
Foar d' âlde muorre mei it ûleboerd
En 't iizren jiergetal, dêr boarten wy
As berntsjes dei oan dei op 't selde hiem.
Dan kriele 't faak fan mûzen yn 'e hjouwer;
Yn lange fuorgen lei it neakne skaai
En mannich finger dripte fan it bloed,
As blyk fan mûze-memmeleafde en -moed.
Fan bûten hast itselde as yn myn tiid.
Mar yn 'e hûs, hoe soe it dêr no wêze?
Ik wit net; mar 't fabryk dêr lofts fan 't doarp
Helle út de pleats in brok wei fan 't bedriuw.
Wol stean by 't winter yn it waarme bûthús,
Dêr 't swit dript fan 'e muorren, jit de kij
Te snúvjen en te stinnen en te kôgjen,
Wylst no en dan in sturt omhegen giet
En weake drits der delkwatst yn 'e groppe -
Mar, wurd' de rûne jaren dei oan dei
Moarnsier en jûns fan 't wite wiet ûntlêstge,
't Gemaak jout no gjin wurk mear yn 'e hûs.
Boers wiif is ‘frou’, mar net mear de ‘boerinne’,
De tsiis- en bûtermakster fan foarhinne.
De tsjernherne is no stil; it blauwe fet
Mei glêde koopren hoepen is ferdwûn;
Oer is it kletsen fan 'e pols yn 't wiet;
Nin âlde guds rint him mear blyn op 't tsjernpaad.
Men sjocht yn koele kelder ûnder 't foarein
Net mear yn d' aden giele reamme stean
En net mear rigen tsiis, it pronkwurk fan
De weake glêde fingers fan 'e frou,
| |
| |
Dy hân, sa redsum, dêr de wite brokken
Rûnom út protten by it trocharbeidzjen.
Komt no in boi op 't hiem, hy longert net
Nei 't plak, dêr tsjokke sûpe buorle yn 't fet
Of giele farske waai te wachtsjen stie
Of hjerstmis luorreman te finen wie.
Efter dy hege doarren is de skuorre.
Dêr stiet it hea wol oan de bynten ta,
Op hege weinen skokkend binnen wagg'le.
Op 't fjild stean jitte koarn en weet en hjouwer,
Dy folle strak de skuorre ta de naal.
Dan moat der terske wurde; ranke terskers
Litte op-en-del de fleilen swaaie; helder
Klinke op mjitt' har slaggen op 'e telle,
Muzyk fan oerfloed davert oer it gea
En 't warbre folk yn 't doarp het wurk en brea.
Mar ek dit lûd stoar wei op mannich pleats;
In iizren gast giet by de boeren rûn,
Dy pûst en puft, dy rattelt en lawaait,
Dy stjonkt en walmet roetdamp oer it hiem
En naam de minsken d' oanslach wei en 't brea.
Sa is 't berin fan hiel de maatskippije;
It âlde wykt, wy moatte mei nei 't nije.
| |
Doarpsljuwe
Dêr binne d' âlde buorren wer,
De feart, de dyk, de brechjes;
Dêr binn' de bûtenpaden, mei
Dêr is it tsjerkhôf mids yn 't doarp,
Dy toer fan âlde friezen,
Dy tsjerke, heal fan tufstien jit,
Dy stien mei ljip en skriezen.
| |
| |
Dêr binn' de minsken, dy't my och
Sa fleurich wolkom hjitte;
De jongen binne my sa frjemd,
Mar d' âlden ken ik jitte.
Dy bliuwe stean en sizze my,
Wa stoar, wa libbet en wa nei
Dêr tsjin de tsjerkhôflening stiet
In bryk âld ploechje op klompen,
Wy prate en laitsje en hja begjinn'
Elkoarren oan te stompen.
Ik kom in lege doar foarby
En wurd nei binnen helle;
't Binne âlde lju; hy leit op bêd,
Hja binn' al oer de santich jier
En kinn' net mear fertsjinje;
Dêr ha hja wat bedieling by,
En 't wyfke laket blier tsjin my
By al har tsjinnichheden.
Strak komm' de bern; dan wurdt der praat
De man is fan in fakbûn lid -
Ek njonken 't âlde 't nije!
'k Sjoch by it spoar in húske stean,
Ierappels stean yn sekken dêr;
| |
| |
In wizer wiist dêr op in boerd,
Wat priis der wurdt betelle.
De keaper triuwt in knopke omleech
En dalik wurdt der skelle.
Dêr ropt in âlde bodder my
En troait my nei syn wente;
Syn hiele libben rûn foarby,
Hy seit my, hoe't er mei syn swit
Dy stikken lân fertsjinne,
Dêr hiel syn libbensdoel yn sit,
Syn tinzen hiel oer rinne.
Syn soan en bernsbern by him yn;
Troch hiel 't gesin wurdt bodde;
In rank jongfeint fan sechstjin jier
Swaait dêr op 't lân de lodde.
Sil dy ek op dit stikje grûn,
Of sill' syn eagen weidzje kinn'
't Is hjir in stoer slach minsken, elk
De hurdens fan har swier bestean
Is klear op har te lêzen.
Der binne folle âlden by,
Dy't raar krebintich binne;
It lânwurk spilet net swak by -
Hoe krûm en stiif hja rinne!
Yn 't blauwe linnen sjocht men har
Pankoekjen lâns de wegen;
Hja lûke earnstich oan 'e piip
| |
| |
De lodde of gripe op 't skouder leit,
De hân faak oan 'e kroade -
Swart strieën hoed of pet faak op,
Sa kroaskje hja har paadsje lâns,
De swiere grûn te bouwen,
Earwurdich yn har stoer gewrot -
| |
Alde plakjes
Ik bin it wer trochkuire,
't Ald doarp, by dei en jûn,
Mei d'âlde pleats, ús hûs.
Wei wie it hôf mei d'apels -
Mei snijwurk bûnt en ljocht,
De flearbeam en it sleatsje,
Dêr 'k winters ride mocht.
It bûthús mei de stallen,
Wêrop ús skrinkels stien' -
Dat wiene ús kij, dy't elkmis
Dêr wien' de lytse steechjes
Mei hokken, skeef en skier,
| |
| |
Dy buorren - hoe faak gyng ik
It griene kûmke omklamm're,
Dat wie dreech wurk by 't winter;
De hantsjes wien' sa blau,
De lytse fingers prykten -
Dat oare hûs by 't tsjerkhôf,
'k Wie fuort; mar hoe't ik thúskaam,
De wein kaam oan fan Ljouwert;
Sa stiif, sa bleu, sa nij.
Der siet wat yn myn binnenst,
Sa swier, dat woe net wei;
Ik gyng mei har it hûs yn,
Dêr mem op 't deabêd lei.
De keamersdoar stie iepen;
Ik koe myn heit dêr sjen,
De jongsten op 'e knibbels:
Doe briek dat swiere yn my;
En foel ús heit oan 't herte;
Doe skruten nei de deade;
De frjemde rook, it tsjuster,
| |
| |
't Waard ljochter - súntsjes skoff'len
Sa kein, sa stil, sa blier.
Dêr wie, nei 't lange lijen,
De bleke mûle yn 't swijen
Jit lústre: sa is 't bêst...
Foarby, foarby dat alles,
Al hast in fjirtich jier;
'k Ha no sels bern; dy steane
Sa ienkear by myn bier...
Fuort, fuort, nei blider bylden,
Dit tsjustre steed foarby!
Dêr neist it hûs, dy winkel,
'k Mocht baas mei helpe en fage
Dêr sneons de flier mei oan;
Fol seachmoal wien' de gatten -
Dan boarte ik mei de soan.
Dy moasten sneons ek mjukse,
't Wie wurk dus by de rûs.
'k Hie simmers myn keninen
Fertsjinne sneons mei poetsen
Foar harren 't ûnderhâld.
Wêr 't hok te stjonken stie,
Dêr fuorre ik dan myn bisten
't Brea, dat 'k fertsjinne hie.
| |
| |
Dêr lei 'k dan yn 'e sinne
En skoarske en wierre my,
En 't selde dien' myn bisten -
Ik treau se tsjin myn wangen
Dan barde 't, dat 'k my oefne
Harkers yn 't steechje ornearren:
Dêr lâns de lange buorren
Rint jitte d' âlde feart;
Hoe wiid wie 'r foar myn eagen!
Wat wie 't in blide moarn,
As 'k út ús finsters sjen koe:
De kreamskippen binn' oan!
Dan krielde gau de buorren
Manlju mei swiere knevels,
En 't swit dripte út har hier.
Froulju mei bûnte flarden,
De boarsten heal troch 't jak,
| |
| |
Famkes mei fine troanjes,
Mar roppich, fiis en goar,
Skreaurige smoarge jonges,
Dat skeuke dêr troch elkoar.
En sketten, frjemd beskildre;
Dat hage ús, berntsjes, skoan.
Dan gyng it op in hamm'rjen
Dreau hiel de buorren oer.
Gau strúnden kreuple kearels
De skeve bek, wiid iepen,
Dan wie 't ‘de moard fan Raamsdonk’
Of 't fers fan ‘troelala’;
Dêr waard ik faak mei pleage
Faak fleagen redsume aapkes
In kearel mei twa hûntsjes,
Heal neaken, dryst en wreed,
Blaasde op in hoarn en rôp mar:
‘Earst sinten op it kleed!’
Dan op in moarn yn maaie -
Davere it rûn it tsjerkhôf
Fan 't balten fan 'e kij.
| |
| |
Dêr waard dan tsierd en difne,
Bean, frege, hantsjebakt,
En - griene drits delkwakt!
Traktearje yn 'e herberch
Wie meastal 't einbeslût;
De damp fan drank en pipen
Feintsjes sa skjin en noftren,
Wie swier gestamp fan 't skotsen,
't Wit jit, hoe 'k as foech jonge
It paad nei 't ‘Bierhûs’ fûn.
Dêr wie it folk oan 't skotsen;
Dan wie 't wer: alle meisjes!
Men gyng dêr yn 'e rûnte,
En sprong op krûme skonken
En stampte en rôp sa lûd.
Troch wolk fan reek en dampen
| |
| |
Wat ha 'k dy jûns dêr sitten
Hja kaam lichtwol út Spanje,
Hoe kâld soe 't har hjir wêze,
Hoe fol ferlangst har hert!
Wat diigre hja swiersettich
De keamer soms yn 't rûn;
Mar glâns kaam yn har eagen,
‘O, ridder, kom dochs harren,’
Sa lústren troch 't poehei
‘En bring dyn breid hjir wei.
Tsjoch oan dyn stielen harnas
En gaspje 't kriichsswurd om;
Nim my by dy op 't hynzer,
En dan nei 't suden, kom!
Dêr wachtsje ús al myn âlden
By glâns fan goud en kearsen
Oan 't steatlik brulloftsmiel!’
M' in ljuentsjend minneliet,
Wylst ik mei myn prinseske
By nacht nei Spanje ried.
| |
| |
By nacht, ûnder 'e stjerren,
Yn 't hege ljocht fan 'e Molkwei,
Barnend fan himelsk fjoer.
Dêr doe fan troch mei my -
| |
It deade-doarp
Rin ik dy troch, o âlde buorren,
Ik sjoch de libnen faak foarby;
Yn alle doarren steane deaden,
En o, de measten winke my.
De smid, ús buorman, stoer en skredich,
Komt ta syn swarte smidte út;
Hy sjocht yn 't waar, brimt oer 'e buorren,
Dat wie jûns jimmer 't einbeslút.
In âlde grize bodder strampelt
My mei in hingelkoer foarby;
Hy bringt de drankjes rûn foar dokter;
Lit my ien sjen: ‘Dat is foar dy!’
D' âld boer, waans pleats wy koart bewennen,
Komt op it hiem en sjocht en bromt:
‘Ik moat hjir earstdeis sels wer hinne,
Want op it tsjerkhôf ha 'k gjin romt.’
Us âlde doomny kuiert stadich
Yn 't tún fan d' âlde pastorij.
Hy ropt my oan; ik kom, wy fûstkje;
Syn deade fingers knappe 'erby.
| |
| |
‘De Stienzers habbe har goed hâlden’,
Seit hy, ‘by myn begraffenis;
Ik moat ek sizze, dat it tsjerkhôf
Hjir tige stil en fredich is.’
Foar dokters stiet de bles foar 't weintsje;
Holeagich sjocht it bist my oan,
En dokter, mei syn bliere troanje,
Ropt: ‘Wat, bisto noch net ferstoarn?
Wost faaks wer mei nei de pasjinten?
En bringst de bles dan wer nei 't lân?
Hy wurdt hurd minder, mar hy het ek
Yn fjirtich jier gjin fretten hân.’
'k Sjoch foar de skoalle grutte Wibe,
D' eksteur, by d' âlde master stean.
Hy winkt my mei de stôk - ik trilje,
Mar kin myn needlot net ûntgean.
‘Dêr is er’, seit eksteur; ‘kom master,
Lês him no goed it leksum op;
Want as 't net hurd mei him feroaret,
Dan groeit er op foar galge en strop.
Dêr het er my in ferske makke,
Dat giet de hiele buorren lâns,
Fan Job de Jong oant Age Mouwe -
Wat dêr yn stiet, dat is wat mânsk!
Dat Gerk' bakt stuten sûnder krinten
En Gelfke' koeke skimm'lich is,
Alde Aarnt syn faam slacht foar de billen
En al wat mar skandalich is.’
‘Alde Aarnt’, seit master, ‘wie krekt by my.
Dat fan dy faam, no, wier is 't net.
Hoe kaamst der by, sok ding te sizzen?
De man is hielendal ferset.’
| |
| |
Ik stamm'rje: ‘Dat kaam fan 'e “pillen”
Fan dokter; sjoch, it rym brocht mei -’
Mar master sjocht my lyk yn d' eagen:
‘Ik ried dy, lit soks foartoan nei!’
‘Ja, ja’, seit Wibe, ‘as it wer bart,
Sa grif as wat komst yn 'e toer;
Do heste mear al op dyn kerfstôk!
No, master, kom; de nocht is oer.’
No doar ik amper fierder rinne:
It libbet hjir fan deaden hast.
Dêr is dy bleke deade, dy't ik
Hjir sels op 't tsjerkhôf bringe moast.
Hoe soe 'k dy swiere reis ferjitte,
Dat klokgebrom út d'âlde toer,
Myn earme heit, dy 'k skriemend folge,
Mei sloppe knibbels 't tsjerkhôf oer?
Hoe't ik ek snikk're by dy kûle -
Wat ik deryn brocht, 'k wist it net:
Earst letter, folle letter, learde 'k
Nei dy ferlangjen, memmehert!
No wit ik, dat dy leafdehonger,
Dy't my sa fyt're 't libben troch,
Begûn is by dat stille grêf dêr,
Wêr ik ús mem my winken sjoch.
| |
Ofskie
Farwol, âld doarp, ik moat fan dy fandinne;
It libben lûkt, de koarte lins is oer;
Farwol, do beammeskaad om d' âlde toer,
Jim wide fjilden, drôgjend yn 'e sinne.
En jimme, warber folk, sa trou, sa gol,
Freonen fan âlds, farwol!
| |
| |
Dyn loften hingje oer ikkers, swier fan fruchten;
Fier binn' de kjimmen, 't wurk op 't fjild neiby.
Sa wêz' en bliuw' foartoan ek 't libben my:
In wiid gesicht nei fiere blauwe hichten,
By warber wurkjen foar de dei fan hjoed;
As faak myn tinzen ljocht fan dreamen binne,
Ald doarp, ik wit it no, ik tankje it dy:
Hjir fûn myn jonkheid al de fantasij
Fan wolkeflecht en ûndergeande sinne;
Hjir dreau sa heech de himel boppe my
Under sa'n loft, by sokke wide fierten
Wâlet de geast de heechste fjilden oer;
Hjir is prest'res fan 't ideaal Natoer;
De siele stribbet him yn 't Ivige út te jitten;
Ut lyts gedoch, út wearze min en leech
Lûkt jin dy loft omheech.
Mar swier is 't deiske wurk hjir op 'e modder,
Dêr 't brea yn slommet dat it minskdom fiedt;
Dêr struit elts jier de warbre boer it sied,
Dêr ploeit en hout en wjuddet mannich bodder,
Dêr ripet linkenoan de frucht, fol tier
Of minnich, nei 't gewier.
Men libbet hjir yn hope en frees mei d' ierde,
Mei 't stil ynwindich wurkjen der natoer;
Hja makket neat út neat, hja slacht neat oer
Yn 't keatting fan har fêst besibbe dieden.
Hja bynt, wat grûn en loft besletten hâld',
Under de hege flecht fan ljochte wolken
Waakst hjir it nôt dat fiedt, it flaaks dat klaait;
De boer sjocht rûn, oft net de stoarmwyn waait
| |
| |
En 't ûnwaar broeit yn himels donkre kolken.
It each omheech - de hân, oan wetten bûn,
Sa is ús libben: hege fiere tinzen
En lytse dieden, leech faak by de grûn.
Us is grut wollen en lyts kinnen jûn;
It heechste yn 'e minske is yn it leechste finzen.
Dy twa fan-ien jout lêst en sonde en striid;
By-ien is 't goed en bliid.
'k Haw om in God fol twivel biddend kniele;
Mar 'k tocht him boppe en bûten 't minskebern,
En nearne koe 'k folmakkenisse sjen.
God is it byld fan 't Ivige yn ús siele;
Wy diel fan 't Ivige; God mei minske ien -
It grutte Libben rôlet fuort troch d' ieuwen
En nimt de minsken en har slachten mei;
't Nimt oer ús widze en grêf syn eigen wei;
Swiere geheimen bliuwe oer ús holle driuwen.
Natoer, histoarje, minskemaatskippij,
Yn kringen leit it libben om ús hinne:
It húsgesin, it heitelân, de wrâld,
't Bedriuw, de klasse dêr men jin by hâldt,
Dêr lizz' de grûnen dêr w' op aardzje kinne,
De loft, wêryn ús geast nei 't grutte tynt,
De wei nei 't Iivge fynt.
Earst wol de feint foar 't heit'lân libje en stjerre,
Dat Grutter boppe him, dat hy oanbidt;
Dan fynt er oare, grutter kringen jit,
Dêr al syn leafde en langst oan tabehearre.
Hy fynt syn ropping yn 'e maatskippij -
| |
| |
Yn brede weagen rôlet de histoarje
Nei nije tiden, blierkjend oer har paad.
Is no it folk yn klassen splist en skaat,
Dy't elkoar haatsje en kreauwe om 'e fiktoarje,
‘Ien mienskip 't folk’ is 't wachtwurd fier en hein,
Dêr wurdt de grûn ta lein.
My ropt dat wurd út dizze bliere krite
Dêr hinne, wêr de wyn fan 't libben waait;
'k Moat mei foaroan, wêr 't folk syn flagge swaait.
Dien is de rêst fan dizze stille rite -
Hast nea wie oer de wrâld dy striid sa fel:
Dêr leit it doarp. 't Stiet mei de toer tsjin 't westen,
Dêr read de sinne mank de wolken sinkt.
Op blauwe kilen gripe en seine blinkt -
't Folk trapet wurch nei hûs - 't is tiid fan rêsten...
De dauwe dampet; gouden rêst siicht dol -
|
|