Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Teroele Lyts tsjerkhôf, grien tropke beammen, Ald plakje, do hillige grûn, Wat leiste dêr stil oan dyn marke, Sa stil yn 'e goudene jûn! De wrâld is sa wiid om dy hinne En de himel sa heech en sa fier En alles is krekt as foar ieuwen, Doe't hjir ús wenplak wie. Hjir het de foarfaar bodde Sa swier foar it deistige brea. Har swit dripte del op dy greiden, Har hiele wrâld wie dit gea. Dêr ûnder 't gerûs fan dy beammen Dêr brocht men har te hôf; Dêr ûnder dy sliepende blommen Leit har fermôge stôf. [pagina 330] [p. 330] aant. No iepent myn hert him foar tinzen Oan dea en ivichheid - Dêr slacht de wyn yn it skipke, Dat op my te wachtsjen leit. Farwol dan, frede der deaden! 't Lûkt my wer yn 'e striid. It is in nocht om te libjen Yn ús grutte, moaie tiid! Vorige Volgende