| |
It koalsiedterskjen
De giele weet stiet stiif
Oer 't griene flaaks gean stil
De bolle brúntsjes hinne;
't Ierappellân wurdt goar
It nôt falt foar de sichte;
Men tept it flaaks en swaait
De dollers binne op 't lân
| |
| |
Oan 't wrotten yn 'e lichte,
Mei brede earmslach stean
De sichters op 'e skonken;
't Giet stadich-oan foarút,
Yn 't flaaks gean earmen heech,
Mei gripe en hannen klaut
Op 't nôtfjild snijt it stiel
Aloan sa skerp troch 't strie,
Of driuwt it klear geklink
Fan 't harjen nei de kjimmen,
Wyl 't fûgelt delstrykt yn
Op 't flaakslân binn' sa stil
Dêr wurde yn 't hege blau
Dêr is sa'n smout gepraat
No roppe ús d' ikkers, dy't
Sa swiid te pronkjen stiene
Dêr swiete rook oer hong,
Fan tank en nocht sa bliid.
| |
| |
De sinneglânzen dreauwen,
Oant it syn kleur ferlear
En griene pûlen bleauwen,
Ik, kleedbaas Abram Martens Kuer
Fan Hijum, doch te witten,
Dat ik in kleed ha, wiid ferneamd,
Mei romte foar twa spriedten.
'k Ha 't fan myn âlden erfd;
Gjin jutten is 't - dat kerft -
Mar fan bêst himpen linnen;
Jout dit kleed hjir fertier
Dit kleed, dat is myn keninkryk;
Dêr stel ik no de wetten,
Dy jilde, wêr ik 't oarber fyn,
Fan Stiens oan Hall'merhoeke,
Of myn kleed moat men brûke.
De sinne skynt, de loft is klear,
't Is hjoed moai waar te jeien;
De boeren rinne 't hûs hast plat,
Om 't koalsied yn te krijen.
De gabels, reauwen, souwe,
| |
| |
Draachkleden, al 't gerei,
No sill' wy skodzje en klauwe!
Wêr 't strie sa bros en brún
Op d' ikker leit, dêrhinne!
Dêr wurdt it kleed al spraat.
Dêr sille w' ús deihier winne,
Nei 't oerâld Frysk gebrûk -
Lit ús it grutte wurk oertinke,
Dat ús te dwaan stiet dizze dei,
Dan kinne ús goede learen winke
En stypje en treastgje ús op ús wei.
Lit ús foarearst ús lytsens fiele
By 't iivge wâljen fan Natoer,
Dat al dy moaiens, al dy fruchten
Rûnstruit de wide fjilden oer.
Hoe heech ús tinzen fleane meie,
Us earste soarch is 't deistich brea;
Nei 't heechste en bêste mei' wy jeie,
Oan dizze plicht ûntkomt men nea.
De jiergetiden komme en geane,
Dêr giet ús wurk mei op en ôf;
De loft en 't waar, de grûn, de sinne,
Dêr hingje wy alhiel fan ôf.
Mar al hoe min en lyts wy binne,
Wy lizze 't Libben oan 'e bân,
Dat popert troch de skepping hinne
En jaan 't in doel mei ús ferstân;
Wy binne 't regeljen, it tinken,
| |
| |
Yn 't wâljen fan dy hege macht,
Dy't oan 'e dei de sinne jûn het
En moanne en stjerren oan 'e nacht.
Lit ús dus al ús krêften brûke,
Om 't wurk te dwaan, ús tabetroud,
En ús fan 't grutte Libben lûke,
Dat oan ús wurk de seine jout.
Lit ús it lytse net ferachtsje,
Dat ús te dwaan stiet dei oan dei,
Mar dêr it hege en grutte yn achtsje,
Dêr't lytse minske oan wurkje mei.
Hjir leit it strie; in hiel jier teach derhinne,
Doe struiden wy it sie hjir op it lân;
Waarm ûnder kluten habbe wy 't bedobbe,
En trijris wjudde is 't fan ús warbre hân;
Wy habbe 't sichte en 't dellein hjir op d' ikker,
Te brieden yn 'e hjitte sinnebrân -
Loft, sinne en grûn ha dien al wat hja meie;
Dêr komt it kleedfolk oan - wy kinne jeie.
't Sil rôlje yn kerltsjes
Fan 't sie troch 't wiet;
| |
| |
Foar 't earst yn 't ljocht;
| |
| |
't Sil rôlje yn kerltsjes
| |
| |
Dit is de wet fan myn kleed;
Boer en folk, wol der nei hearre.
't Is it gebrûk hjir fan âlds;
Trettsjin man skik ik ta 't kleed;
Fjouwer de boer, ek de hynzers.
't Stalsiikjen soarget hy foar;
Earst wurdt der fliermakke, moarns;
Nimmen net mei dat fersûmje.
Fuorgen dy moatte goed ticht;
Stoppels dy meie 'r net bliuwe.
Fynt menhear ien jitte stean,
Elk het syn plak op it kleed,
Elk het syn wurk ek op d' ikker;
Baas fan it spul is menhear -
Drinken op 't lân skikt de boer -
Soer mei de kofje net wêze!
Doch yn 'e tsjettel koartfoer;
Pipen net oanstekke yn 't kleed!
Dat moat twa trêd fan 'e peuling.
Dy't him net trou dêr oan hâldt,
| |
| |
Binne de hynzers yn 't kleed,
Dan krij' de dragers de flagge;
Hja stekke 'm op oan 'e peal -
't Sie wurdt de boer op 'e wein
Levere yn sekken, goed tichtbûn.
Is alles goed op 'e wein,
Ien mei him drage nei hûs;
Earst wurdt der boelguod oer hâlden;
't Giet by stoers-kantsjes.
Dat is in stoer dan it kantsje;
't Kantsje is in botsen syn folk;
Elk dy't de flagge net krijt,
Moat yn 't gelach jaan in kwartsje;
Hy dy't him het, kriget by
Wat de boer jaan moat, stel ik
Ut mei menhear en de dragers;
't Giet by 't pûnsmiet, neffens 't sie,
D' ôfrekken hab ik oan hûs -
Dy wie alear yn 'e herberch,
Mar dat is komd yn ferfal -
't Koalsied wurdt minder.
't Rekkenjen giet sa; fan 't folk
Bart elk in stoer fan 'e gûne;
Ik en menhear en de dragers
| |
| |
't Oare dat is foar it kleed;
Ienkear yn 't jier wurdt d'r rekk'ne;
Dan wurdt de pot ek fertard -
De kilen binne út, de flagge dy waait,
De hynzers stean foar de rôle;
Hallo! no mei klauwers en gabels swaaid,
No fleurich sprongen en âle!
Elk op syn plak; wol 't gau bedisselje -
't Strie moat risselje, risselje, risselje!
Stalsiiksters, it draachkleed op 'e grûn;
Ynlizzers, de kikkerts jage;
Alde roeken, jim lizze de peuling yn 't rûn;
Hallo! skodzje, klauwe en drage!
Elk op syn plak; wol 't gau bedisselje -
't Strie moat risselje, risselje, risselje!
Ynlizzers en Stalsiiksters
Wy binne 't reisber ploechje,
Dat giet al d' ikkers oer;
Wy manlju binne folk fan 't kleed;
Tusken ús en 't terskjen dêr
Gean de dragers hinne en wer.
It strie leit brún op d' ikker
Mei kerltsjes swart en fyn;
Dy lizze op ús te wachtsjen no,
Hja woll' de wrâld wol yn.
Op ús breed iizren gabels
't Giet hoeden, dat de berntsjes net
| |
| |
Dy't dit jongwiif no docht;
Hja tichelje de mem oan grús,
Sa komt it bern foar 't ljocht.
It draachkleed is fol, de reis giet oan,
Dit is foar 't earste spriedt'.
‘Wil je’ - ‘wil je weer’ - it wurk giet skoan,
As m' elkoar mar ferstiet.
De peallen oer de skouders,
Bergen fan strie de hiele dei
Oer fuorgen en stoppels hinne -
Dêr leit de bringst - it kin begjinne!
Kikkerts jage, draachkleed lein;
Ynlein, optild, nei d' oare ein;
Sakje litten, yn 't kleed útdien;
Roppen: ‘Mannen, spried fan ien!’
Jeie yn 'e rûnte, hallo-gerop;
Heech de hynzers de rêch, de kop;
Stappe, knappe yn it strie sa bros;
Rôlje, wâdzje de hulen los;
Hallo, hallo, troch wolken fan strie -
Knappe, brekke, risselje,
Dragers tôgen in twadde kear:
Hallo! ‘Rij over!’ Oer springt menhear.
Rôle wurdt wrikt - it hoart en stjit,
Hynzers swinke oer nei it oare spriedt'.
‘Spried fan ien!’ Hallo-gerop;
Hynzers wrinzgje, skodzje de kop.
| |
| |
Ja wy gean mei; leech moat earst dit steed;
Gabels yn 't strie, 't moat efter yn 't kleed;
Pik it mar op en slingerje 't wei -
Handich de hynzers efternei!
Stappe, knappe yn it strie sa bros;
Rôlje, wâdzje de hulen los;
Foarskodders smite wolken fan strie -
Knappe, brekke, risselje,
It rûge wurk yn 'e hjitte hei,
It rôljen, traapjen, hynstegejei,
Makket de brune hulen wol wyt,
Mar 't strie rekket sa al 't sie net kwyt.
‘Der mei gjin kerltsje ferlern’, seit de boer;
Dêrom nimme wy 't fan 'e foarskodders oer.
Opsmite 't strie, sêftkes wynderje,
Heine op 'e gabels, efkes dinderje,
Lytse trillinkjes troch it strie -
Sa winne wy it lêste sie.
Knappe, brekke, risselje en dinderje yn it strie -
Waaie, wapperje, wynderje, sa winne wy it sie.
Efterskodders en Striebokking
Ritsdy, ritsdy, 't lege strie -
Op 'e bult, op 'e bult der mei!
| |
| |
Dat groeit oan de hiele dei.
Heger, heger, heger aloan
Stiet de striebokking op syn troan.
Wy binn' de klauwers, men neamt ús bodders,
Wy bodzje ús omraak op it kleed yn it swit;
Earst spriede fan ien mei menhear en de skodders,
Dan klauwe 't lang guod dat de gabel ûntsjit;
Mei ús riuwen harkje en klauwe
Wy it sie ree foar de souwe.
Efter yn 't kleed klau ik ta beslút
De losse húl ta de hoeken út.
't Swarte sie driuwt rûnom;
't Liif tsjin 'e klauwer!
Kikkerts jage, draachkleed lein;
Ynlein, optild, nei d' oare ein;
Sakje litten, yn 't kleed útdien;
Roppe: ‘Mannen, spried fan ien!’
Jeie yn 'e rûnte, hallo-gerop,
Heech de hynzers de rêch, de kop;
Stappe, knappe yn 't strie sa bros,
Rôle, wâdzje de hulen los.
Nije bringsten, kear op kear.
‘Rij over!’ Skreppen fan menhear.
Wrikken fan 'e rôle, gehoart, gestjit,
| |
| |
Hynzers swinke, bite op 't gebit,
Skodzje 't strie en slingerje 't wei,
Rep-dy, springe de hynzers nei.
Opsmite, heine yn 'e loft,
Smite op 'e striebult, kloft by kloft,
Klauwe de hulen en 't losse strie.
Waaie, dinderje, wynderje,
Knappe, brekke, risselje,
Dêr yn in fredich hoekje,
Stil njonken al 't poehei,
Dêr piele tegearre twa âldsjes
Hja binn' sa wiis oan't winkeljen -
Sa smûk en smout oan 't sminkeljen,
En meitsje 't har net drok.
Hja witte 't skoan tegearre
De berntsjes wurde wosken
De boer, de baas en oaren
Binn' drok oan 't pop-besjen;
Hja skeppe 't sie yn sekken
| |
| |
Wês wolkom, lytse berntsjes!
Jim witte sels net, wat der
De grutste part fan jimme,
Dy triuwt en knypt se dea.
't Untjaan fan 't lytse sprútsje,
It bloeien swiet en blij,
It dijen fan 'e fruchten,
Foar har in fleurich wolkom
Ik bring om - de tsjettel giet rûn -
't Is sa hjit; wa soe no in swolch
Earst menhear - hy het it wol 't earst
Wat soen' wy sûnder sa'n lutenant
Rept sa de man, dy't jin kommandeart,
O, wat bringt dat in iver tewei
Dragers, ek jimme in wurd apart -
Wat swier arbeidzjen is, hoeg' jim
| |
| |
Rank en rjocht by de swierste lêst
Dwers oer de stoppels - lit my jim no
Linige skodders en klauwers, ek jim
Ynlizzers, striebokking, al it folk
Boer, jo moatte ek op 't goed gewaaks
't Lêste glês is foar jimme dêr,
Hâld jimme no ek efkes op
En sis ús ta dizze romer in pear
Dat wrotten hjir op it kleed,
Dat skreppen dêr op 'e romte,
En alles sa goed op gleed -
Dan tink ik, wat in oarder
En hoe't elk fan 'e wurkers
Op syn eigen plak dochs stiet.
Menhear dat is in driuwer,
| |
| |
De dragers binn' sterke skevels,
Hja geane sa rjocht en sa heech,
Mei tige loft yn 'e longen
En skrinkels swier en dreech.
De skodders binne sa linich;
Hja kinne flink fan 't steed;
Ek slingerje har út 'e skotsen
De earmen sa wiid en breed.
De klauwers binn' dûbelde mantsjes,
Dy skreppe mar mei menhear -
Fanien spriede, klauwe en skowe,
Hja binne foar alles klear.
D' ynlizzers binn' tûke kearels,
Skerpe eagen, koart fan berie;
Gripe sa kibich it strie.
De losse stallen opsiikje
En 't kleed lizze oer it lân,
Dat is krekt wurk foar de froulju,
En 't lichtste wurk fan alles,
It skjinmeitsjen dogge wy;
't Is wurk foar âlde minsken:
Hoe'n grut ferskaat fan minsken
En wurk - it raant hjir gear
Ta ien grut koar fan terskjen -
De mjitte slacht menhear.
De dragers binne mei 't dragen
Altiid ien spriedt' yn 't foar;
Komm' hja werom by 't draachkleed,
Dat leit al fol foar 't oar.
| |
| |
Ropt dan menhear: ‘Rij over!’
Hja tille de bringst omheech -
De foarskodders ûnderwiles,
Dy meitsje 't plak foar har leech.
De foarskodders en klauwers
Mar lizze 't strie, dat terske is,
Foar d' efterskodders klear.
't Weiklauwen fan 'e hulen,
't Oanskowen nei de souwe,
't Weibringen fan it sie -
't Past alles yn dat Grutte,
Dat ús hjir by'noar hâldt -
Ik drink op 't mei'noar wurkjen
‘Ien foar allen, allen foar ien!’
Bruorren, ha jimme 't wurd ferstien?
De wrâld in bûn fan maten,
Elk wurk nei krêft en aard;
Dield yn it ljocht en skaad -
‘Ien foar allen, allen foar ien!’
Ja, wy habbe 't wurd ferstien.
It klinkt rûnom, dat wurd sa swiet;
Oer hiel de wrâld de tynge giet
De lytsen slaan de hannen gear,
| |
| |
De grutten keare har net mear;
It is net mear te twingen.
Gabels en klauwers swaaie!
Maaie sil 't wurde, maaie!
De takomst winkt sa bliid.
Net mear in earme bodder,
Mar opstien út 'e modder -
Elk minske in minske allyk!
‘Ien foar allen, allen foar ien!’
Ja, wy habbe 't wurd ferstien.
Wien' ús de knibbels wurch en slop,
Dit wurd ropt ús ta 't libben op,
Ta tinken, wurkjen, striden;
Yn d' eagen falt it kleare ljocht;
It hert het fûn, wat 't lang al socht;
Gabels en klauwers swaaie!
Maaie sil 't wurde, maaie!
De takomst winkt sa bliid.
‘Ien foar allen, allen foar ien!’
Wy ek habbe 't wurd ferstien.
| |
| |
Fansels net komt dy nije tiid;
Hurd sil it waaie, swier is de striid,
Dy't giet oer alle folken.
Ban út, al wat ús fan 'noar hâldt,
En slút de kring oer hiel de wrâld
En rûze it nei de wolken:
Gabels en klauwers swaaie!
Maaie sil 't wurde, maaie!
Klear stean wy ta de striid.
No wer oan 't wurk; de neidei kaam,
Klear stiet alles yn 't ljocht;
Dragers, mar fluch wer it kleed opnaam,
Nije bringsten wer brocht.
Lit ús alles no gau bedisselje -
't Strie moat risselje, risselje, risselje!
Kikkerts jage, draachkleed lein,
Ynlein, optild, nei d' oare ein;
Sakje litten, 't strie útdien;
Roppen: ‘Mannen, spried fan ien!’
Hynzers jeie, heech de kop,
Smite it strie by de bealich op;
Hallo, hallo! oer hulen en sie,
Rôlje, wâdzje troch wolken fan strie.
Stappe, knappe, brekke, skuord,
Biten, wrinzge, swaaid mei de sturt -
Hallo! - ‘Rij over!’ nei 't oare spriedt',
Rôle-wrikken, gehoart en gestjit.
Strie weiskodzje, fluch nei menhear;
Jeie yn 'e rûnte as d' earste kear;
Opsmite, heine, of 't boartsjen wie,
Heger aloan de berch fan strie,
| |
| |
Klauwe, skowe nei 't hoekje ta,
Wimelje, silje, wille ha.
Brekke, knappe, risselje,
Omreagje yn 't brosse strie;
Waaie, wapperje, wynderje,
Droanje, daverje, dinderje,
Us skreppen het fertuten dien:
It lân is keal yn 't rûn;
Heech stiet de striebult tsjin 'e loft,
It terskjen is jit oan 'e gong;
Mar reader wurdt de gloed,
Dy't oer de terskers hinne leit -
Dien is it wurk foar hjoed.
Dêr komme oer 't keale stoppelfjild
Foar 't lêst de dragers oan;
De swiere lêst swikt hinne en wer,
De wurgens sjocht men skoan.
Moaie jûn, sa ljocht, sa smout!
D' ierde leit laitsjend te drôgjen;
Hynzers en mannen skreppe om yn it goud,
't Blanke strie stiet te lôgjen.
Midden yn 't goud stiet de man yn 't spriedt',
't Sparket nei alle kanten;
Diggelfjoer út syn hierren sjit,
Hannen ha goudene wanten.
Gabel, dy't er foar 't lêste swaait,
Hynzers stean stil, fan 't ljocht omwaaid,
Barnend rûnom yn 'e gloede.
| |
| |
Skodders smite mei sprankels fan goud,
Smite op 'e bult it te brânen;
Weage fan sie, dy't de klauwer skoot,
Brûst fan goud oan 'e rânen.
Fan d' âld silder syn strieën hoed
Streamt it goud oer syn baitsje;
't Sie fan 'e souwe falt yn 'e gloed -
Gouden de mantsjes laitsje.
As in mearke út 'e gouden tiid
Teistert it om jin hinne;
Fiere tuorren geane sa bliid
Biddend omheech yn 'e sinne.
Oer is it lûde hynstegejei,
Dien is it draven en springen,
't Risselt en skoffelt jit watte nei;
Reader jit skine de dingen.
Goudene frede, ynlike nocht
No fan 'e loften trillet;
Siele, dy't lang it lok al socht,
Fan hillige wille skrillet.
Oerlutsen is 't kleed, it sie derút,
It hiele steed leit keal;
De sek op 'e wein wie 't einbeslút,
De flagge is fan 'e peal.
Mannen, no nei hûs ta gien;
De dei wie goed, it terskjen is dien.
| |
| |
|
|