Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Oan dr. J.B. Schepers Wel dokter, heite, hoe sa rimpen? Moat it mâle fel no dalik oan? Haw ik 't sa glêd by jo bedoarn En moasten jo sa raar oan 't skimpen? Ik kin oars wol in bytsje ha; Mar dit? fij, dokter, moat dat sa? Jo sizze: ‘Kom, wês Fries mei Friezen! Kom net alhiel yn 't Hollânsk om; Dyn mimerlok, krij dat werom, Hâld op, yn steatskeunst te befriezen. Wês minske en Fries - en dyn kâld dwaan, Dat sill' wy dy dan graach ferjaan.’ Toe, sei, goefreon, wat hat dy franje Mei ‘Frysk’ en ‘Hollânsk’ út te stean? Wêrom sa heislik oan te gean, [pagina 306] [p. 306] Om't ik net meiskreau foar Oranje? Hat hy syn minsklikens ferlern, Dy't gjin nijs sjocht oan keningsbern? Dat moast in Fries dochs hawwe kinne, Wat ik dêr yn 'e Keamer die; Sa't ik dêr foar myn miening stie, Tsjin in foech hûndert - ien allinne! Wêr is it âlde ‘Stânfries’, sei, As dat yn Fryslân net mear mei? Wat easket mear fan minskeherten: Striid tsjin 'e machten fan 'e wrâld Foar al wat earm is, skrousk en kâld, As.... fersen yn 'e krant te setten? Jo ‘mimerlok’ gun ik jo graach - Ik haw myn wurk hjir yn Den Haach. Bin ik dêrom ‘âld’ en ‘ferklomme’? Ik leau, dat falt in bytsje mei. Waard yn 'e ‘polityk’ dan wei It dichtfjoer dêr 'k alear op romme? Nee, 't fjoer fan doe, sa dichterlyk, Dat barnt no yn myn ‘polityk’! Soe men my dêrom lekje kinne, Omt ik dat fjoer no barne lit Yn dieden, dêr't myn siele yn sit, Foar hiel ús folk, net 't Fryske allinne? Nee dokter - rym jo mar foar my: Ik dichtsje libbenspoëzij! Yn dizze grutte moaie tiden Rûst oer de wrâld in heltedicht Fan leagen dy foar wierheid swicht; Fan nij, moai libben, lijen, striden; Fan slaven, wrakseljend om frij; Fan 'e earste minske-maatskippij! [pagina 307] [p. 307] aant. As jo dat hege dicht ferstiene, Dan seagen jo it ek wol klear, Wêrom ik kâld bleau by 't gebear, Dêr't jo, goefreon, sa'n nocht oan hiene. Dat Grutte kinne jo net sjen; Dêrom sa bliid mei 't Keningsbern. Dat der ek oare bern jit binne, En memmen sûnder widze faak Foar 't bern, dat komme moat - dy saak, Myn freon, dêr kin ik net oer hinne. As dat ienkear net mear bestiet, Sjong ik mei yn 't oerwinningsliet. Jo mei' salang foar 't prinske sjonge Of oer 't prinseske wille ha; Mar wit, rju Friezen liene ta Dat oare Liet har hert en tonge, Dat oer de wrâld no hinne tsjocht As 'n bea om ljocht, in striid foar 't rjocht! Vorige Volgende