Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende By it gref fan in jonge idealist Lit ûnder dizze beammen Syn lyk yn d' ierde dol - Ta 'n ivich sillich dreamen Dooch dit smûk plakje wol. Hjir sil gjin ien him fine, En wa dit plakje wit, O, lit him dochs mei rêste: Hy het genôch al lit. Wit, dat ik him al kend hab, Doe't er in boike wie - Wat ljocht blonk yn dy eagen! Hoe graach lei op dit hier Syn mem har sêfte hannen, [pagina 304] [p. 304] As hja, mei har weak lûd, Him spriek fan al wat wier is En heech en moai en goed! Yn dizze siele bloeiden Sa'n blommen moai en myld, En yn dat boarst, dêr gloeide, Sa weak en ek sa wyld, In herte, fan waans skatten Hy jimmeroan mar naam, Dêr elk syn part fan krige, Dy't him temjitte kaam; Dat, suver as de sinne, Gjin ien ferlige koe, En dochs him sels sa jerne Mei hope paaie woe, Oant dat dy platte wrâld it Mei fuotten trape hie - O, hy betelle boete, Dat er net wizer wie! Ik seach, hoe't hy al drôgjend Troch 't libben hinne gong; Hoe troch dy griene twigen, Dêr blom by blom oan hong, De wylde stoarm fan 't libben Syn amme rûze liet, Oant dat de jonge bloeisels, Teroppe, smoarch en wiet, Stil, stil op ierde foelen, Dy har ta tsjerkhôf wie; Ik seach, hoe dat syn tinzen, Dy't earst sa ljocht en blier Op bûnte foarjierswjukken Har weagen yn 'e wrâld, Bleek wer nei hûs ta stramplen, Weikrûpend yn it skâd; En 'k seach dy stream fan triennen, [pagina 305] [p. 305] aant. Dy't út syn eagen sonk, Wêryn syn leauwen, hoopjen, Syn moed en krêft ferdronk. Sa fyt're 't wrede libben Him oer syn hurde wei; God jouwe 'm no in plakje, Dêr't er swiet dreame mei. Hy dochs het sjoen en lêzen Djip yn syn djip gemoed, Hoe dom en dwaas it west het, En dochs: hoe goed, hoe goed! Rêst út dan fan beswieren, Fan bitt're spotternij; En jou, o God, oan d' ierde Mear dwazen lyk as hy! Vorige Volgende