Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 303] [p. 303] aant. Ferjit my net ‘Ferjit my net!’ - hoe soe ik dy ferjitte, Do goudne tiid, myn leafdes foarjiersdei? Do foarjier fan myn lok, dy tins ik jitte Mei djippe tank en sielsnju efternei. Al gean 'k de wide takomst ek temjitte, Dy sil 'k myn eagen net ûntdriuwe litte. Do ingel op myn libbenspaad, o minne, Do geatst myn herte wer nij libben yn! Do joechste my in nije ljochte sinne En treaust myn siele op nij de himel yn. Hoe soe 'k, wêr ek foartoan myn wegen rinne, Dan d' oere fan ús boask ferjitte kinne? O faam, myn laits en ljocht! myn fielen, tinken, Ik wij it dy - yn dy myn ideaal; Myn siele heart myn faam en folk en taal, 'k Gean frisk foarút: ik sjoch de takomst winken; Hja ropt my ta: ferachtsje 't leffe en lege: Dy 't goede wol, moat stribje nei it hege. Vorige Volgende