Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 302] [p. 302] aant. Do hearst oan my Do hearst oan my En ik oan dy, De leafde is ús sinne; Dy jout ús ljocht By leed en nocht - Soesto dan grine kinne? 'k Soe dy, myn blom, Foar eare en rom, Foar neat net ruilje wolle; Do hearst oan my En ik oan dy - O, stek dan op dyn holle! De maitiid komt Mei blêd en blomt Wer oer de laitsjende ierde; 't Is hope en fleur En ljocht en kleur - No moatt' de soargen skiede. O, gouden tiid! Nin noed en striid Kin my dyn nocht ferdjerre; No wol 'k yn 't wâld, Yn 't smoute skâd, De fûgels sjongen hearre. Myn fanke gol, Sis, hearst it wol? It soe jin 't hert optille: ‘Do hearst oan my En ik oan dy!’ Skriem, laitsje en sjong fan wille. Vorige Volgende