Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Treast Swieter as de weachjes brûze, Brekkend tsjin 't beblomme strân, Sil myn leafde dy omrûze, Dy, myn prûze Blom yn 't moaie heitelân. As de daudrip fan 'e smerte Yn dyn leaflike eagen blinkt, Tink oan him dan, dy syn herte Op dy sette, En waans byld dy treastgjend winkt. Tink dan, leave, oan al de wille, Yn dy godlike oeren fûn, As dyn hert tsjin mines trille, Yn 'e stille, Yn 'e goudne simmerjûn. [pagina 301] [p. 301] Tink dan oan dy see fan dauwe, Walmjend fan it slomjend lân, Nei it swurk, dat suver blauwe Byld fan trouwe, Doe't wy stiene hân yn hân. Tink dan om dy amerijen Op 'e hichte, doe't ús hert Doarme yn hege harmonijen, En dyn lijen, Leave faam, do fielst it net. Al dy oeren fol fan minne, Leafdewurden sêft en swiet, Plakjes fol fan blomt en sinne - O, it binne Rigels fan ien minneliet! 't Binne noaten fan 'e sangen, Sa't de blide ljurk se sjongt, Dy mei súvre foarjiersklangen, Fol ferlangen, Ek it âldste hert ferjongt. Lit dy bylden by dy bliuwe As dyn holke omlegens giet, En dyn tinzen sille driuwe, Sille kliuwe Nei in takomst, einleas swiet. Sa, myn leave, keine, prûze Blom yn 't moaie heitelân, Sil dy trou myn leafde omstrûze, Koelte oanrûze Yn 'e felste sinnebrân. Lit dy fan dy leafde omaaie, Driuwkje en wiggelje op dy wyn; Wol dyn kopke dêr nei draaie - Gau bringt maaie Dy wer sêfte sinneskyn! Vorige Volgende