Samle fersen (= Verzamelde gedichten)
(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 298]
| |
Myn siel is in fjild mei folle blomt,
Dat bloeit, as dyn sinne 't beskinen komt.
Allyk in tankbea, in blide sucht,
De swietrook stil nei de Himel fljucht.
Dêr sjonge yn 'e simmer fan dyn min
Wol tûzen fûgels mei optein sin
En glêde marren, heal wei yn 't grien,
Dy blinke 'r blier as in edelstien;
En sêfte wyntsjes yn 't rûzend wâld,
Dy lústerje oandien: Moai is de wrâld!...
O, 't wie alear net sa blier en ljocht
Yn 't hert, dêr de simmer sa'n wille brocht.
Wol kipe 'r mannich bloeisel yn 't rûn,
Mar buoien bruiden 't wer tsjin 'e grûn,
En skrouske fûgels dy rôpen sa:
Sis, sill' wy nea dan nin simmer ha?
Mar strúnde ek mar efkes in twjirke der om,
Dan hommels bloeide 't en song 't rûnom;
Dan stieken leelje- en roazeknop
De blanke holtsjes al ringen op;
De fiskjes djoeiden yn 't sulvren wiet,
De geal yn 't wâld song in minneliet;
De ljurken dreauwen omheech yn 't blau,
En eden rûsden fan ‘iivge trou’...
O, krûp m' oan 't herte, myn leave blom,
En sjoch m' yn d' eagen, sa froed en from,
En hear it jitris, watst lang al wist,
Datsto myn ien en myn alles bist!
Allyk in wylde, ûnbedimbere sang,
Wâle yn myn herte de leafdedrang;
In djippe langstme nei 'n ‘trouwe hâld’
Dreau m' as in reizger troch de wrâld.
De bline fûgel sjongt fan it ljocht,
Dat er earst ferlear en doe jimmer socht:
| |
[pagina 299]
| |
Sa spriek ek de langst nei myn ideaal
Yn wurdemuzyk, yn 'e ‘goadetaal’,
En 't heechst en bêst dat myn hert besiet,
Lei 'k del yn myn ljuentsjend minneliet.
Wy minsken wrakselje 't libben troch,
Faak stroffelt de pylgrom; foarút moat er doch!
Wol sjocht er fan fierrens in skynsel fan 't ljacht,
Mar hy doarmet yn wolken sa swart as de nacht.
En al sjocht er it paad ek, de knibbels binn' slop;
Wyld gûle de stoarmen: jou 't striden mar op!
En skatterjend geie de geasten fan 't kwea:
‘Hâld op, ju, fan 't bodzjen, do komste der nea;
De libbenstsjilk brûst fan 'e goudene wyn:
Drink út ta de boaiem; wy jitte dy yn!’
Mar nee, yn dat herte, fan 't kweade besocht,
Riisde ienkear de moarn, 't is ferknotte oan it ljocht,
En mei triennen yn 't each giet er iensum de wei
Nei de kant, dêr it ljocht blinkt fan d' iivge dei.
O, krûp m' oan 't herte, myn blanke blom,
En sjoch m' yn d' eagen, sa gol, sa from,
Dat ik it fiel mei in optein sin,
Hoe ryk en hoe ivich lokkich ik bin!
Wêr datsto biste, myn bêste breid,
Dêr is myn lok en myn sillichheid,
Dêr is myn frede, dêr is myn rêst,
Dêr klibbet myn siel net oan d' ierde fêst,
Mar swevet op wjukken, sa wyt as snie,
Nei de hichten, dêr earen har wente wie.
No wykt de haat út myn hastich sin.
No wurd ik better minske as 'k bin;
Want dyn leafde - myn Ingel oan Himels doar -
Dy preket my 't heechste Evangeelje tefoar.
| |
[pagina 300]
| |
Kom, skriemend en laitsjend, myn faam, oan myn hert!
Sa wol ik dy hâlde - o, dy misse kin 'k net!
En lit it no flamje yn ús patsjes, it swiet,
Dat nin dichter jin sjongt yn it hearlikste liet.
Allyk as twa weagen mei brûzende krún,
As s' elkoar omklamje, sa heech as in dún
De hollen opstekke út it sinkende wiet,
En, as hja terane, útbrekke yn in liet -
Sa wy! - Rûs, myn sang; brek de wolken; boazje oan!
De leafde fiert minsken omheech nei Gods troan;
Op, daverje rûn! - o, sa grut is myn fjoer,
It kringt mei syn waarmens troch hiel de natoer,
En d' ingels omheech meie freegje, ferset:
‘Is sa grut it lok fan it minskene hert?’
|
|