Samle fersen (= Verzamelde gedichten)
(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 297]
| |
Wa s' ienkear mei har eagen
Fol wille en frede wonk,
Dy fynt yn leed en lijen
By har altiid in honk.
Dy krûpt, by al it wrotten
En wramen fan 'e wrâld,
As wyld de stoarmen bylje,
Mar kûs by har yn 't skâd.
O, wa dy himelingel
Syn siel en sinnen jout,
By har syn wille siket,
Foar har syn timpel bout,
Dy is allyk de swalker,
Dy't lang om rêste socht,
Mar foar de frou Marije
Se fûn by 't ivich ljocht.
Hy knibbelt foar it alter
Yn djip ferjitten dol,
Wyls dat ‘de Mem’ him seinjend
Oanglimket himelgol.
En as dy lott're siele
Dêr sa har boeiems brekt,
Gods ljocht troch 't hege finster
It ‘amen, amen!’ sprekt.
|
|