Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 296] [p. 296] aant. In foarjiersbern Yn Fryslâns kriten bloeide Dit blomke kreas en blij; Ik seach it en 'k hab it plôke, En, famke, ik stjoer it dy. It tsjoent in jier fol leafde En lok dy wer foar 't each; 't Ropt dy ek foarjiersstoarmen Foar 't jonge hert terêch. It ljuentet fan 'e simmer, Dy't ek dit jier wer komt; 't Sprekt dy fan nije wille, Fan foller, moaier blomt! It sprekt dy fan ús leafde, Blank as dit foarjierswyt; Mar read ek as de roaze, Dêr 't ljocht oer hinne glydt. Nim oan, nim oan dit blomke, 't Jong foarjiers moaiste bern; Do silst yn syn blank sieltsje Dyn eigen blank herte sjen. Vorige Volgende