Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 295] [p. 295] aant. Maarteblommen Dit is in hânfol maarteblommen, De foarjiersberntsjes fan myn hert, Dy't earst in lange, lange set Yn 't kâlde winterwaar ferklommen; Mar dy op d' earste foarjiersdei, Doe't mylde bolle wyntsjes rûsden, Troch 't hurde wynsel hinne brûsden En kipen út har herntsjes wei. De maarteblom is fyn en tear, En doar him hast net bûten weagje; As dêr de kâlde stoarmen reagje, Dan falt er ôf en is net mear. Mar as der mylde siichjes waaie, Dy't him it prûze kopke aaie, Dan driuwt er widzjend op 'e wyn En liedt de simmer laitsjend yn. De maarteblom is wyt en kein, De deakleur leit him op 'e wangen; Hy stjert foar d' earste fûgelsangen; Hy bloeit mar koart yn snie en rein. Dochs lit er blier syn klokjes klinke En sjongt syn simmer-profesij, En makket mannich herte blij, Al kin er 't sels net witte of tinke. Wol, maarteblommen fan myn hert, Dan ek foar oare herten bloeie, Lit dêr wer foarjiersglânzen gloeie, Lit wike d' âlde wintersmert. Wol dêr wer nije hope bringe, En dan - ferwylje en stjer dan wei; De pinksterblommen sill' tenei Blier laitsjend út 'e knoppen springe. Vorige Volgende