| |
In nije tiid
Der giet in rop oer alle lannen,
In rop om frijdom, witnis, ljocht;
Der rûst in wurd lâns alle strannen,
Dat seit, wat mannich herte tocht;
Der skynt in sinne oer tûzen knoppen,
Dy 't tsjuster hindre om har t' ûntjaan,
En skrouske fûgels wurde roppen
Om ek de wjukken út te slaan;
Der waait in wyn mei foarske twjirren
| |
| |
Oer hiel de triljende ierde rûn;
Wat fêststie lange, lange jierren,
Falt no, fermôge, tsjin 'e grûn. - -
En wat sa lang yn need en lijen
De swiere holle hingje liet,
Wat ûnder 't jok bedêst en mijen
Syn eare as minsk' te grabbel smiet,
Wat oan nin heger wyt mear leaude,
Allinne drôge oer sliep en brea,
Yn 't neare tsjuster wrotte en kreaude,
Blyn as de molwrot, libben-dea -
Dat stekt by 't rûzen fan dy winen
Benijd, ferheard syn earen op;
Dat slacht, by 't leaflik sinneskinen
Jit skril de skymrige eagen op;
Dat sûcht mei wiid útsette longen
De mylde loften roppich yn
En wurdt sa raar by 't bliere sjongen
Fan 't fûgelt yn 'e foarjierswyn;
Dat fielt, hoe't triennen barnend rinne
Oer de ferware troanje del
En harket bliid, mar tige kjel
Nei 't wurd: ‘Wit, dat jo minske binne!’
Hoe docht dat wurd, sa faak al sprutsen,
De siele no sa krêftich oan?
Hoe is sa tel de blyndoek lutsen
Fan 't each fan d' earme minskesoan?
Syn tinken giet sa hurd omhegen
Ut moude en slyk de himel yn;
Hy geit it út, mei fjurkjende eagen:
‘De hiele wide wrâld is myn!’ -
En fierder ropt er: ‘Hen, de dage
Komt op, it wurdt al read oan 't swurk!
Lyk rjocht foar elk! dat is de frage;
Foar elk syn lean, en: lean nei wurk!
It wurdt ris tiid, dat millioenen
Net mear by tûzen efterstean;
| |
| |
It âldskier ûnrjocht moat fergean,
Op, op, om d' ierde om te tsjoenen!’ -
Lok, fjirde stân, te let ûntwekke,
Oan jimme heart de takomst ta;
Jim sill' de swiere boeiems brekke,
Dêr need en lêst jimme yn slein ha;
In stream fan rjocht is net te kearen,
Frij moat er wâlje, frij oer d' ierd';
Jim spreuk: ‘gjin slaven en gjin hearen,’
Dat 's tekst foar in oerwinningsliet.
Der libbet yn 'e minskesiele
In byld fan wierheid en fan rjocht;
Hy kin in iivge langstme fiele
Nei 't ryk fan frede, leafde en ljocht;
En hoe't er omwrot yn it tsjuster,
En hoe't him 't kwea besmodzje mei,
Hy wurdt dat himelsk byld net bjuster,
Nea stjert alhiel dy langstme wei.
Hja fiert de swalker út 'e lichte
Faak by de steilste bergen op;
Wurch stiet er einlings op in hichte...
In nije wrâld dûkt foar him op;
In nije wrâld mei frjemde blommen,
Dy't hy alear yn dreamen seach
- Hy wit it no! hy fielde 'm kommen! -
Leit no klear foar syn stoarjend each;
En triennen brekke 'm út syn eagen,
Hy bûcht de knibbel nei de grûn:
‘Wat my it heechst wie, 't wie gjin leagen;
Lân fan Belofte, 'k ha dy fûn!’ -
Wy minsken, swalkers allegearre,
Gean by sa'n steile berchwei op:
Us knibbels binne wurch en slop,
Soms is 't, of soene wy 't bestjerre.
En dan dy skrille fragen jit,
Dy't mannich bodder hearre lit:
| |
| |
‘Soe dit it rjochte paad wol wêze?
O God, sa'n toarst, sa'n pine en leed,
En dan licht om 'e nocht... hoe wreed!
Och, koe 'k mar yn 'e stjerren lêze,
Wêr 't lân fan rjocht en frede leit,
It ryk fan leafde en minsklikheid!’...
Mar yn 'e stjerren stiet it net...
Leau oan 'e stimme fan dyn hert,
Dy't yn dyn hillichste amerijen
Dy skuldich sprekt oan buormans lijen;
Hark nei dy inerlike rop,
Nim 't foar dy millioenen op,
Dy't yn 'e wrâld foarbypart binne...
Dêr wol dyn fielend herte hinne,
Dêr is dyn wurk, dat is dyn wei,
Dy kant út fynst de blide dei...
Heil dan, o tiid, dy't wy belibje,
Do swier fan seine, grutte tiid!
No 't folk sels wurkje wol en stribje,
En stride 'n grutte frijheidsstriid.
Gjin striid is dit foar brea allinne,
Nee, eltse hege libbensblom,
Keunst, witnis, frijdom, leafde, rom,
Ja, alles moatte hja jit winne...
Dy reuzestriid moat net begjinne,
Mar wurdt al om ús hinne fierd,
Ja, rôlet rûnom rûn oer d' ierd.
Waai, Geast der Wierheid, oer de hollen
Fan 't folk, dat opstiet út syn dea,
En wij elks hert ta 't heechste wollen.
En do, o selssucht, beestich kwea
Fan d' Ieu, grûn fan har maatskippijen,
En dêrtroch grûn fan al har lijen,
Hy giet tsjin dy, de reuzestriid
Fan dizze grutte, oermoaie tiid!
|
|