Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Snein! Snein, 't is snein! De klokken liede, Lokjend rûst har lûd oer 'e wrâld; No, myn freon, sille ús wegen skiede: Do nei tsjerke - ik yn 't griene wâld. Mar al wykt ek dyn paad fan minen, Op ien doel dochs geane wy oan: Ik fyn it Iivge yn 't gerûs fan 'e winen, Do sikest d' Iivge yn 'e oargeltoan. Vorige Volgende