Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 291] [p. 291] aant. Der foer in fisker Der foer in fiskerman oer it wiet, Ja oer it wiet; Dy liet in sankje hearre, Dat wie sa fol fertriet, Fan djip fertriet, As soed er aanstûns stjerre. Der kaam in boatsje leech werom, Ja leech werom, Fan wyn en wetterfloed narre; Do leidige fiskersfaam, prûze blom, Do prûze blom, Wêr is dyn leafste bedarre? Vorige Volgende