Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Net freegje! Beam, hoe mijden de fûgels sa lang Dyn krune, tefoaren in hôf fol sang? En hoe sa hommels no binne Dyn tûken libbene brokken muzyk En is de hjerst oan sangen sa ryk, Sa blier yn 'e skiedende sinne? Freegje, freonen, ei freegje 't my net; Mar freegje 't oan jim eigen hert, En lit de fûgels mar floitsje Salang it sjongen har barre mei, En harkje der út-en-troch ris nei, As jimme har sangen fermeitsje. Skynt de sinne jit oer myn lôf, Mei koarten falle de blêden ôf - [pagina 352] [p. 352] aant. Dan sil de winterwyn komme, As 't fûgelt stil yn syn herntsjes sit; Salang jouw' de hjerst oan sangen jit Al wat de simmer fersomme. Vorige Volgende