| |
De wetterman
't Is bard yn langferfleine tiden,
Doe swalke d'r oer de Sweedske grûn
In jonge fromme pylgrom rûn:
Foar Jezus' wiere lear te striden,
Dy't him de frede werjûn hie
En sûnt syn treast, syn alles wie,
Dat wie syn doel; dêrfoar ferliet er
Syn nommel wiif, syn leave bern;
Syn eare en steat en goed fersmiet er,
Om earm en bleat troch 't lân te tsjen.
| |
| |
Troch sompich slyk, oer hurde stiennen,
Lâns steile paden, bergen oer,
Troch 't skrokke sân, sa gleon as fjoer,
Seach men dy fromme pylgrom rinnen.
Him diek in rûge skieppehûd,
Ut bleate fuotten rûn him 't bloed,
As hy tsjin skerpe stiennen state,
En wêr it paad him hinne late,
Lâns sterke stinzen, dêr de wrâld
It swietste swiet joech foar de sinnen,
Lâns earme klinten, keal en kâld,
From trape er alle doarren binnen,
En socht it hert, troch 't ierdske goed
Ferdoarn, of hurd troch 't lange lijen,
Ut stof en sonde omheech te krijen:
Hy wiisde op Jezus' offerbloed
En learde d' ierde te ferjitten
Foar 't ivich lok yn 't Heitelân,
Om sillich oan Gods rjochterhân
Yn himelgloarje del te sitten...
Sa kaam er op in stille jûn,
Doe't yn it westen op 'e grûn
De sinne stie - in gouden poarte
Fan ljocht - in streamjend wetter lâns,
Dat yn 'e mylde simmerglâns
Blier mei syn krolle weachjes boarte,
Wêroer in melodije glied,
Sa himelsk moai, sa ynlik swiet,
Dat him it bloed stilstie yn d' ieren;
It wie as moarns it tierelieren
Fan 't blide ljurkje yn 't hege blau;
It wjukte allyk in wite do
Oer dy beblomme krite hinne;
It wie, oft, sjongend troch de loft,
In boartlik dertene ingle-kloft
Dûnse op 'e strielen fan 'e sinne;
Sa dage 't út 'e fierte wei.
| |
| |
‘Wat minske’, tocht er, ‘sjongt sa moai?
Want mei sa'n hunichswiete tonge
Kin 't fielend minske allinne sjonge;
Dy wille, leaflik bûten roai,
Kin oars nin ien as 't Godsbern fiele:
Gods amme, rûzend oer in siele,
Oan d' alderfynste snaren ryk,
Dat is dat himelske muzyk!’ -
Lang rêst er net, mar fierder giet er,
En jimmer lûder, blierder, swieter
Rûst him dy wûndre sang yn 't ear;
Hy heart no ek de wurden klear,
Dy't op dy stream fan toanen driuwe...
‘Wa kin sa wier en moai beskriuwe
De wurken fan Dyn hân, o Hear?’ -
Mei flugger trêden trapet hy;
Dêr wêr dy griene wyljen waaie,
Mei swiere tûken 't wetter aaie,
Dêr moat dy swiete melody
Fandinne komme - hymjend fan
It hurde rinnen einlings stiet er
Oan d' igge... en sjocht ferheard... Wa sit dêr?...
‘O sei, it is in Wetterman!’
Wa koe se net yn d' âlde tiden,
Dy soannen fan it wûndre wiet,
Dy tûke masters fan it liet?
O nochlik, oer de mar te gliden,
Dêr 't wetterfolk oan 't djoeien wie;
O sillich, oer in stream te farkjen
En nei de wetterman te harkjen,
Dy dêr syn fêst ûntwyk yn hie!
Alf wizen koe in wetterman;
Tsien spile er jamk op 'e fioele;
Mar, waard men dêr al nuver fan,
It âlfte brocht jin op 'e doele:
't Ald wiif sprong by de wiele wei,
| |
| |
As har dy wize yn d' earen trille;
De kreuple en lamme dûnsen mei,
't Popke yn 'e nane sprong fan wille;
De kij yn 't lân, 't fee op 'e stâl,
Hja moasten dûnsje op 'e mjitte;
De stiennen sprongen út 'e strjitte,
Ja, al jins húsrie dûnse as mâl.
Mar dizze wûndre melodije,
Moast 't wetterfoltsen deis ferswije,
Dy sang, fan al te folle macht,
Wie foar de geasten fan 'e nacht.
Hoe blier har liet de wolken kleau,
Hoe swiet har libben hinne dreau,
Ien ding koe 't wetterfolk net hurde:
Hja koene nea net sillich wurde!
De wetterman wie Satans soan...
Net foar him is de Heare stoarn -
O swiere flok, o djippe smerte,
Net wei te sjongen mei har liet,
Dy't jimmer oan har siele friet;
O iivge langstme fan har herte!
Jit... stille hope, pynlik swiet...
Sa koe men yn 'e bliere moarn,
As alle tsjustre skaden stjerre,
Har inkeld skruten sjongen hearre:
‘Is net foar ús de Heare stoarn?’ -
De pylgrom harket jit nei 't liet:
Op in grien eilân mids yn 't wiet,
Dat oan syn fuotten brekt en brûzet,
De sjonger sit - de jûnwyn strûzet
Him troch it lange ljochte hier;
Syn skonken sitte yn reid en wier
Fertiisd en út dy griene lape
Stekt hy de blanke glêde lea;
Syn holle draacht in reade kape...
Sa'n tsjeppe holle seach men nea;
| |
| |
En drôgjend sjocht er oer de baren,
Nei 't hege swurk, oer 't bûnte lân,
Wylst dat er mei de rjochterhân
Syn sangen opropt út 'e snaren.
Hy sjongt fan 't ljocht der waarme sinne,
Dy't al wat libbet myld beskynt,
En, oft hja jûns yn 't skaad ferdwynt,
Moarns kliuwt wer troch de wolken hinne;
Dy't yn 'e fierste herntsjes kringt,
Net freget nei kom-ôf en sibben,
Mar, yn har rynske leafde, libben
Sels oan 't lytste wjirmke bringt;
Hy ljuentet fan Gods moaie blommen,
Fan 't tankbre fûgelt yn it wâld,
Dat Hy ek yn Syn hoede hâldt...
‘Ik fiel’, sa geit er, ‘oer de wrâld
In nije blide hope kommen:
De himel seit my 't boadskip oan:
“Ek foar dy is de Heare stoarn!”’
Lilts slacht de pylgrom op 'e grûn
Mei 'n stôk, de stipe op al syn wegen;
De spylman swijt - ferheard, ferlegen,
Sjocht hy bedêst de krite yn 't rûn
En heart, hoe't pylgroms lippen roppe:
‘Hoe sjongsto sa fan blêd en blomt,
Fan 't lok, dat oer de siele komt,
As men de himel sjocht dêrboppe?
Krûp wei, ferbline, yn wier en gnod;
Beskriem dyn lot, dyn ivich lijen:
Genede is net foar dy te krijen,
De Hel is dines, Satans brod!
Ja, earder sil de toarre tûke,
Dêr ik myn ienlik paad mei gean,
Fol jonge griene blêden stean,
Fan swiete reade roazen rûke,
Dy plak jout yn syn Sillichheid.’ -
| |
| |
Hy swijt en nimt de stap wer oan...
Dêr komt fan 't eilân mids yn 't wetter
In skrille skreau - dan, efkes letter,
Is alle lûd in hoart ferstoarn -
Dan boarst de sjonger út yn triennen
En skriemt sa lûd en snikkert sa...
De pylgrom mei it hast net ha -
Hurd giet er, om dat lûd t' ûntrinnen;
Mar sommes heart er jit de toan:
‘Net foar my is de Heare stoarn!’
‘Wol haw ik wreed de lêste hope
Fan de ferlerne siele slope’,
Sa tinkt de pylgrom; ‘mar hoe sear
't My docht, it is Dyn winsk, o Hear!’ -
En fierder, fierder trapet hy;
Mar yn syn binnenst heart er jitte
Dy nochlik swiete melodij,
En dan - dat kleien yn 'e fierte...
Al drôgjend bliuwt er hommels stean -
Hy digert rûn... Hjir op 'e romte,
Dêr 't paad oer rint, waachst beam noch blomte -
En dochs: hy koe troch roazen gean,
Sa'n swiete rook driuwt om him hinne;
Wêrearne dochs dy roazen binne?...
Fêst tichte by: it rûkt sa swiet!
Hy stoarret snúvjend yn 'e hichte -
Dan yn 'e rûnte - nei de lichte...
Syn stôk is 't, dy't fol roazen stiet!
De keale toarre stôk fan niis
Is no in farske griene tûke
Fol reade roazen: 't paradiis
Kin fan nin swieter swietrook rûke.
En biddend siicht de pylgrom del...
't Rûst yn in sigen oer syn holle:
‘Leafde is dyn God, de Mylde, Golle!’...
O stream fan wille, hast te fel;
Wat minskehert kin dy ferneare?...
Hy stammert einlings: ‘Tank, o Heare!...’
| |
| |
Dan giet er tel oerein en rint,
Sa hurd syn skonken him mar drage,
Werom, as boade fan 'e dage,
Dy't no foar 't wetterfolk begjint;
En rêder bûnzet him it herte,
En 't bloed him nei de wangen fljocht,
As hy dat byld fan stomme smerte,
De wetterman, wer sitten sjocht.
‘Loksillich’, ropt er him temjitte,
‘Bisto; stek frij de holle oerein;
Grut nijs het my de Heare sein -
Sis, kensto dizze tûke jitte?
Niis wie er toar en keal, en no
Fol reade roazen: sillich do;
Want dit 's in teken fan 'e Heare.
Sjong frij dyn heechste liet fuortoan,
Want ek foar dy is Jezus stoarn!
My, sondich minske, woed Er 't leare.’ -
Dat boadskip rûsde fier oer 't wiet,
't Krong troch yn 't herte fan 'e baren,
Foer as in twjirre troch de snaren -
En op 'e wjukken fan in liet
Teach dy ferloste siele omhegen...
De fromme pylgrom gyng syn wegen;
In mylder leare preke hy:
De leafde bleau him jimmer by -
En oer syn wurken lei Gods segen.
|
|