Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 280] [p. 280] aant. Lok In berntsje rûn in flinter nei, Dy't sitten gyng op alle blommen; Mar, tocht ús maat him benei te kommen, Dêr flodd're de flinter wer fleurich wei. Mar gjin belies joech dat krigele bern: ‘Wie 't faak al mis’, sa tocht er, ‘letter Pak ik dy, flugge flinter, wol better’ - Hy taaste - de reed wie wer ferlern. Al fierder en heger de flinter fleach, Oer in djippe kûle... Boi seach yn 'e hichte, Murk de kûle net - waard wei yn 'e lichte, Wylst dy lokjende flinter de loft ynteach. Sa bisto, o lok! Wy skrippe om dy, Wy hoopje op dy ûnder lêst en lijen En miene dy ienkear wol te krijen, En ferjitt' der it grêf foar ús fuotten by, En falle dêryn!... Mar al wie dat sa net: Al mocht it ek ienkear ús tabehearre, Wy soene dat moaie lok bedjerre, Lyk as 't bern, dat in flinter yn hannen het. Vorige Volgende