Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Muzyk Oan M. de Boer ta syn njoggentichste jierdei Troch it libben, nomle grize, Troch de keale wrâldske fjilden, Mids 't gekreau om jild en eare Het J' in freonlike ingel laat; Oer dat platte wrâldske libben, Oer dy swarte stoppelfjilden Het dat bern út heger oarden 't Sie fan heger wille spraat. Dêrtroch, wêr Jo foet ek trape, Rûnom mette 'r bliere blommen, Moaie planten, himelfruchten, Opkomd út dat ingle-sie; Swietrook sweve 'r om dy blommen, Kleuren glânzgen op dy planten, Dêr Jo each, foar 't heechste iepne, Wiere, ynsilge nocht oan hie. [pagina 279] [p. 279] Oer Jo holle sweve in hillich Koar fan keine himelsangen; As in simfonije rûsde 't Libben oan Jo ear foarby; En de laits fan lokkige oeren, En de trien, skriemd yn 'e stiltme, Hiel Jo libbensliet teraande Ta ien súvre harmony. Yn Jo herte, nomle grize, Wie in wel fan 't klearste wetter; Fan dat herte wâle in bliere Stream fan sangen oer ús lân; En as Jo de snaren poenden, Wie ús eigen siele 't spylark, Dat him foege yn klang en mjitte Nei it triuwen fan Jo hân. Sjonger, preester fan it hege, Dy mei 'n wiereekwalm fan toanen Ut it stof, út tsjusternisse 't Minskehert omhegens fiert, Nim de tank oan fan dy Friezen, Dy't as bern Jo sang al songen En waans bern wer rûze litte Oer Jo grêf datselde liet! Grize freon! Jo jierren kliuwe! Yn 'e fierte hearr' J' it oargel Fan 'e himeltimpel spyljen - 't Rûst, in wolkomstsang allyk. Tankber, as wy foar Jo binne, Sill' Jo wêze ta dy oere, Dat Jo bleke lippen jitte Lústerje foar 't lêst: Muzyk! Vorige Volgende