| |
Tawijd oan 'e haat
De nacht is stil en klear, oan 't blauwe swurk
Jit myld de moanne frede om har hinne.
De lytste wolkjes krôlje om 't ljocht har ta,
Sa blank as wite roazen. Sulverskyn
Falt oer it stille seeflak; bliere glânzen
Dûnsje op 'e donkergriene kroeze weagen.
Yn 't noarden gean de keine wite koppen
| |
| |
Fan Aamlâns dunen yn 'e loft omheech,
Omleech bespield fan 't ivich wâljend wiet,
Dat fredich praat mei d' iggen, dêr 't op brekt.
Hoe leaflik is sa'n mylde simmernacht
Foar 't minskeherte, dat yn 't deistich bodzjen
Meast om 'e nocht nei rêst en frede siket.
Hja lit har koelte gol de hjitte troanje
Omaaie, dêr de haat sa wyld op lôge,
Of dy beswit wie nei it hurde wramen,
Of dy't de striid mei moude en bloed besmodze -
En 't wreed ferwrongen wêzen heldert op,
Allyk de see, as 't ûnwaar útraasd is -
En dy't by har syn ûnrêst net ferjit,
Wol moat it stoarmje en bolderje yn syn siele!
Twa manlju, d' iene in slanke bjirk allyk
En d' oare in âld ferware ikenbeam,
Stean oan it strân en sjen de weagen oer
En litte it fielen, dat dêr brûst yn 't hert,
En 't tinken, dat dêr yn har hollen wâlet,
Utrûze. Tsjuster stean hja tsjin 'e loft.
Do jonge Magnus, eale leat fan 't âlde
Romrofte laach fan Radbod, preesterssoan,
En sels yn tsjinst fan Tonger, d' âlde God,
Hoe stiet dyn bliere troanje sa ferwêzen?
Do wieste juster jitte in stoere helt,
Hoe no sa deltreaun fan it heislik ûnk?
Ast mei dyn heit it offer mei betsjinnest,
Rêst mannich famme-each fol nocht op dy,
Sa gol en minlik blierkeste om dy hinne -
Hoe no sa droef en 't each fan triennen hjit?
Hoe giet dyn boarst sa hastich op en del?
Dyn noasters trilje; tsjuster broeit de wynbrau
Oer 't each, dat swart weiskûlet yn 'e holte,
En mei d' oprôle fûsten slachst dy tsjin
De holle, gleon fan haat, dy boarst fan leed.
Him sjocht syn heit, de stoere preester, oan, -
Meilijich net - nee, om dy lippen leit
| |
| |
In grime laits - en út dy eagen slacht
In frjemde lôge, frjemd as 't ierdefjoer,
Dat soms 't Rea-klif útspijt ta 'n foargespins.
‘Dat is de Kristne skuld, myn soan’, sa grânzet
Er him yn 't ear, ‘dyn lot is lyk as Fryslâns:
Us heechste lok wurdt ús fan harren nomd,
Us frijdom knoeid, ús âlde timpels skeind,
Us goaden delkeild en har skatten roofd.
Sa wurdt dyn folk tetrape fan 'e frjemden,
En, datst it leed, dat ús de siele snijt,
Meifiele soest, as wie 't dyn eigen, sjoch,
Sa ha hja dy dyn grutste skat ûntnomd:
De faam, dy 't libben fan dyn libben wie.
Hy het sa lang, de grize preester, ljuente
Om Hilda's hert, hy hat dy teare holle
Sa yn syn reach fan leagens fyn bespûn,
Dat d'earme faam har libne feint op ierde
Ferlit foar him, dy't yn 'e loften wennet
En stoar oan 't krûs - in wûndre ruil foarwis!
No bliuwste hjir, en fan dyn leafde bleau
Neat oer as haat, haat tsjin de frjemden...
O lokkich, lokkich foar ús folk dy haat!
Tank, Warns, foar dizze kostbre jefte, tank!
Tank, Tonger, hammerkeiler, readburd, tank!
Tank, Forsete, do wachter fan it rjocht!
Bewarje hoask dy grutte skat, myn soan!
De nije God naam dy dyn âlde wei,
Mar d' âlde Goaden joegen dy in nijen;
Dyn leafde het de nije dy ûntstellen;
Fan d' âlden krigesto de haat yn 't plak.
O nim him oan; swar wrake oan 't Frankne reau.’
De feint stekt no de krolle holle omheech
En 't ljochte hier falt op 'e brede skouders
Oannimlik del. Mar as er hommels rimpen
| |
| |
De holle skoddet, wiuw' hja hinne en wer
En waaie 'm om 'e nekke, allyk de moannen
Fan 't gysten hynzer, dat nei 't slachfjild sil.
‘Ik nim de nije jefte tankber oan’,
Sa ropt er. ‘Preester fan 'e haat sil 'k wêze
En rjochter tagelyk - ja, boal as 't moat.
Hja sizze: ús Goaden binne kâld en dea;
Hawar, sa jitte wy se libben yn
Mei Kristne- en Franknebloed. Dat sil har troanjes
Reafallich meitsje, en as de lêste Kristen
Syn lêste sike lit, sil 't stiennen byld
Fan Warns delspringe fan 'e tsjerkemuorre
En sil er selme yn grize mantel rûngean
Oer 't Fryske lân en iivge jonkheid leit
Him op 'e wangen, read fan Kristnebloed.
Dan bringt er frede. No jit rydt syn hynzer
Him troch de loften, ivich rêstleas waaie
Syn winen troch ús libben; wrake, wrake
Is 't wachtwurd, dat er rûze lit oer d' ierd.’
‘Dy wurden joech dy Braga yn, myn soan’,
Sprekt d' âlde en oer syn hurde troanje spilet
In sêfter ljocht, as hy de kroeze lokken
Gol streaket en mei nju syn soan oansjocht.
‘Wol is it leed in ûnk foar swakke sielen,
Mar foar de sterken is 't in lok, in krêft.
Nin smid kin better harnas smeie, as 't leed
Smeit om 'e skouders fan 'e stoere helt.
't Gewoane lok fan alledeiske sielen
Is no foar dy foarby; nin fammeboarst
Sil no tsjin dines ea har wite weagen
Gean litte; swiete himeldrank sil nea
Foar dy fan sêfte poarperlippen floeie;
Nin freonskip sil in plak fine yn dyn hert,
Want alle plak is ynnomd fan 'e haat.
Kâld wurdt dyn siele yn haat; swart wurdt dyn bloed,
Griis wurdt dyn hier en grien dyn each fan haat,
En eltse sike is in flok tsjin d' útman.
| |
| |
Dy sil it poarper fan 'e dage net
Fan libben sprekke, mar fan bloed en dea,
En eltse jûn, as yn 'e gleone wolken
De reade sinne lôgjend ûndergiet,
Skriuwt Warns dy oan 'e loft yn reade runen:
“Myn bea is bloed; myn heechste wet is wraak.”
De wetten fan it goed en kwea dy't jilde
Foar oare minskebern, binn' no foar dy
Net skreaun, as 't Kristnen jildt.
Salang de Frank hjir strúnt is leagen frij,
't Ferried in oarber wapen. Wurdt it ljocht
Fan Balder útdoofd, kom dan, nacht,
En lear ús Loke's keunst - wy tsjinje leaver
Us âlde divel as har nije God.’
En dêrmei sjocht de heit syn soan yn 't each -
Hoe skrillet dizze; want dy gleone loaits
Glydt as in wjerljocht yn syn siele del,
Wêr 't moaiste Godsbyld yn tegrúzle leit.
Hoe wurdt dy siele - in skeinde tsjerke allyk -
Hoe gril ferljochte fan dy felle striel!
No sjocht er hommels, hoe't dy iene slach
Al 't bouwurk fan syn keine fantasije
Delkeild het en elts blomke, dat der bloeide,
Leit ûnder 't stikne muorwurk wreed tepletter.
|
|