Samle fersen (= Verzamelde gedichten)
(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermdIDjip, djip yn 'e see is it wetterpaleis
Fan Walja, de seekeninginne;
De seewiven komme 'r en sjonge eltse reis
Fan in lân fol fan fieling en minne.
Hja sjong' fan 'e sinne, dy't weidûkt yn 't wiet,
Fan 'e moanne en 'e stjerren it leaflikste liet.
Hja sjong' fan 'e seeman, dy't swalket, fier wei
Oer de see, mids troch stoarm en gefaren;
Dêr harket de seeprinses Minja dan nei,
In faam, blank as 't brûs op 'e baren.
En sjong' hja fan laitsjende, boartsjende bern,
Dan kriget hja langstme om dy wûnders te sjen.
| |
[pagina 270]
| |
- ‘O mem, lit my gean, wêr't it sulveren ljocht
Fan 't moantsje sa blinkt op 'e weagen,
Wêr in leger fan stjerren yn 't wetter delsjocht,
Klear en fjurkjend as blierkjende eagen;
Lit my tsjen nei it strân, wêr dat berneguod djoeit,
Lit my driuwe nei 't lân, wêr dat sinneljocht gloeit.
De minske wol 'k sjen mei de fieling yn 't each
En de libbene siele yn it herte;
Wy habbe gjin siele en ús ivich blau each
Het gjin triennen foar wille en foar smerte.
Wêrom is ús herte sa kâld as in stien?
Myn libben wol 'k jaan foar ien inkelde trien!’
- ‘O bern, wês dochs bliid mei de lokkige rêst
Hjir ûnder yn 't rêstleaze wetter;
In fielende siele jout oars net as lêst;
In hert lyk as uzes is better.
Faak hoopje om 'e nocht - machtleas stribje nei God -
Heech wolle en leech bliuwe - dat is 't minskene lot.’
- ‘O, lokkich de minske yn dy ivige drang,
Dy 'm jimmer omhegens wol tille;
O, sillich dy siele yn syn wurd, yn syn sang,
Dy siele yn syn leed en syn wille.
Dy godlike minsken, o mem, wol ik sjen;
Toe, lit my hjir wei nei dat wûnderlân tsjen!’
- ‘Nee bern, 't kin net wurde; do witst it te goed:
Hjir ûnder, hjir ûnder moatst bliuwe.
Ik soe dy bewarje tsjin ûnk en tsjin noed;
Do moast al dy dreamen ferdriuwe.
Do biste de seekening Skolper syn faam;
Sis, woest net, myn fanke, dat hy mar wer kaam?’
- ‘Hear Skolper is kâld’, sei it minlike bern,
‘En wiffer fan sin as de weagen;
Me kin yn syn wêzen de fieling net sjen,
| |
[pagina 271]
| |
Gjin lôge, gjin leafde yn syn eagen.
O, lokkich de minske mei fieling yn 't hert;
In minske kin 'k leavje - in oar leavje 'k net!’
Doe skodde frou Walja it glinstrige hier
En de seewiven krieten en âlen;
Hja glûpten ferheard yn 'e wâlden fan wier,
Wylst de weagen fan kjeltme n't mear rôlen.
In eangjende stiltme krong troch yn 'e see,
In tsjustere fieling fan oanboazjend wee!
| |
IIDe jûntwjirkes boartsje oer it dreamende djip
En 't westen stiet lôgjend te gloeien;
Leit dêr op it wetter in poarperen skip?
Of is it in roas ûnder 't bloeien?
De wyn hellet oan, aait it blinkende wiet,
En de baren, ûntwekke, sjong' brûzend har liet.
Dat heart de jongfeint, dy dêr mimert oan 't strân,
In feint, kant as d' yp yn 'e wâlden;
Hy draacht ûnferskillich de harp yn 'e hân,
Dy't wend is, it spyltúch te hâlden.
Hy fierket oer 't wetter, as socht er dêr eat,
Hy digert swiersettich, as fûn er dêr neat.
Dan taast er yn 't spylark: in wâljende klang
Rûst skolperjend rûn yn 'e snaren;
Dat heart earst sa leaflik by d' ivige sang,
't Ienteanige liet fan 'e baren.
Mar 't spyljen wurdt wyld as de hjerstwyn, dy giert
Troch 't iepene wâld en dan sjongt er syn liet:
De himel het syn ivich ljocht,
Mar tsjuster is myn hert;
Nei trouwe leafde hab ik socht -
Ik fûn, ik fûn se net.
| |
[pagina 272]
| |
Rju kroeze baren het de see,
Dy boartsje as berntsjes om;
Rju blide dreamen hie myn hert -
Hja binn' ferwaaid ta skom.
Moai bloeit it fjild mei blom by blom
En 't ljurkje sjongt der blij;
Myn hert is kâld, myn hert is stom;
Nin blomke bloeit foar my.
Myn hert is stom, myn hert is kâld -
O, sis my, djippe see,
Do wide, wylde wûndre wrâld:
Wêr fyn ik leafde en free? -
Sa song er - dêr driuwt op it brûzende wiid
In faam, as de moanne sa blinkend;
Mei sniewite boarsten en ljochtglânzich hier,
Mei útsprate earmen him winkend.
De krollige weachjes spatte op by har lea -
Hy stoarret ferwêzen; sa'n faam seach er nea.
Hja dûkt as in wetterblom op út it skom
En wiggelt as waaiende reiden,
En driuwkelt, as dodde hja wei yn 'e slom,
En laket as 't famke ûnder 't meiden;
Har bringe de baren al tichter oan 't strân;
Dêr bliuwt hja en sjongt hja en wiuwt mei de hân:
Minske mei dyn leavjend herte,
Kom doch harren, hjir is rêst;
Kom en 'k sil dy wolkom hjitte:
Alle smerten, alle lêst,
Silsto oan myn hert ferjitte.
O, de see is sa djip en sa koel en sa sûn,
En sa wyt is de grûn,
En ús hûs is sa klear as it wetter;
| |
[pagina 273]
| |
Is 't lân dy ûnrom,
Ferlit it; o kom,
Hjirûnder, hjirûnder is 't better!
Minske mei dyn leavjend herte,
Kom doch harren, hjir is rêst;
Kom en 'k sil dy wolkom hjitte:
Alle smerten, alle lêst,
Silsto oan myn hert ferjitte.
Yn 'e tunen, dy't pronkje om myn âlderlik hûs,
Bloeit blomt by de rûs
En dy glinsterje as goud en juwielen;
't Is lij yn it wiet;
It seewive-liet
Riist leaflik út tûznen fan kielen.
Minske mei dyn leavjend herte,
Kom doch harren, hjir is rêst;
Kom en 'k sil dy wolkom hjitte:
Alle smerten, alle lêst,
Silsto oan myn hert ferjitte.
Al swypkje stoarmen it brûs oer de see,
Dêrûnder is free;
Gjin ûnwaar, gjin kjeld sil ús lette.
Dêr bisto by my
Sa sûn en sa blij -
Dêr triuw ik dy djip oan myn herte!
Hja swijt en in wûndere krêft driuwt him oan;
Hy sil yn 'e wâljende weagen;
Mar de himel belûkt en it byld is ferstoarn,
En de see spjaltet op foar syn eagen;
Mei tongerlûd boldert de byljende see:
‘Dat 's Skolper syn breid; wee, ûnlokkige, wee!’
| |
IIIHear Skolper, de kening fan 't wâljende wiet,
Waard ba fan it doarmjen allinne;
| |
[pagina 274]
| |
Hy tocht oan twa lippen, sa roazige swiet,
Oan twa eagen, sa blier as de sinne.
Hy teach op in moarntiid nei Walja 'n-har ta
Oan 't haad fan syn feinten - syn breid woe er ha.
- ‘Mar fanke, wat steane dyn eagen dochs flau;
Wat binne dyn wangen beklonken!
Sis, hieste sa'n langstme? hiest twiivle oan myn trou,
En wie dy de moed al ûntsonken?
Stek op no dyn holtsje, sa blank en sa prûs -
No nim ik dy mei nei myn keninklik hûs.’
It fanke, ferwêzen, sloech d' eagen foardel:
It leed woe har 't herte tebrekke;
Dêr nei're frou Walja; har each fjurke fel:
- ‘Sis, koeste gjin wolkomstwurd sprekke?
Hear Skolper, och nim it myn famke net kwea,
By jo wurdt har troanje wer glânzich en rea.’
- ‘Kom Minja’, sa spriek er, ‘'t wurdt feest yn 'e see,
Mearminnen sill' blier foar ús sjonge;
Hja makken de kostlikste trouklean al ree,
Mei pearels en barnstien behongen;
De frjemdste anemoanen sil bloeie yn it hier
Fan myn keninginne - o, laitsje ris blier!
Hark, hark yn 'e fierte dat wûndre muzyk:
Us trousang, op seehoarnen spile.
It lokket sa leaflik dy mei nei myn ryk,
Dêr nea net nin blomke ferwile;
Wêr d' ivige simmer sa myld jin omaait
En 't ljocht alle blommen mei goudglâns oerklaait.
Dêr wit ik in herntsje yn myn sulveren hûs,
Wat sil 't dêr smout sitte tegearre!
De skreau fan 'e seemiuw en 't stoarmegerûs,
Me kin se op dat plakje net hearre.
Dêr bring ik dy hinne as myn triljende breid;
Dêr wurdste myn wiif; witste, faam, wat dat seit?’
| |
[pagina 275]
| |
Mei slacht er it fanke syn earm om 'e mul -
Hja folget, de dead op 'e wangen.
De seefroulju slagge har 't kleed om 'e lea
En reauntsje har lokjende sangen.
't Muzyk strûst foaroan. - Wêr de breidsljuwe gean,
Dêr bliuwe de seemeunsters drôgjende stean.
| |
IVDe wolken oan 't swurk jachtsje yn skoftige feart,
As wiene s' in kloft skrille miuwen,
Of skimmen, opjage út it ryk fan 'e dead
Troch 't kwea, dat hja ienkear bedreauwen.
Near boldert de seewyn yn 't holst fan 'e nacht;
Gjin frede is op ierde, oan 'e himel gjin ljacht.
Oan see stiet de sjonger; gjin rêst het er hân,
Sûnt Minja him rôp oan har herte;
Hy doarme al dy tiden ferwêzen oan 't strân:
- ‘O, faam, wannear sil 'k dy wer mette?’ -
De wyn keilde yn 't wetter dat kleiende wurd,
De see heinde 't op, wâle 'r skatt'rjend mei fuort.
Dochs driuwkle, as seach er yn 't tsjuster har net,
De faam mank de skolprige weagen;
Har mûle stie stom en fol langst wie har hert,
Om him, om him sochten har eagen.
En as hja dy kleiende frage fernaam,
Bliid read waard har troanje; har ûnrêst bekaam.
- ‘En bin ik al kepp'le oan in meunster, sa kâld
As de weagen, dy't kâld my omspiele,
Do bliuwste myn nocht en do biste myn hâld,
Do minske, do godlike siele;
Dyn ynwaarme leafde, foar ien amerij,
Is mear as it ivige libben foar my.
O, mocht ik mar komme oan dat lokkige strân,
Dan soe ek myn fieling ûntweitsje;
'k Soe gean troch de fjilden mei dy hân yn hân,
| |
[pagina 276]
| |
Mei dy libje, skrieme en laitsje;
As waard ek myn libben fol 't swierste fertriet,
'k Joech dêrfoar al 't lok fan dit sielleaze wiet.’
Sa suchtet de faam, wylst hja swijende driuwt
Nei de brâning, net fier fan 'e sjonger -
En dan, as de wjerljocht it wolkeflues kliuwt,
Mids it rôljend gegrom fan 'e tonger -
Dêr sjocht er it byld wer - hoe wyt en bestoarn!
Mar glimkjende en wiuwende stoarret se 'm oan.
Hy stoarmet yn see en hy wrakselt tsjin 't wiet,
Eltse weage is in daam om te kearen;
Mar hy brekt him in paad, wylst it ljuentsjende liet
Fan Minja him reauntet yn d' earen.
En hoe't eltse baar him ek dwersdriuwe mei,
Hy wrakselt foarút en komt neier en nei.
Mar tsjuster is 't - grûnleaze nacht om har ta:
Hoe siikje, hoe fine s' elkoarren?
‘Wêr biste?’ ropt hy, en ‘wêr biste?’, ropt hja,
‘Hâld moed, o myn leafste, kom harren!’
Dat stipet him wol; mar it waar boazet oan,
En hol bromt de see: ‘foar de wille... ferstoarn.’
Mar nee - efkes brekke de wolken - it ljocht
Fan 'e moanne falt bleek op 'e weagen.
In skreau fan 'e faam - is it eangstme, is it nocht? -
Hja fynt him; hy iepent jit d' eagen.
Hja tilt him omheech - efkes sjocht er har oan -
Mûle klibbet op mûle - - dan is er ferstoarn.
Wat himelske fieling kriget hja troch de lea!
Wat hillige freze yn har herte!
Wat rûst yn har om: is 't in sang, is 't in bea?
Wat in djippe, wat sillige smerte!
De siele, dy pas oan de minske ûntteach,
Dy amme fan God bringt har triennen yn 't each...
| |
[pagina 277]
| |
VFoar it bern fan 'e see is gjin ein, is gjin dea;
Syn lot, lyk as 't brûzen der weagen,
Is ivich itselde - - mar bart it ris ea,
Dat in trien him opwâlet yn d' eagen,
Dan ferwurdt er ta damp - mei dy inkelde trien
Is it bern fan 'e see yn 'e loften fergien...
|
|