Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [Wulfran, de wize prester, dy woe] Wulfran, de wize prester, dy woe Radbod, de rouwe kening, wol riede, Dat er him foar syn dea jit doopje soe: Oars soed er, sei er, yn 't helske fjoer briede, Wat in bekearde net oerkomme koe. 't Doopfet waard set yn 'e tsjerke fan Heechwâlde; Mar as de kening der syn rjochterskonk yn hie, Frege er oan Wulfran: ‘Sis, wêr binne d' âlde Keningen komd, dêr myn folk ûnder wie? Binn' s' yn 'e himel, dêr de doopten yn binne, Of is de hel foar dy heidens allinne?’ Wulfran, de wize, spriek doe de wurden: ‘Leech yn 'e lôge, dêr 't net is te hurden, Barne yn 'e hel foar ivich dyn heit Mei alle heidens.’ - Radbod dy seit: ‘Leaver mei rike kenings omleech, As mei dyn skobbige Kristnen omheech. Wêr dat myn heit heart, dêr hear ik ek.’ - Dêrmei loek Radbod syn rjochterskonk tebek. Vorige Volgende