Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 269] [p. 269] aant. Trouwe leafde ‘Lit fersinke, fersinke dyn leed, myn bern, Yn 'e see, yn 'e djippe see!’ In stien bliuwt lizzen omleech op 'e grûn; Mar jimmer omheech komt myn wee. ‘Brek dan ôf, myn ynleaf bern, De leafde, dyst draachst yn it hert!’ Brekt men blommen ôf, dy ferwylje gau: Trouwe leafde ferwilet net. ‘O dy trou, dy trou, dat 's mar in wurd; Lit it mei de wyn fergean!’ O mem, al teskuort ek in rots yn 'e wyn, Myn trou bliuwt ivich stean. Vorige Volgende