Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende De sjonger Ik seach de leeljes bloeien en ek de heideblom: De gealtsjes yn 'e wâlden, dy songen maitiids rom. Doe bloeide ek myn herte wer op út winternacht, En hjitte my te sjongen fan maitiids blommepracht. Earst songen ik en 't gealtsje tegearre tagelyk: Doe fleach hja wei en wjukle omheech nei 't himelryk. Hja wjukle nei de himel en diigre oer stêd en lân, En fleach nei nije blommen oer seè, nei 't suderstrân. Ik seach dat oan, ferbûke, en rôp: ‘Hui suster, hâld!’ - Dêr stie 'k en song allinne - allinne yn 't giele wâld. Ik hab alhiel gjin wjukken; oars fleach ik jerne mei, Oars fleach ik mei nei 't suden, dy oare fûgels nei. No kom ik ta myselme: myn lân leit wyld en bleat. Hoe kaam it, dat 'k yn maaie sa sleau myn wurk fergeat? En hoe sil 't no by 't winter, as wreed de Noarman waait? O, Ien sil foar my soargje: Hy dy de leeljes klaait! Vorige Volgende