Widzesang
Sliep, myn ienichst berntsje, slomje!
Swiete sangen sjong ik dy.
Lytse boi, dy wol ik romje:
Soan en heit bisto fan my.
Tûzenkear sille ús lofsangen rûze,
Tûzenkear foar dy, myn kûze.
Sliep, moai berntsje, sliep dan efkes
Yn it bedsje, dêrst yn leist.
'k Sprate it sels fan hea sa sêftkes,
Datst der swiet yn rêste meist.
Tûzenkear sille ús lofsangen rûze,
Tûzenkear foar dy, myn kûze.
Slomje dan, myn kroane en wille,
Wylst wy foar dy minge sille
Molke en swiete hunich d'ryn.
Tûzenkear sille ús lofsangen rûze,
Tûzenkear foar dy, myn kûze.
Sels sa swiet as hunich biste,
Ta myn wille op ierde kaam;
Libben fan myn libben biste,
Tûzenkear sille ús lofsangen rûze,
Tûzenkear foar dy, myn kûze.
Al watst wolst, kom ik tefoaren,
Do, myn herte feestgerûs,
Gouden sang fan himels koaren,
Fluiteklang en harpgesûs.
Tûzenkear sille ús lofsangen rûze,
Tûzenkear foar dy, myn kûze.
Neat silst brek ha: roazen wyn ik,
Sweltsjeblommen troch it hea;
Leeljes, hyacinthen byn ik
| |
Tûzenkear sille ús lofsangen rûze,
Tûzenkear foar dy, myn kûze.
Wolst muzyk, de skepers komme,
Spylje dy har moaiste liet.
Wat muzyk waard ea sa romme?
Nimmen spile as hja sa swiet.
Tûzenkear sille ús lofsangen rûze,
Tûzenkear foar dy, myn kûze.
|
|