Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Fan Jezus' berte In bern is berne yn Bethlehem; Hoe fleurich is Jerusalem! Al kaam er yn in stâl te wrâld, Dochs duorret ivich syn bewâld. De keningen, út Saba wei, Hja tôgje 'm goud en wiereek mei. Hy is fan d' âlde sonde frij En dochs fan flesk en bloed as wy. Hy makket leafst in minske allyk Oan God en Him yn 't himelryk. Op dizze blide bertedei, Lofsjong de Hear, wa 't barre mei! Vorige Volgende