Samle fersen (= Verzamelde gedichten)
(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 266]
| |
Lyk as oan 'e kleare loften
't Bliere sintsje glânzgje kin,
Sa tsjin memme wite boarsten
Leit dat lytse himelbern.
Like suver is it skynsel,
Dat oer beide hinne glydt,
As de dauwe yn 't roazeherte,
Sweltsjeblom mei leeljewyt.
Wat in triuwkes tusken beide,
Leafdepylkjes oer en wer,
Rynsk as blomkes yn 'e greide,
Yn 'e himel stjer by stjer.
O, dat fan dy leafdepylkjes,
Bern fol swiete himelnocht,
Dysto stjoerst yn 't memmeherte,
Ien myn herte reitsje mocht!
|
|