Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Adventliet Hark, hoe't de kleare stimme sprekt, Dy troch de tsjusternisse brekt: Slach op út jimme slomme 't each, De Kristus daget fan omheech. Weits op, do siele, wurch en dea, Besmodze en oantaast fan it kwea; In leaflik ljocht, in nije dei Nimt al dyn lijen fan dy wei. It is in skuldferjouwend Laam Dat foar dy út 'e himel kaam; O, lit ús stammerje yn ús smert: Genede foar ús sondich hert! Dat, komt de Heare hommels del, As d' ierde skrillet skrousk en kjel, Hy ús net straffe nei it rjocht; Mar yn Syn wisse hoede tsjocht. Vorige Volgende