Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende De wynharp Kensto de wynharp? Hest him sjongen heard, As simmertwjirkes sêft de snaren aaiden, As roazesangen oer de fjilden waaiden En himelnocht opwjukle út syn hert? Hoe leaflik myld, sa swiet as hunichdau, Dripte yn dyn siel dy sang fol keine wille! Dyn siele sweve omheech nei 't himelblau; Hja hearde d' ingels - en hja harke en skrille. Fan heger libben as 't gekreau op ierd', Fan hege, oersilge wille spriek dat liet. Kensto de wynharp? Hest him gûlen heard, As hjerstwyn bile en mei syn grutte baren Oanstoarmjen kaam op dizze fine snaren En reuze-akkoarden oprôp út syn hert? Hy geide 't út: in kleiend near gekreau Yn 't teare spylark. Wat in see fan lijen Wâle yn syn liet, skril as it moardgeskreau Fan 't miuwefolk, dat oer de hege tijen Yn swermen fljocht, as bolderjend de dea De weagen oanropt: bring ûnk en wea! Kenstou de wynharp? - Finer spylark jit Is my bekend: it is it dichtersherte! Dat sjongt fan nocht, dat geit it út fan smerte, Al nei't it libben troch syn snaren giet. Soms, as Gods amme troch dy snaren rûst, [pagina 265] [p. 265] aant. Hearst himelnju yn oargelmelodijen; As Satans kloer der wreed oerhinne strûst, Hja giere 't út fan flymjend hellelijen. Earst as de Dea syn treastwurd ‘frede!’ sprekt, Dan swijt de sang - en 't teare spylwurk brekt. Vorige Volgende