Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende Nei wierheid siikje Nei wierheid siikje is grif in eabel stribjen, Mar wa't it dwaan wol, wês yn wierheid frij; Him moat nin praat fan minsken skele kinne, Hy siikje net by ien leare of partij. Dy't wierheid siikje wol, hat net te reizgjen Nei 'n hege berch, beskûle yn 't tsjustre wâld; Hja is as 't stofgoud, út 'e bergen weispield, Dat leit yn kerltsjes oer de hiele wrâld. [pagina 264] [p. 264] aant. Nei wierheid siikje! Ivich rêstleas stribjen Fan 't minskeherte; doarnich stiennepaad, Wêrop de wurge reizger hoartend rûntaast, Fan dommens útgniisd, oangraud fan 'e haat. En dan as lean: in hânfol lytse kerltsjes...? Nee, mear as dat: dy striid sels is ús lean; Hy is it lok fan eltse frije siele - Nei wierheid siikje is: stride of fergean! Vorige Volgende