Samle fersen (= Verzamelde gedichten)
(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 262]
| |
Wêr út tûzen heldre kieltsjes
Fleurich 't liet fan 't libben klonk,
Wêr op tûzen blide blommen
Gleon it felle deiljocht blonk,
Sjonge no de koele twjirkes
Mylder, frjemder melodij,
Set it lêste poarper libben
Oan it wiete blomte by.
‘Frede!’ - rûst it oer de fjilden;
‘Leafde!’ - andert de natoer;
‘Iivge wille!’ - brûst it wetter -
Leafde wâlet d' ierde oer...
Foar it finster yn 'e skimer
Sit it keine jonge pear;
Sêfte swiete wurden reauntet
Hy syn bliere breid yn 't ear.
Stoarjend nei de donkergriene
Beammen foar it finsterrút,
Driuwend yn in see fan tinzen,
Sjocht it fanke drôgjend út.
Oer de fjilden blinkt de blauwe
Fiere fierte frjemd har oan -
Yn it beamt begjint te sjongen
Sêft de geal, dy simmersoan...
Fiere blauwe fierte! takomst,
Fol fan libbens lok en ûnk;
Bliere trouwe fûgel! sjonger
Fan it liet fan 't eigen honk;
Kleare himel, bleke moanne,
Friske jûnwyn, blinkend blomt -
Minlik famke, sis, wat sikest
Yn dy eineleaze romt?
| |
[pagina 263]
| |
Sjocht dy fiere blauwe fierte
Dy ek frjemd en freegjend oan,
Klear en dúdlik praat fan leafde
Dy de geal, dy simmersoan.
Wat de takomst dy ek jouwe,
Silge nocht of djip fertriet,
Hark, dy fûgel fan 'e leafde
Sjongt dy trou syn minneliet.
As in lofsang op 'e skepping,
Ivich âld en ivich nij,
By dyn lok en yn dyn lijen,
Bliuwt dat liet dy jimmer by.
't Sjongt dy 't leaflik fammeherte
Fol fan goudne sinneskyn;
Klibers bûnte dreamen kringe,
Boartsje en djoeie blier dêryn.
En hy lústert sêfte wurden
Dy, syn siele en sin, yn 't ear -
Leafde wâlet rûn oer d' ierde...
Libje lang, o lokkich pear!
|
|