| |
| |
| |
| |
De striid om it heechste
Is der in God of is der net in God?...
Ik hab it antwurd frege fan 'e blommen
Op 't griene fjild; it blomke bûgde 't holke
En liet de swietste swietrook waaie -
Ik hab it frege oan 't hege beamt yn 't wâld,
Dat stoer de stege holle omhegens stiek...
In stoarmwyn kaam; de grutste krune sonk
En 't hiele wâld rôp skriljend út fan ja!
Ik hab it oan 'e bliere weachjes frege,
Dy djoeiend boarten yn 'e wylde mar...
Hja leien sêft har del - it brûs waard wei
Yn 't lizich gers, dat oer de mar him bûgde -
En yn 'e stiltme spriek myn hert Gods namme.
De hege loften hab ik skruten frege
Te nacht, wylst d' ierde yn 't swarte tsjuster lei.
Heech boppe toer en tsjerke stie de himel,
De stjerren pronken mei ûnlykbre glâns
En ingels saaiden yn 'e lichte del...
Ek yn myn siele, dy Gods lûd ferstie.
Ik hab it frege oan 't wylde tsjustre hert,
Fertiisd yn 't ûnk, dat jamk omhegens wjukle,
En jamk wer sonk yn djipten fan ellinde;
En 't wie, as hearde 'k yn dat hert in stimme,
Dy spriek: mids leed en lijen is dyn God!
En dochs jit twivelje ik!
En 'k freegje jit mei triennen:
As der in hege God bestiet,
Dy alles kin, dy alles wit,
Waans earm de sterkste is fan al,
Dy grut is sûnder mjitte of tal,
Dy't yn dizze ierdske jammersteat
| |
| |
Syn eigen krêft en geast besleat -
Hoe kin er dan de hearskippije
Fan 't sondich stof jit langer lije? -
Wêrta dat striden sûnder ein?
Wêrta Gods geast yn boeiems slein?
Fan 't bern fan in folmakke God?
Want is 't net einleas wreed en hurd
Dat hjir de siele finzen wurdt
En ivich langjend nei omhegens,
Dochs ivich trutsen wurdt omlegens?
Ik seach my selme ta de grûn,
En al myn krêft hie my bejûn.
Myn frije siele seach ik ek,
En 'k skrille fan har lot tebek.
'k Seach, wat ik woe - en wat ik koe,
En 'k wist net, hoe dat komme soe,
En wyl 'k sa mei my selme kreaude,
Untfoel m' al wat ik earen leaude.
Doe doarme 'k heal ferwêzen rûn:
Ik seach my sûnder wyt en grûn,
Ik twiivle oan 't goede en oan it kwea
En wie my selme libben-dea.
Ik griisde fan 'e minskewrâld
En fûn him hol en leech en kâld...
Allinne yn mannich sillige oere
Fûn 'k frede yn 't skôgjen fan Natoere.
Wat faak de wrâld it leechste leit:
De rêst fan 't fjild, d' ienfâldichheid
Fan 't earme folk, dat draaft en swit
En fan nin sielelijen wit,
De blide berneboarterij -
Dêr fûn ik soms wer wille by;
En as de blide ljurken songen
Waard faak dit wylde hert betwongen.
| |
| |
Mar mids yn 't kringen fan 'e wrâld
Untfoel my dan wer alle hâld;
Yn 't wyld gejei nei jild en ear
Fûn ik dy hege God net mear.
Dêr trape it laitsjend leagenskaai
Syn wurk tepletter; ja, 'k wie faai,
Hie 'k tusken goed en kwea te kiezen,
't Sels ek tsjin d' ierde te ferliezen.
'k Seach yn 'e fâlden fan Gods klean
De kladden fan 'e satan stean;
'k Seach, hoe't syn eigen tsjinner fel
Syn leare húnde en trape del;
Ik seach dêrnjonken mei in laits
Fan spyt en spot en leedfermeits
Wrâldminske, fij fan earnstich tinken,
My ta syn kâlde leare winken.
‘Do minskedier!’ rôp hy my ta,
‘Woesto part oan 'e himel ha?
Do stof en jitris stof, sa leech
As 't kin, woesto fan d' ierde omheech?
Wat jout dat grutske stribjen dy?
Do bliuwst doch like min as wy!
Kom, wol der net sa swier oer tille,
Mar priuw mei ús fan alle wille!
Ferdjer dochs net dyn blide jeugd
Mei stymjen oer gewisse en deugd!
Och, pinigje dy sels net mear:
Dyn deugd is neat as moadelear,
No jit yn swang, mar ringen wei!’ -
Soms harke 't kweade yn my dêrnei,
Mar 'k wie him jit gjin foetstap folge,
As 't hert wie my fan leed trochdolge.
O, wa beskriuwt dat djippe leed?
Hoe, God, hoe wiene Jo sa wreed,
Myn siel, Jo berntsje te ferjitten,
Sa oan 'e Satan oer te litten?...
| |
| |
Wêrta dy siele yn boeiems slein?
Wêrta dat fallen sûnder ein?
Wêrta Jo eigen ljocht sa dove?...
God, ik sink wei yn 't ûngelove!
As berntsjes bidde, hâldt de himel
De siken yn; dan fleane twa wite dowen
Mei klappende wjukslach omhegens,
Wylst sulverljocht leit op har fearren...
Dêr berntsjes bidde is frede -
As berntsjes bidde, swije oan Gods troan
De sangen fan d' ingels, en triennen
Skrieme de blommen fan nocht...
As berntsjes bidde, bûcht him
Dêr berntsjes bidde, swevet
Dêr falt de godleugener del op 'e knibbels
En fynt yn syn siele syn God...
Wêr berntsjes bidde is frede!...
Ik kin net libje sûnder God,
In help en treast yn 't swartste lot,
In Heit, dy, as my d' ierde ûntsinkt,
Mei blide himelloaits my winkt;
Ien dy't my taropt, dei oan dei,
Dat 'k oan syn herte rêste mei.
Mar hoe't ik rôp mei hiel myn hert,
Dy hege Heit, jit fûn 'k him net;
Myn djipste sucht, myn hjitste bea,
Fûn 't ear fan God jit kâld en dea.
En wjukt myn siele ta him op,
Del falt hja, triljend, wurch en slop.
| |
| |
En dochs, ik kin net sûnder Him!
My is 't, as hearde 'k soms Syn stim
Yn 't steatlik rûzen fan 'e nacht,
As blonk Syn each yn stjerrepracht
My fan 'e blauwe nachtloft ta...
O God, o Heit, binn' Jo it, ja? -
Yn djippe kolken driuw ik om:
Myn each stiet kâld, myn mûle is stom,
Myn siele is wjuklaam, swak myn hân,
Wei is myn tinken, myn ferstân,
En komt de Hear my net benei,
Dan sink ik yn 'e draaikolk wei!
It ljurkje, dat de dage wachtet,
Leit plat-út yn 'e greppel del,
Wylst him it tsjuster kâld omnachtet.
It lytse hertsje slacht sa fel
En het sa'n langstme nei de sinne;
Want hy, it berntsje fan it ljacht,
Hy kin net oer de wiete nacht,
Dy't grousum spoeket om him hinne.
Sa lis ik wachtsjend del tsjin d' ierde
Mei djippe freze en brutsen siel.
Wol, God, de tsjokke wolken skiede
Mei Jo golgoudne leafdestriel!
Ik kin myn leed net langer drage,
As 'k net Jo leafde fiele kin...
Lit my Jo mylde troanje sjen...
Riis op, o God! - kom, bliere dage!
|
|