Samle fersen (= Verzamelde gedichten)(1981)–Pieter Jelles Troelstra– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende De deade blom Yn 'e fryske fjilden, Tusken 't jonge grien, Het in kein fioeltsje Blier te bloeien stien. Fammehannen plôken 't, Stjoerden 't oan har freon - Sjoch, hy het it trienjend Oan syn lippen treaun. ‘'k Sil dy hoask bewarje, Blom, sa tear en fyn’. Sei er, en hy treau it By syn tsjerkboek yn. 't Grien fan 't fjild ferwile; Blommen foelen ôf... Doe't de hjerstwyn bile Briek de feint syn trou. [pagina 256] [p. 256] En wylst dat hy smakke D' iidle wrâldske nocht, Het men 't earme fanke Stil nei 't tsjerkhôf brocht... Jierren stauwen hinne; Mar dat wylde hert, Wêr 't ek socht en swalke, Rêste fûn it net. Ienkear blêde 'r drôgjend Yn syn tsjerkboek om - - Hin! dêr lei fergetten, Jit dy deade blom. Mei har skiere kleuren Seach 't him droevich oan: ‘Hiesto my fergetten?’... Hy waard wyt bestoarn. ‘Do lietst lizze yn 't tsjuster 't Bern fan sinneskyn; Mar bin 'k stoarn, dyn hert is Ek gjin libben yn. Mei myn bliere kleuren Moast dyn nocht fergean: Dêr nin trouwe wennet, Kin nin lok bestean!’ En in swurd fan smerte Snijde 'm troch 't gemoed - Hy teplett're 't blomke Skriemend mei de foet. Vorige Volgende